Reinder Spriensma: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L st
LNo edit summary
Rigel 3: Rigel 3:


== Ferset ==
== Ferset ==
Reinder Spriensma wie bouboer yn [[Oerterp]] en aktyf yn it ferset. Hy die mei oan it fanút syn grifformeard leauwensoertsjoeging. Hy wie belutsen by de [[Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers]] (de L.O.). Reinder wie ien fan de oprjochters fan LO-[[Opsterlân]].(?)
Reinder Spriensma wie bouboer yn [[Oerterp]] en aktyf yn it ferset. Hy die mei oan it ferset út syn grifformeard leauwensoertsjoeging wei. Hy waard behelle yn de [[Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers]] (de L.O.). Reinder wie ien fan de oprjochters fan LO-[[Opsterlân]].(?)


== Arrestaasje en konsintraasjekamp ==
== Arrestaasje en konsintraasjekamp ==
Op 9 augustus [[1944]] waard er oanholden troch de Dútsers fanwegen it ferskûljen fan twa [[Joaden|Joadske]] [[ûnderdûkers]] op syn pleats. De trije waarden nei [[Grins (stêd)|Grins]] brocht, dêr't Reinder troch de [[Sicherheitsdienst|SD]] ûnderfrege waard yn it beruchte [[Scholtenhûs]], dêr't it haadkertier fan de SD en de [[Gestapo]] yn Noard-Nederlân siet. Om de arrestanten oan de praat tekrijen oer harren kontakten mei de yllegaliteit waarden se slim mishannele en [[Tramtaasje|tramtearre]]. Reinder joech lykwols gjin krimp.
Op 9 augustus [[1944]] waard er oanholden troch de Dútsers fanwegen it ferskûljen fan twa [[Joaden|Joadske]] [[ûnderdûkers]] op syn pleats. De trije waarden nei [[Grins (stêd)|Grins]] brocht, dêr't Reinder troch de [[Sicherheitsdienst|SD]] ûnderfrege waard yn it beruchte [[Scholtenhûs]], dêr't it haadkertier fan de SD en de [[Gestapo]] yn Noard-Nederlân siet. Om de arrestanten oan 'e praat te krijen oer harren kontakten mei de yllegaliteit waarden se slim mishannele en [[Tramtaasje|tramtearre]]. Reinder joech lykwols gjin krimp.


It arrestearre Joadske pear dr. Abraham Simeon Jacobson (1879-1944), KNO-dokter, en Rosa Granaat (1888-1944), lid fan de famylje [[Jacobson]], is op 3 septimber 1944 nei [[Auschwitz (konsintraasjekamp)|Auschwitz]] deportearre en dêr fuortendaliks op 6 septimber fergast.
It arrestearre Joadske pear dr. Abraham Simeon Jacobson (1879-1944), KNO-dokter, en Rosa Granaat (1888-1944), lid fan de famylje [[Jacobson]], is op 3 septimber 1944 nei [[Auschwitz (konsintraasjekamp)|Auschwitz]] deportearre en dêr fuortendaliks op 6 septimber fergast.


Spriensma waard fêstset yn it [[Hûs fan Bewar]] yn Grins. Op 21 augustus 1944 waard er oerbrocht nei it konsintraasjekamp [[Kamp Vught]] yn [[Noard-Brabân]]. Lang hat er dêr net west. Na [[Mâle Tiisdei]], 5 septimber 1944, waard de oare dei it kamp al ûntromme. De froulju waarden nei it frouljuskamp [[Ravensbrück]] brocht. De manlju, ek Reinder, waarden dy dei mei de trein op transport set nei [[Oranienburg (konsintraasjekamp)|Oranienburg]]. Hy moast oan 't wurk yn kamp [[Sachsenhausen (konsintraasjekamp)|Sachsenhausen]] bij [[Berlyn]]. Begjin jannewaris 1945 krige er in swiere longûntstekking. Dy waard him fataal. Syn stoflik omskot is kremearre yn it kamp. Reinder Spriensma wie doe 26 jier. Hy liet in jonge húshâlding mei twa lytse bern efter; syn foru wie die swier fan harren tredde.
Spriensma waard fêstset yn it [[Hûs fan Bewar]] yn Grins. Op 21 augustus 1944 waard er oerbrocht nei it konsintraasjekamp [[Kamp Vught]] yn [[Noard-Brabân]]. Lang hat er dêr net west. Na [[Mâle Tiisdei]], 5 septimber 1944, waard de oare dei it kamp al ûntromme. De froulju waarden nei it frouljuskamp [[Ravensbrück]] brocht. De manlju, ek Reinder, waarden dy dei mei de trein op transport set nei [[Oranienburg (konsintraasjekamp)|Oranienburg]]. Hy moast oan 't wurk yn kamp [[Sachsenhausen (konsintraasjekamp)|Sachsenhausen]] bij [[Berlyn]]. Begjin jannewaris 1945 krige er in swiere longûntstekking. Dy waard him fataal. Syn stoflik omskot is kremearre yn it kamp. Reinder Spriensma wie doe 26 jier. Hy liet in jonge húshâlding mei twa lytse bern efter; syn frou wie swier fan harren tredde.


Reinder Spriensma waard postúm it [[Fersetsbetinkingskrús]] (VHK) takend.
Reinder Spriensma waard postúm it [[Fersetsbetinkingskrús]] (VHK) takend.

De ferzje fan 2 jan 2022 om 09.30

Reinder Spriensma

Reinder Spriensma (Oerterp, 8 juny 1916 - Sachsenhausen, 30 jannewaris 1945) wie in Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Ferset

Reinder Spriensma wie bouboer yn Oerterp en aktyf yn it ferset. Hy die mei oan it ferset út syn grifformeard leauwensoertsjoeging wei. Hy waard behelle yn de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (de L.O.). Reinder wie ien fan de oprjochters fan LO-Opsterlân.(?)

Arrestaasje en konsintraasjekamp

Op 9 augustus 1944 waard er oanholden troch de Dútsers fanwegen it ferskûljen fan twa Joadske ûnderdûkers op syn pleats. De trije waarden nei Grins brocht, dêr't Reinder troch de SD ûnderfrege waard yn it beruchte Scholtenhûs, dêr't it haadkertier fan de SD en de Gestapo yn Noard-Nederlân siet. Om de arrestanten oan 'e praat te krijen oer harren kontakten mei de yllegaliteit waarden se slim mishannele en tramtearre. Reinder joech lykwols gjin krimp.

It arrestearre Joadske pear dr. Abraham Simeon Jacobson (1879-1944), KNO-dokter, en Rosa Granaat (1888-1944), lid fan de famylje Jacobson, is op 3 septimber 1944 nei Auschwitz deportearre en dêr fuortendaliks op 6 septimber fergast.

Spriensma waard fêstset yn it Hûs fan Bewar yn Grins. Op 21 augustus 1944 waard er oerbrocht nei it konsintraasjekamp Kamp Vught yn Noard-Brabân. Lang hat er dêr net west. Na Mâle Tiisdei, 5 septimber 1944, waard de oare dei it kamp al ûntromme. De froulju waarden nei it frouljuskamp Ravensbrück brocht. De manlju, ek Reinder, waarden dy dei mei de trein op transport set nei Oranienburg. Hy moast oan 't wurk yn kamp Sachsenhausen bij Berlyn. Begjin jannewaris 1945 krige er in swiere longûntstekking. Dy waard him fataal. Syn stoflik omskot is kremearre yn it kamp. Reinder Spriensma wie doe 26 jier. Hy liet in jonge húshâlding mei twa lytse bern efter; syn frou wie swier fan harren tredde.

Reinder Spriensma waard postúm it Fersetsbetinkingskrús (VHK) takend.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: