Meidogger:Theun: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
L nei oerlisside
Theun (oerlis | bydragen)
Rigel 3: Rigel 3:


==Myn wikinocht==
==Myn wikinocht==
It is wer lang ljocht by't jûntiid, en dan haw ik wat minder tiid om efter de kompjûter te sitten. Ik sil meastentiids eltse dei wol sjen of der wat fandalisme hersteld wurde moat, en at ik sa no en dan wat tiid haw sil ik wol wat mear dwaan. En ik sil besykje de parten foar de haadside op tiid oan te meitsjen, at in oar der gjin tiid foar hat.
De dagen binne al wêr aardich koarte, ik sit jûns wêr faker binnen. Mar noch net safolle ynspiraasje om hjir in hiele bult wurk te fersetten. Ik sil meastentiids eltse dei wol sjen of der wat fandalisme hersteld wurde moat, en at ik sa no en dan wat tiid haw sil ik wol wat mear dwaan. En ik sil besykje de parten foar de haadside op tiid oan te meitsjen, at in oar der gjin tiid foar hat.


==Ynteresses==
==Ynteresses==

De ferzje fan 23 okt 2007 om 20.01

Taalbehearsking
fy It Frysk is de memmetaal fan dizze meidogger.
nl-3 Deze gebruiker spreekt uitstekend Nederlands.
Sykje op Taalbehearsking

Ik bin sûnt jannewaris 2005 aktyf op dizze Fryske Wikipedy. It is wol aardich om foar dysels wat rûn te sjen en der in Frysk stikje fan te meitsjen. Ek om myn Frysk skriuwen wat by te slypjen en de Fryske wiki te fergrutsjen. At jo sjogge wêr't it ta liede kin, de ynformaasje dy't op de gruttere wiki's te finen is is eins net foar te stellen, seker net at jo betinke dat it noch mar in pear jier los is. By de Fryske ferzje sil it wol net sa hurd rinne, mar dit begjint er ek al wat op te lykjen.

Myn wikinocht

De dagen binne al wêr aardich koarte, ik sit jûns wêr faker binnen. Mar noch net safolle ynspiraasje om hjir in hiele bult wurk te fersetten. Ik sil meastentiids eltse dei wol sjen of der wat fandalisme hersteld wurde moat, en at ik sa no en dan wat tiid haw sil ik wol wat mear dwaan. En ik sil besykje de parten foar de haadside op tiid oan te meitsjen, at in oar der gjin tiid foar hat.

Ynteresses

Myn ynteresses lizze op it mêd fan natoer, geografy en skiednis (eins fyn ik alles wol nijsgjirrich). Ik bin it meast dwaande mei siden fan fûgelsoarten ensf. Meastentiids sjoch ik rûn op de Commons om te sjen at der noch geskikte ôfbyldings steane fan fûgels dêr't ik wol in ferhaaltsje by betinke kin. Mei help fan fûgelboeken, de oare wikis (foaral Ingelsk en Dútsk), en net te ferjitten it web (m.b.f. Google) is altiten wol in protte ynformaasje te finen, en jo komme ek hiel wat nijsgjirrige saken tsjin. (fûgels, net te brûken yn de wiki spitichernoch)

Fierder besykje ik wol is wat ynformaasje oan de jiertallen en de kalinder ta te heakjen, altiten maklik at je net safolle ynspiraasje hawwe.

Kaartsjes

Ek bin ik drok dwaande wêst mei allegear ferskillende kaartsjes te meitsjen, meast mei help fan it programma Inkscape en GIS bestannen fan it Sintraal Buro fan de Statistiek (kaartjse fan de alle fryske doarpen, haw ik op commons oanbean). Ik bin ek in grut leafhawwer fan kaarten atlassen en alles wat hjir mei te krijen hat. tips foar op it ynternet:

Myn oare meidoggersiden

Myn Account op commons

(commons helper, ark om ofbylden mei goeie skiednis/kommentaar op commons te krijen)