Boppekruier: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Rigel 10: Rigel 10:
[[File:Schermerhorn - Poldermolen O vanuit het zuiden.jpg|thumb|250px|''Poldermûne by Schermerhorn (binnenkruier)]]
[[File:Schermerhorn - Poldermolen O vanuit het zuiden.jpg|thumb|250px|''Poldermûne by Schermerhorn (binnenkruier)]]
[[File:Molen De Hoop 18-07-2019 (06).jpg|thumb|250px|''Nôtmûne de Hoop yn Garderen'']]
[[File:Molen De Hoop 18-07-2019 (06).jpg|thumb|250px|''Nôtmûne de Hoop yn Garderen'']]
Oarpronklik waarden boppekruiers as [[binnenkruier]]s boud, dat wol sizze dat it kruien (it draaien fan it wjukkenkrús nei de wyn) yn de kape fan de mûne barde. Binnenkruiers binne fan bûten al gau te werkennen, om't dy gjin sturt nedich hawwe. Om't it kruien yn de kape plakfynt, hawwe binnenkruiers in grutte kape, wêrtrocht't de mûne in wat lomp oansjen kriget. Tsjintwurdich wurde de measte binnenkruiers yn it [[Noard-Hollân]]ske polderlânskip oantroffen. Letter ûntstiene stadichoan de [[bûtenkruier]]s, sadat de mounders net mear nei de souder fan de mûne hoegden te klimmen om it wjukkenkrús nei de wyn te setten. By in bûtenkruiers wurdt it wjukkenkrús bûten nei de wyn set. De mounder kin it kruirêd dus fanôf de grûn (of stelling) betsjinje. Nei boppe ta binne de bûtenkruiers slanker fan oansjen yn ferlikening mei de binnenkruiers.
Oarspronklik waarden boppekruiers as [[binnenkruier]]s boud, dat wol sizze dat it kruien (it draaien fan it wjukkenkrús nei de wyn) yn de kape fan de mûne barde. Binnenkruiers binne fan bûten al gau te werkennen, om't dy gjin sturt nedich hawwe. Om't it kruien yn de kape plakfynt, hawwe binnenkruiers in grutte kape, wêrtrocht't de mûne in wat lomp oansjen kriget. Tsjintwurdich wurde de measte binnenkruiers yn it [[Noard-Hollân]]ske polderlânskip oantroffen. Letter ûntstiene stadichoan de [[bûtenkruier]]s, sadat de mounders net mear nei de souder fan de mûne hoegden te klimmen om it wjukkenkrús nei de wyn te setten. By in bûtenkruiers wurdt it wjukkenkrús bûten nei de wyn set. De mounder kin it kruirêd dus fanôf de grûn (of stelling) betsjinje. Nei boppe ta binne de bûtenkruiers slanker fan oansjen yn ferlikening mei de binnenkruiers.

Mûnen mei in [[wynroas]] kruie harren sels. As it waait soarget de wynroas der foar dat de kape nei de wyn set wurdt. In mûne mei in wynroas komt yn Nederlân hast net foar, mar bûten Nederlân komt it type faker foar. Tichteby Fryslân stiet yn [[Nijefean]] [[De Sterrenberg]], in mûne mei in wynroas dy't oarspronklik yn [[East-Fryslân]] stie en ferhûze nei Nijefean. Lykas by de binnenkruier hat in selskruier gjin sturt nedich.


Mûnen mei in [[wynroas]] kruie harren sels. As it waait soarget de wynroas der foar dat de kape nei de wyn set wurdt. In mûne mei in wynroas komt yn Nederlân hast net foar, mar bûten Nederlân komt it type faker foar. Tichteby Fryslân stiet yn [[Nijefean]] [[De Sterrenberg]], in mûne mei in wynroas dy't oarspronklik yn [[East-Fryslân]] stie en ferhûze nei Nijefean. Lykas by de binnenkruier hat in selskruier gjin sturt nedich.
== Boufoarm ==
== Boufoarm ==
Yn de útfiering binne der ferskillende soarten boppekruiers:
Yn de útfiering binne der ferskillende soarten boppekruiers:

De ferzje fan 1 jan 2022 om 13.09

Houtseager De Rôt, Drylts
Mûne fan Rolde (bult- en nôtmûne)

In boppekruier is in wynmûne, wêrfan't it wjukkenkrús nei de wyn kruid wurde kin troch de kape fan de mûne yn beweging te setten. Mei help fan it kruirêd oan de sturtbalke kin de mounder de kape oer in rolring (of in oar type kruiwurk) op de romp nei de goede wynrjochting draaie.

Untwikkeling

Sûnt 1600 ferfong de boppekruier stadichoan âldere mûnetypes lykas de standermûne. De boppekruier wie súksesfol en minder gefoelich as de standermûne foar omwaaien by stoarm. Nederlân krige yn dy tiid namme fanwegen de mûneboukunde en ek tsjintwurdich wurdt de boppekruier yn Dútslân noch jimmeroan Holländermühle neamd.

Binnen- en bûtenkruiers

Kruiwurk fan De Hoop, Oldebroek
Poldermûne by Schermerhorn (binnenkruier)
Nôtmûne de Hoop yn Garderen

Oarspronklik waarden boppekruiers as binnenkruiers boud, dat wol sizze dat it kruien (it draaien fan it wjukkenkrús nei de wyn) yn de kape fan de mûne barde. Binnenkruiers binne fan bûten al gau te werkennen, om't dy gjin sturt nedich hawwe. Om't it kruien yn de kape plakfynt, hawwe binnenkruiers in grutte kape, wêrtrocht't de mûne in wat lomp oansjen kriget. Tsjintwurdich wurde de measte binnenkruiers yn it Noard-Hollânske polderlânskip oantroffen. Letter ûntstiene stadichoan de bûtenkruiers, sadat de mounders net mear nei de souder fan de mûne hoegden te klimmen om it wjukkenkrús nei de wyn te setten. By in bûtenkruiers wurdt it wjukkenkrús bûten nei de wyn set. De mounder kin it kruirêd dus fanôf de grûn (of stelling) betsjinje. Nei boppe ta binne de bûtenkruiers slanker fan oansjen yn ferlikening mei de binnenkruiers.

Mûnen mei in wynroas kruie harren sels. As it waait soarget de wynroas der foar dat de kape nei de wyn set wurdt. In mûne mei in wynroas komt yn Nederlân hast net foar, mar bûten Nederlân komt it type faker foar. Tichteby Fryslân stiet yn Nijefean De Sterrenberg, in mûne mei in wynroas dy't oarspronklik yn East-Fryslân stie en ferhûze nei Nijefean. Lykas by de binnenkruier hat in selskruier gjin sturt nedich.

Boufoarm

Yn de útfiering binne der ferskillende soarten boppekruiers:

  • De muonts of grûnsiler wurdt fanôf de grûn betsjinne. De wjukken draaie reitsje krekt de grûn net oan by it draaien. Om't de muonts mar in bytsje opslachromte hat, kin de mûne allinne as poldermûne ynset wurde. Muontsen wurde oantroffen op it plattelân. Yn Fryslân binne de muontsen achthoekich en fan hout, mar yn oare provinsjes komme grûnsilers ek yn rûne, stiennen foarmen foar.
  • In stellingmûne is in hege mûne mei in stelling. De stelling is it plak dêr't de mûne betsjinne wurdt. De stellingmûne kin in achtkanter wêze, mar ek rûn. Rûne stellingmûnen binne altiten fan stien.
  • In achtkantmûne is in mûne mei in houten achtkant, al is der ek in foarbyld fan in achtkanter dy't hielendal fan stien is (de Nooit Gedacht yn Woudrichem).[1] De achtkanter kin in stellingmûne, mar likegoed in muonts wêze. Njonken achtkanters binne der ek seiskanters of, noch seldsumer, tolvekanters. Yn Horn (Limburch) stiet sels in sechtjinkanter.[2]
  • De bultmûne is yn 'e regel in nôtmûne dy't op in faak keunstmjittige bulte stiet. Yn 'e regel is sa'n bulte om en de by 4 meter heech. Troch de bulte rint in paad, wêroer't de weinen de mûne ynride kinne om te laden en lossen. In bultmûne dy't op in tige hege bult stiet is De Korenbloem en it Noard-Brabânske Ulvenhout.[3] De bultmûne wurdt yn it easten en suden fan Nederlân oantroffen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: