Suëtoanius: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: cy:Suetonius
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Anders: no:Sveton
Rigel 63: Rigel 63:
[[lt:Gajus Svetonijus Trankvilas]]
[[lt:Gajus Svetonijus Trankvilas]]
[[nl:Gaius Suetonius Tranquillus]]
[[nl:Gaius Suetonius Tranquillus]]
[[no:Gaius Suetonius Tranquillus]]
[[no:Sveton]]
[[pl:Swetoniusz]]
[[pl:Swetoniusz]]
[[pt:Suetónio]]
[[pt:Suetónio]]

De ferzje fan 25 okt 2007 om 08.54

Suetonius, folút: Gaius Suetonius Tranquillus, (69/70 – 140) wie in Romeinske skriuwer en skiedkundige. Hy wurdt wol beskôge as Romes grutste biograaf út de keizerstiid. Yn syn wurken skriuwt Suetonius oer it libben fan de keizers en hy hie derby in protte oandacht foar persoanlike bysûnderheden. Troch lettere skriuwers is er in soad nijfolge.

Libben

Suetonius waard berne om-ende-by 70 n. Kr. yn'e omkriten fan Hippo Regius yn Afrika. Hy krige in goeie oplieding, studearre rjochten en tsjinne ûnder Plinius de Jongere dy't doe gouverneur wie fan Bithynia. Troch tuskenkomst fan Plinius waard hy letter oansteld as bibletekaris by keizer Trajanus. Under keizer Hadrianus wie hy inkele jieren haad fan it keizerlike skriuwerskip. Oan dizze posysje kaam lykwols yn 121 ynienen in ein, nei gedachten fanwege syn relaasje mei keizerin Vibia Sabina. Yn de jieren dernei hat er noch in soad wurk skrean.

Wurken

Suetonius is de wichtigste Romeinske fertsjinwurdiger fan de biografy, de libbensbeskriuwing fan de keizers dy't destiids net folle oansjen joech. Omdat er wurke hie foar de machtigste persoanen fan syn tiid, wist er ek in protte oer it libben fan de keizers te fertellen.

Yn syn wurk skriuwt Suetonius net folle oer de polytike en militêre foarfallen, mar hat hy it benammen oer de de intriges fan de keizers, harren deugden en goeie eigenskippen en - foaral - harren minne eigenskippen, harren smoarchens en wredens. Alle hearskers sûnt Julius Caesar komme oan bod en oer de ien is er wat wiidwijdiger dan oer de oare. In inkeldenien komt er by him goed fan ôf en it byld dat er skept fan de keizers is net al te roaskleurich.

Suetonius skriuwt syn ferhalen altiten neffens in fêst stramien: hy bejint hieltyd mei in beskriuwing fan it libben oant de ambtsoanfierding, dernei komt in rige rubriken en as slot beskriuwt er op hokker wize de keizer oan syn ein komt.

It ferskil mei oare skiedkundigen lykas Tacitus sit him hjir yn, dat Suetonius him mear dwaande halde mei de persoanlike bysûnderheden fan de keizers, wylst Tasitus in proatte omtinken hie foar de chronology fan de foarfallen. De libbensbeskriuwings fan Suetonius binne aardich om te lêzen, mar de literêre kwaliteit en psychologyske djipgong bliuwt efter by oare skriuwers. De kreft fan Suetonius sit him yn de details en de talryke anekdoates. Troch Suetonius witte wy frij krekt hoe't de keizers derút seagen en hokker yntresses sy hienen.

De Viris illustribus

De Viris illustribus (d.i. Ferneamde manlju) wie in gearstalling mei koarte libbensbeskriuwings fan bekende persoanen út de Latyske literatuer (grammatici, sprekkers, tichters, filosofen enz..). Fan dit wurk binne mar beskate parten bewarre bleaun. In oantal feitlikheden kinne werom liede út Hiëronymus syn Chronica.

De Vita Caesarum

It wichtigste boek dat wy fan Suetonius hawwe is wol de Vita Caesarum, in libbensbeskriuwing fan tolwe keizers, fanôf Julius Caesar (einlik gjin keizer, mar "diktator foar it libben") oant Domitianus. It wurk bleau likernôch kompleet bewarre: allinnich it earste part fan de tekst oer Julius Caesar is fuort.

De Vita Caesarum is skreaun yn ienfâldich Latynsk en benammen bedoeld foar it grutte publyk, dat mear ynteresse hie yn smeuïge ferhalen út it libben fan de keizers, dan dat sy grutte feiten en foarfallen út it steatslibben fan de keizer witte woenen. Suetonius koe foar it skriuwen fan syn boeken putte út de him ta beskikking steande keizerlike argifen, en benammen út de mûnlinge ynformaasje fan familyleden en oare oanbringers. Hy sammelle de ynformaasje foar syn haadwurk by inoar sa om 121 hinne.

Ynfloed op lettere literatuer

Suetonius waard in protte neifolge troch letttere skiedskriuwers út de keizertiid, û.a. troch de de skriuwers fan de Historia Augusta, der't de libbens fan keizer Hadrianus oant Numerianus (it tiidrek tusken 117 en 284) yn beskreaun wurd. Dizze boeken befetsje in soad kletspraat en rabberij.

Yn de Midsieuwen waard Suetonius mear lêze en oerskreaun as Tacitus. Hy hie oan Eginhard in goeie neifolger yn syn Vita Caroli Magni (d.i. Libben fan Karel de Grutte).

Literatuer

  • Suetonius, De Vita Caesarium, trad. D. den Hengst (Keizers van Rome), Amsterdam, 2002 (= 2004).

Eksterne keppelings