Adriatyske See: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
red en oanfolling fan nl
opmaak tikje oars
Rigel 15: Rigel 15:
}}
}}
[[Ofbyld:Adriatic Sea.jpg|right|thumb|250px|Satelytfoto fan de Adriatyske see]]
[[Ofbyld:Adriatic Sea.jpg|right|thumb|250px|Satelytfoto fan de Adriatyske see]]
[[Ofbyld:Adriatic Sea Bathymetry.svg|thumb|left|Djipte fan de Adriatyske See]]
[[Ofbyld:Adriatic Sea Bathymetry.svg|thumb|Djipte fan de Adriatyske See]]
De '''Adriatyske See''' ([[Italjaansk]]: ''Mare Adriatico'', [[Sloveensk: ''Jadransko morje''/''Jadran'', [[Kroatysk]] en [[Bosnysk]]: ''Jadransko more'', [[Servysk]]: ''Јадранско море'', [[Albaneesk]]: ''Deti Adriatik'', [[Latyn]]: ''Hadriaticum'') is it part fan de [[Middellânske See]] tusken it [[Apenynske Skiereilân]] en it [[Balkan (skiereilân)|Balkanskiereilân]]. De see wurdt fan de [[Ionyske See]] skieden troch de [[Strjitte fan Otranto]].

De ferzje fan 15 sep 2021 om 17.19

Adriatyske See
Lokaasje tusken Itaalje en Sloveenje, Kroaasje, Bosnje, Montenegro en Albaanje.
See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte 160.000 km²
Djipte (maks.) 900 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte 770 km
Oer
Satelytfoto fan de Adriatyske see
Djipte fan de Adriatyske See

De Adriatyske See (Italjaansk: Mare Adriatico, [[Sloveensk: Jadransko morje/Jadran, Kroatysk en Bosnysk: Jadransko more, Servysk: Јадранско море, Albaneesk: Deti Adriatik, Latyn: Hadriaticum) is it part fan de Middellânske See tusken it Apenynske Skiereilân en it Balkanskiereilân. De see wurdt fan de Ionyske See skieden troch de Strjitte fan Otranto.

De see wurdt yn it westen begrinzge troch Itaalje en yn it easten troch Sloveenje, Kroaasje, Bosnje, Montenegro en Albaanje.

Der lizze wol mear as 1300 eilannen yn de see, dêr't de measten fan by de eastkust fan de Adriatyske See del lizze, sa as de Dalmatyske Eilannen en de Kvarner-eilannen, dy't allegear ta Kroaasje hearre. Krk en Cres binne dêrfan de grutste eilannen.

De Adriatyske See hat in trochsneed djipte fan 260 meter en it djipste plak is 1.233 meter djip. It noardlike part, benoarden de line Ancona en Zadar, is de see it minst djip en komt de djipte nearne ûnder de 100 meter út. Besuden de line Bari en Dubrovnik leit de boaiem wol mear as 1.200 meter ûnder seenivo.

Yn it noarden is der in fochtich seeklimaat, neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen Cfa, mei wiete simmers en kêldere en drûgere winters. Yn it súdlike part is der yn de haadsaak in Middellânske Seeklimaat. De temperatuer fan it wetter op seenivo is yn de simmer tusken de 22° en 30° Selsius en yn de winter tusken 12° en 14° Selsius. Yn it noardwesten fan de see wurdt it wetter yn de winter noch kâlder en yn strange winters kin der sels iis foarmje op de ûndjippe parten.

Stêden

De wichtichste stêden oan de Adriatyske See binne:

Fan al dy stêden hat Triëst de grutste haven.

Adriatyske See (Kroaasje)