Oerfal op it Hûs fan Bewar (Ljouwert): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
taalfoutsjes derúthelle
No edit summary
Rigel 85: Rigel 85:


==Literatuer==
==Literatuer==
*――, ''"Bevrijding", 8 December 1944: Herinneringsalbum van de "Overval" op de Strafgevangenis'', Ljouwert, 1946 (Prov. Lieding f.d. Fryske K.P.), gjin ISBN.
*{{Aut|Heijde, H. van der}}, ''Onversneden Helden Bestaan Niet'', yn: ''Leovardia'', nr. 10, Ljouwert, maart 2003.
*{{Aut|Heijde, H. van der}}, ''Onversneden Helden Bestaan Niet'', yn: ''Leovardia'', nr. 10, Ljouwert, maart 2003.
*{{Aut|Huisman, Kerst}}, ''Duitsers Waren na Overval Bang voor Echte Opstand in Friesland'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 3 desimber 1994.
*{{Aut|Huisman, Kerst}}, ''Duitsers Waren na Overval Bang voor Echte Opstand in Friesland'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 3 desimber 1994.

De ferzje fan 25 des 2021 om 13.44

De Blokhúspoarte yn Ljouwert.

De oerfal op it Hûs fan Bewar yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert wie in bûtengewoan súksesfolle operaasje fan it Fryske ferset yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Dêrby waarden op 8 desimber 1944, sûnder dat der in skot lost waard, 51 fersetslju befrijd út harren sellen yn 'e Ljouwerter Blokhúspoarte. Under harren wie plysjeman Jurjen Dreeuws, dy't in protte wist fan de Fryske ûndergrûnse, sadat de Dútsers it ferset in swiere slach tabringe kinnen hiene as se him oan 'e praat krije kinnen hiene. De lieding fan 'e oerfal wie yn 'e hannen fan Piet Oberman, de foaroanman fan 'e Knokploech (KP) yn Fryslân. It wie ien fan 'e spektakulêrste finzenisûntsnappings yn 'e skiednis en in hichtepunt út 'e Nederlânske besettingstiid. Yn 1962 waard dit barren ferfilme ûnder de titel De Overval.

Finzenisútbraken yn 'e besettingstiid

Under de besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldoarloch waard troch it ferset ferskate kearen besocht om troch de nazys oppakte fersetsstriders te befrijen. Dat soarte aksjes wie tige gefaarlik, mei't de finzenissen yn beset Nederlân strang bewekke waarden en it tige dreech wie om der yn te kommen, lit stean om der wer út te slagjen. Dy omtinkens holden it ferset lykwols net tsjin. Sa waard der yn Amsterdam yn 1944 ferskate kearen besocht om it Hûs fan Bewar oan 'e Wjitteringskâns te oerfallen. Mar dat krewearjen wie om 'e nocht, en feroarsake direkt of yndirekt de dea fan ferskate foaroansteande fersetslju, wêrûnder Gerrit Jan van der Veen en Johannes Post. Der wiene ûnder de besetting mar twa súksesfolle oerfallen op Dútske finzenissen yn Nederlân. De iene fûn op 11 juny 1944 yn Arnhim plak, doe't it slagge om mear as 50 finzenen te befrijen út it Hûs fan Bewar dêre. De oare súksesfolle aksje waard yn desimber fan datselde jier yn Ljouwert útfierd.

It Hûs fan Bewar

It Hûs fan Bewar yn Ljouwert, better bekend as de Blokhúspoarte, is in gebou dat yn 'e sechstjinde iuw set waard en dat al yn 1580 as tichthûs yn gebrûk wie. Fan 1875 ôf wie it yn twa parten ferdield en tsjinne it as hûs fan bewar en as bysûndere straffinzenis. Under de Twadde Wrâldoarloch wiene de oppakte fersetslju en oare politike finzenen yn it hûs fan bewar fêstset, wylst 'gewoane' kriminelen yn 'e bysûndere straffinzenis sieten. De sipiers wiene allegear Nederlanners, en de lieding fan 'e Blokhúspoarte wie yn 'e hannen fan 'e Nederlânske adjunkt-direkteur Vos. (De direkteur, Jansen, siet sels finzen yn Kamp Amersfoart, om't er net mei de Dútsers gearwurkje woe.) Behalven troch de sipiers sels waard tagong ta de Blokhúspoarte ek dreech makke troch de hege muorre en de grêft dy't om it gebou hinne rûnen. Fierders lei hast lyk foar de Blokhúspoarte oer om 'e hoeke oan 'e Emmakade it haadkantoar fan 'e Lânwacht.

Iere plannen fan it ferset

Begjin oktober 1944 krige Piet Oberman (dy't de skûlnamme 'Piet Kramer' brûkte), as lieder fan 'e Knokploech (KP) yn Fryslân fan 'e gewestlike kommandant fan 'e Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften (NBS) de opdracht om in oerfal op en de befrijing fan finzenen út 'e Blokhúspoarte ta te rieden. Op dat stuit sieten dêr noch gjin fersetslju fêst, mar it ferset hie der lucht fan krigen dat de Dútsers fan doel wiene om dy dêr yn 'e takomst wol op te sluten. It wie dus de baas om alfêst plannen te meitsjen.

Piet Oberman.

Oberman skeakele de help fan KP-er Eppie Bultsma yn, dy't kunde hie oan immen dy't yn it Hûs fan Bewar wurke. Oan dyjinge frege er oft der ek sipiers mei fersetssympatyen wiene. Dat bliek yndie it gefal te wêzen, en nei't der hoeden kontakt mei harren opnommen wie, joegen fjouwer sipiers har by it ferset. Fan harren krige de KP in list mei alle finzenen, it wurkroaster fan it finzenispersoniel en ferskate plattegrûnen fan it gebou. Fia deselde mannen koene ek temûk boadskippen trochjûn wurde oan beskate finzenen.

It earste plan dat Oberman-en-dy betochten, wie om ferfalske kaaien te meitsjen fan alle doarren fan it tichthûs. De fjouwer sipiers makken nachts ôfdrukken fan 'e kaaien yn waaks, en oan 'e hân dêrfan waarden letter duplikaten produsearre. It naam mear as in moanne yn beslach om dit plan ta útfier te bringen, mei't by in test troch de fjouwer sipiers bliken die dat guon ferfalskings net goed genôch wiene, sadat de doarren der net mei ûntsletten wurde koene. Doe't lang om let alle kaaien op 'e byhearrende slotten pasten, rûn alles dochs noch mis, om't de finzenislieding by wize fan fierdere befeiliging opdracht joech en barrikadearje de iennichste bûtendoar fan 'e Blokhúspoarte nachts mei in swiere houtene balke. Oan 'e ferfalske kaaien hienen se doe sa goed as neat mear.

De tiid begjint te driuwen

It fiasko mei de ferfalske kaaien wie in slimme tebeksetter foar de KP. Dat net allinnich, mar heal novimber waarden seis foaroansteande Fryske fersetslju oppakt, ûnder wa Klaas Leijenaar en de Ljouwerter ynspekteur fan plysje Jurjen Dreeuws. Dy lêste hie in liedingjaande funksje yn it Fryske ferset, en besiet sadwaande in protte kennis oer organisaasje en minsken. De Sicherheitsdienst (SD) fermoede dat, en sadwaande waard Dreeuws yn finzenskip lange tiid en fûleindich tramtearre. As er mei pine brutsen waard, koed er de Dútsers ynformaasje jaan dêr't se in grut diel fan it Fryske ferset mei oprôlje koene.

In nij plan

In nij plan om 'e Blokhúspoarte binnen te kringen, kaam fan 'e Ljouwerter plysjeman Gatze Spoelstra. Dy stelde foar dat twa fersetsstriders har foardwaan soene as plysjes dy't in trijetal nije finzenen nei it tichthûs brochten. Sadree't se binnenlitten waarden, soene dy fiif de doarwachters oermasterje en mear fersetslju binnenlitte. It probleem wie lykwols, dat der foar dit plan in ynslutingsbefel bemachtige wurde moast, want sûnder sa'n befelskrift soene de doarwachters net iependwaan. Ynslutingsbefellen wiene nûmere en waarden op it haadburo fan 'e plysje strang bewekke. Dochs slagge it Spoelstra om ien mei te gaudievjen, dat troch ferfalskers fan it ferset yn detail neimakke waard. Tagelyk moast dat ferfalskjen lykwols sa fluch mooglik barre, want Spoelstra moast it stellen befel gau wer weromlizze, foar't opfoel dat der in nûmer ûntbriek.

In folgjende swierrichheid wie dat der fan it plysjeburo earst tillefoanysk kontakt mei it Hûs fan Bewar opnommen waard, ear't der arrestanten dy kant útstjoerd waarden. Dêrnei waard fan it Hûs fan Bewar weromskille nei it plysjeburo om dat nochris te kontrolearjen. It wie fan grut belang om 'e tillefoanlijnen te behearskjen. It ferset koe dat omdat in oantal PTT'ers meiwurke. Fierders moast ek yn 't foar betocht wurde hokker finzenen oft út it Hûs fan Bewar befrijd wurde moasten. Der waarden tsjin dy tiid rom twahûndert man fêstholden, en foar sa'n oantal wiene lang net genôch ûnderdûkadressen beskikber. De Fryske KP stelde sadwaande yn oerlis mei û.o. de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers en it Nasjonaal Stipe Fûns in list op mei 39 nammen fan fersetslju dy't 'tefolle wisten' en dy't dêrom rêden wurde moasten.

De oerfal

Foar de oerfal op it Hûs fan Bewar waard de datum fan 8 desimber 1944 útkeazen. Op 'e middei fan dy dei kamen de leden fan 'e KP dy't de oerfal útfiere soene, gear yn 'e bakkerij fan fersetsman Taco van der Veen, oan 'e Eastergrêftswâl, deunby de Blokhúspoarte. Om 13.00 oere begûnen dêre de ynstruksjes. Om 17.35 oere skille Willemse dêrwei de Blokhúspoarte op om te melden dat de plysje trije swarthannelers nei it tichthûs bringe soe. Hoewol't dy melding fan 'e finzenis út kontrolearre wurde moatten hie mei in beäntwurdzjend tillefoantsje nei it plysjeburo, barde dat net.

De oerfal soe dien wurde troch njoggentjin KP-ers. Seis oaren, ûnder lieding fan Gerard Reeskamp (skûlnamme: Harry) stienen yn it hoekpân fan 'e Easterkade en de Dimpte Keizersgrêft, skean foar de Blokhúspoarte oer, ree foar it gefal dat der ferlet wêze soe fan wapene rêchdekking om 'e oerfallers en befrijde finzenen in feilige ôftocht te bieden. Dy seis mannen hiene dêrfoar de beskikking oer masinegewearen en hângranaten. It wie lykwols de bedoeling dat dêrfan inkeld gebrûk makke wurde soe yn in needsitewaasje.

De beide plysjes mei de trije arrestearre swarhannelers stiene om 17.45 oere by it Hûs fan Bewar op 'e stoepe. Dy fiif wiene Oberman sels, ûnderdûkte plysjeman Joop Willemse, en KP-ers Christiaan Hofing (skûlnammen: Arie en Riemer), Willem Stegenga (skûlnamme Wim Boersma) en Jelle Visser (skûlnamme: Jelle). Willemse, dy't troch syn eardere wurk wist wat er sizze moast, fierde it wurd en toande it bewiis fan ynsluting. De doarwachter hie gjin euvelmoed en liet it fiiftal deryn. Ienris binnen oermasteren de fiif sûnder altefolle muoite de doarwachter en de yn dat diel fan it gebou oanwêzige sipiers. Mei de kaaien fan 'e doarwachter waard dêrnei de doar fannijs iepene foar de fjirtjin oare dielnimmers oan 'e oerfal.

Neitiid waard de administrateur fan it Hûs fan Bewar ûnder bedriging fan in fjoerwapen twongen en skilje nei de Bysûndere Straffinzenis yn it oare diel fan it gebou, mei de opdracht en bring de finzenen Dreeuws en Leijenaar nei it Hûs fan Bewar foar in nije ûnderfreging. Dy beide mannen wiene nammentlik oars as de oare oppakte fersetslju yn 'e straffinzenis opsletten, en dit wie iennichste manear om se dêrwei te krijen sûnder dat de hiele Blokhúspoarte yn ûnstjoer brocht waard. Wylst wachte waard op 'e sipiers dy't Dreeuws en Leijenaar bringe soene, giene de KP-ers oan 'e gong mei it befrijen fan 'e oare finzenen op harren list. De oermastere sipiers waarden twongen om dêrby te helpen, en neitiid waarden se yn ien fan 'e frijkommen sellen opsletten. De befrijde finzenen waarden nei de hal fan it Hûs fan Bewar brocht, dêr't se fan Oberman ynstruksjes krigen oer wat der oan 'e hân wie, en wat der fan harren ferwachte waard foar in goede ôfrin fan 'e operaasje.

Wylst it de oerfallers ynbarnde, namen de sipiers fan 'e Bysûndere Straffinzenis de tiid om Dreeuws en Leijenaar te bringen. Dat wie foar in part te witen oan 'e beide finzenen sels, dy't mienden dat se fannijs martele wurde soene, en dêrom sa lang mooglik talmen. De Nederlânske sipiers lieten har datoangeande gewurde. Doe't se lang om let, ta grutte ferromming fan alle dielnimmers oan 'e oerfal, yn it Hûs fan Bewar arrivearren, waarden de sipiers sûnder in protte muoite oerweldige en by harren kollega's yn 'e sel treaun, wylst Dreeuws en Leijenaar gau-gau nei de oare befrijden yn 'e hal begelaat waarden.

It liek allegear te gean dat it slydjage, doe't der by de haadyngong oanbelle waard troch in pear SD-ers, dy't kamen om trije echte arrestanten te bringen. Dêrop briek der eefkes panyk út ûnder de oerfallers en befrijde finzenen, mar dêr lei Oberman fluch it near op. Hy liet de befrijden nei in sydkeamer bringe, iepene de doar, en liet de SD-ers deryn. Ienris yn 'e hal murken de folslein oer it mad kommen Dútsers dat der ferskate stenguns op harren rjochte wiene, en doe joegen se har flot oer. Se moasten harren unifoarmen útdwaan, dy't foar it ferset in moai ynstruierke foarmen dat foar takomstige operaasjes fan pas komme koe, en waarden dêrnei yn har ûnderguod yn in sel treaun.

Jurjen Dreeuws yn 1935.

De trije arrestanten dy't troch de SD-ers brocht wiene, blieken ûnderdûkers te wêzen, en hoewol't se net op 'e list stiene, koene Oberman-en-dy harren fansels net bêst dochs noch yn in sel stopje. Ek ferskate oare finzenen dy't net op 'e list stiene, wiene út 'e sel helle, dat it úteinlike tal befrijden kaam op persiis fyftich man. Dêr kaam noch ien by, de sipier Tiemersma, dy't in protte wurk dien hie foar it ferset. Om't it foar de Dútsers dochs wol dúdlik wêze soe dat de oerfallers help fan binnenút hân hiene, waard, troch Tiemersma ek mei te nimmen, alle skuld op him laden. Sa koene de oare trije by it ferset behelle sipiers trochgean mei har wurk.

De befrijde finzenen waarden, om net altefolle op te fallen, yn lytse ploechjes nei bûten ta litten. Dêr waarden de measten fan harren der op eigen manneboet op útstjoerd. Se moasten har neitiid melde op ûnderskate plakken yn Ljouwert, dêr't se opwachte waarden troch leden fan 'e NBS. By wize fan wachtwurd moasten se dan freegje: "Witte jo ek hoe let oft it is?" It antwurd op dy fraach wie dan: "Heech tiid dat wy op hûs oan geane." As beide partijen ienris op dy wize identifisearre wiene, waard de befrijde finzene nei in ûnderdûkadres ta brocht. Dit diel fan 'e operaasje ferrûn sûnder wryt of slyt, en alle ûntsnapten kamen feilich op harren bestimming oan. Om 18.35 oere, minder as in oere nei it begjin fan 'e oerfal, ferlieten de lêste KP-ers de Blokhúspoarte, wêrnei't de seis leden fan 'e bewekkingsploech har ôfjoegen út it hoekpân oare kant de strjitte. By de hiele operaasje wie gjin skot lost.

Dielnimmers

  • Piet Oberman
  • Willem Stegenga
  • Egbert Bultsma
  • Jacob Abels
  • Jan Barendsma
  • Sijmon Cuiper
  • Hans Deinum
  • Christiaan Hofing
  • Goffe Hoogsteen
  • Johannes Kolf
  • Willem Lieuwe Leistra
  • Gerrit Jan Niesing
  • Gerben Oppewal
  • Hepke Paauw
  • Jantinus Pieters
  • Gerard Reeskamp
  • Henk Rijpkema
  • Ernst Hendricus Rob
  • Pieter Marinus Schuddeboom
  • Pieter Jan Stavast
  • Taco van der Veen
  • Jan Gerardus Visser
  • Jelle Visser
  • Johannes Theodorus Anthonius Willemse
  • Alle Ytsma
  • Tjitze van ’t Zet

Reäksje fan 'e Dútsers

Tsien minuten letter, om 18.45 oere, ûntdieken de Dútsers wat der bard wie. Sa gau't dat mooglik wie, sleaten se hiel Ljouwert hermetysk fan 'e bûtenwrâld ôf, wêrnei't se deselde jûns noch en teffens op sneon 9 desimber ferskate razzia's holden. Dêrby waarden ferskate lju oppakt, mar nimmen fan 'e dielnimmers oan 'e oerfal of de befrijde finzenen. Inkeld Klaas Leijenaar waard letter wer arrestearre troch de SD, mar hy hie doe in ferfalske persoansbewiis by him en men koe him net werom as ien fan 'e befrijde finzenen. Dat stelde him by steat en oerlibje sels yn Dútske finzenskip de oarloch. Fan 'e dielnimmers oan 'e oerfal waard KP-er Johannes Kolf (skûlnamme: Jodocus) op 29 jannewaris 1945 op syn ûnderdûkadres deasketten troch in SD-er, en Johannes Nieuwland wie op 11 april fan dat jier ien fan 'e trettjin slachtoffers fan 'e saneamde Dronryp-represaille. Datselde gou foar Mark Wierda, dy't sydlings by de oerfal belutsen west hie troch it meitsjen fan plattegrûnen, en foar Sybrandus van Dam, in lid fan 'e 'ôffierploech' dy't de befrijde finzenen nei harren ûnderdûkadressen late.

Foar de oerfal sels naam de Dútske besettingsmacht yn Fryslân lykwols gjin represaillemaatregels, nettsjinsteande it feit dat de SD yn Grins dêr wol sterk op oankrong. Wat de reden foar dy lankmoedichheid west hat, is nea alhiel dúdlik wurden. It ferset gie derfan út dat it oan 'e geweldleazens fan 'e oerfal lei, mar dat liket twifelich om't de Dútsers yn ferlykbere gefallen by geweldleaze fersetsdieden wol deeglik op gewelddiedige wize reägearren. Histoarikus Loe de Jong skreau yn syn Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog dat de Dútske Ortskommandant fan Ljouwert, Reine Biehle, nei de oerfal in brief fan NBS-kommandant Arie Meijer krige dêr't yn stie dat er oanmurken wurde soe foar oarlochsmisdiediger as der represailles kamen. Oare skiedkundigen wiisden der letter lykwols op dat Biehle yn 'e praktyk net oer sokke saken gie, om't de wiere macht yn Fryslân yn 'e hannen west hawwe soe fan SS-Hauptsturmführer Wilhelm Artur Albrecht.

Se wol wol hawwe dat dy Albrecht ôfsjoen hawwe soe fan represaillemaatregels foar de oerfal om't er benaud wie foar in algemiene wapene opstân yn Fryslân. It wie bekend dat it Fryske ferset oer grutte foarrieden wapens beskikte dy't hjir troch de Alliëarden dropt wiene. Fierders wie it ferset yn Fryslân goed organisearre en boppedat hiene de Dútsers ûntsach foar de Friezen as in Germaansk folk, dat sels oer de Nederlânske lânsgrinzen in reputaasje foar koppichheid en ûnfersetlikheid hie. As dy teory op wierheid berêst, dan wie Albrecht yn alle gefallen op 22 jannewaris 1945 al wer wat fan 'e skrik bekommen, want doe liet er yn Dokkum tweintich manlju eksekutearje as represaille foar de oerfal op in Dútsk finzenetransport. (Albrecht sels soe mei dêrtroch as lêste Dútske oarlochsmisdiediger op 21 maart 1952 op 'e Waalsdoarperflakte einigje foar in Nederlânsk fjoerpeloton.)

Tinkteken

Op 8 desimber 2011 waard oan 'e muorre fan 'e eardere bakkerij fan Taco van der Veen oan 'e Eastergrêftswâl 33 yn Ljouwert in plakette ûnbleate. Dat gebou wie it begjinpunt fan 'e oerfal op 'e Blokhúspoarte, en it tinkteken wol de oantins dêroan yn libben hâlde.

Ferfilming

De Wikipedy hat ek in side De Overval (film).

Yn 1962 waard oer de oerfal op 'e Blokhúspoarte film makke mei as titel De Overval, wêrfan't de rezjy yn 'e hannen wie fan 'e Ingelsman Paul Rotha en it senario skreaun waard troch histoarikus Loe de Jong. Yn 'e haadrollen wiene û.o. Rob de Vries te sjen as Piet Oberman, Kees Brusse as Jurjen Dreeuws en Piet Römer as Eppie Bultsma. Yn Nederlân wie De Overval in grut súkses, en loek er mear as in miljoen bioskoopbesikers. Ek yn it bûtenlân waard er posityf ûntfongen.

Literatuer

  • Heijde, H. van der, Onversneden Helden Bestaan Niet, yn: Leovardia, nr. 10, Ljouwert, maart 2003.
  • Huisman, Kerst, Duitsers Waren na Overval Bang voor Echte Opstand in Friesland, yn: de Ljouwerter Krante, 3 desimber 1994.
  • Jong, Loe de, De Overval, Amsterdam, 1962 (Querido), gjin ISBN.
  • Jong, Loe de, Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog Deel 10: Het Laatste Jaar, De Haach, 1969 (Steatsútjouwerij), gjin ISBN.
  • Leidermeijer, R., "Misschien Wel voor het Laatst", yn: it Frysk Deiblêd, 9 desimber 2004.
  • Liempt, A. van, De Drogist: Hoe een Verzetsheld na de Oorlog in Ongenade Viel, Amsterdam, 2013 (Balans), ISBN 978-9 46 00 36 330.
  • Walle, H. de, De Mannen van de Overval, Dokkum, 2019 (Wijdemeer), ISBN 978-9 49 20 52 599.
  • Wijbenga, P., Bezettingstijd in Friesland III, blz. 129: de gevangeniskraak, Leeuwarden, 1978 (De Tille), ISBN 90 70 01 06 4X.
  • Wijnsma, A.J., De Kraak. De overval op de Leeuwarder strafgevangenis 8 december 1944, Franeker, 1985 (Wever), ISBN 90 61 35 39 55.
  • Redaksje, Bevrijding. 8 december 1944. Herinnerings-album door de Friese oud-K.P.ers opgedragen aan Jodocus (De overval op de Leeuwarder Strafgevangenis), Leeuwarden, 1945.
  • ――, De Overval te Leeuwarden: Commissaris Dreeuws ("Inspecteur Bakker") Doet Spannend Verhaal over Groots Werk, yn: it Nieuwsblad van het Noorden, 7 jannewaris 1963.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: