Symfony: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L ?
LNo edit summary
Rigel 3: Rigel 3:
It wurd ''symfony'' komt fan it Grykske ''symphonia'', wurdlik 'tegearreklinken'. Earder hie dit wurd in tal oare betsjuttings yn de muzyk. Sa rûn 1700 is ''sinfonia'' yn Itaalje de brúklike namme foar in [[ouverture]]: it instrumentale begjin fan in opera, kantate of oare fokale komposysje. It idee derefter is dat alle instruminten dy't it wurk foarskriuwt, oan it begjin tegearreklinke.
It wurd ''symfony'' komt fan it Grykske ''symphonia'', wurdlik 'tegearreklinken'. Earder hie dit wurd in tal oare betsjuttings yn de muzyk. Sa rûn 1700 is ''sinfonia'' yn Itaalje de brúklike namme foar in [[ouverture]]: it instrumentale begjin fan in opera, kantate of oare fokale komposysje. It idee derefter is dat alle instruminten dy't it wurk foarskriuwt, oan it begjin tegearreklinke.


Sa oan in ein fan 'e [[barok]] wurde der foar it earst selsstannige symfoniën skreaun. Dy folge yn 'e regel it patroon gau - stadich - gau, wat foar de Italjaanske ouverture normaal is. De trije dielen kinne sûnder ûnderbrekking spyld wurde, mar yn 'e rin fan 'e tiid wurde trije losse dielen normaler. It lêste diel is soms in [[menuet]]. Sa ûntwikkelt de symfony him yn it [[rokoko]] fierder, by komponisten lykas [[Giovanni Battista Sammartini]], [[Georg Christoph Wagenseil]], [[Matthias Georg Monn]] en [[Johann Stamitz|Johann]] en [[Carl Stamitz]] (heit en soan). De âlde Stamitz is grûnlizzer fan wat me de [[Mannheimer Skoalle]] neamt, in tige ynfloedrike groep komponisten fan ynstrumentale muzyk.
Sa oan in ein fan 'e [[barok]] wurde der foar it earst selsstannige symfoniën skreaun. Dy folge yn 'e regel it patroon gau - stadich - gau, wat foar de Italjaanske ouverture normaal is. De trije dielen kinne sûnder ûnderbrekking spyld wurde, mar yn 'e rin fan 'e tiid wurde trije losse dielen normaler. It lêste diel is soms in [[menuet]]. Sa ûntwikkelt de symfony him yn it [[rokoko]] fierder, by komponisten lykas [[Giovanni Battista Sammartini]], [[Georg Christoph Wagenseil]], [[Matthias Georg Monn]] en [[Johann Stamitz|Johann]] en [[Carl Stamitz]] (heit en soan). De âlde Stamitz is grûnlizzer fan wat men de [[Mannheimer Skoalle]] neamt, in tige ynfloedrike groep komponisten fan ynstrumentale muzyk.


Yn 'e [[klassike muzyk|klassike periode]] nimt it sjenre in grutte flucht. Dit is foarearst de fertsjinste fan [[Joseph Haydn]], dy't de earder sa wennich pretensjeuze symfony tiger serjeus nimt. Hy sil der úteinlik 106 komponearje. By Haydn wurdt it ek normaal, dat symfoniën in menuet ''en'' in fluch slotdiel hawwe; se krije dus fjouwer dielen. Haydn syn styl fynt in hiel Europa neifolging, ek by [[Wolfgang Amadeus Mozart]], fan wy de lêste trije symfoniën as grutte masterwurken jilde.
Yn 'e [[klassike muzyk|klassike periode]] nimt it sjenre in grutte flucht. Dit is foarearst de fertsjinste fan [[Joseph Haydn]], dy't de earder sa wennich pretensjeuze symfony tiger serjeus nimt. Hy sil der úteinlik 106 komponearje. By Haydn wurdt it ek normaal, dat symfoniën in menuet ''en'' in fluch slotdiel hawwe; se krije dus fjouwer dielen. Haydn syn styl fynt in hiel Europa neifolging, ek by [[Wolfgang Amadeus Mozart]], fan wy de lêste trije symfoniën as grutte masterwurken jilde.

De ferzje fan 3 jul 2021 om 02.41

In symfony is in komposysje foar orkest (benammen in symfonyorkest), dy't yn prinsipe út meardere dielen bestiet, en der't oars as yn it konsert gjin instrumint in spesjale solorol yn hat. It sjenre hat in lange skiednis en in grut prestizje.

It wurd symfony komt fan it Grykske symphonia, wurdlik 'tegearreklinken'. Earder hie dit wurd in tal oare betsjuttings yn de muzyk. Sa rûn 1700 is sinfonia yn Itaalje de brúklike namme foar in ouverture: it instrumentale begjin fan in opera, kantate of oare fokale komposysje. It idee derefter is dat alle instruminten dy't it wurk foarskriuwt, oan it begjin tegearreklinke.

Sa oan in ein fan 'e barok wurde der foar it earst selsstannige symfoniën skreaun. Dy folge yn 'e regel it patroon gau - stadich - gau, wat foar de Italjaanske ouverture normaal is. De trije dielen kinne sûnder ûnderbrekking spyld wurde, mar yn 'e rin fan 'e tiid wurde trije losse dielen normaler. It lêste diel is soms in menuet. Sa ûntwikkelt de symfony him yn it rokoko fierder, by komponisten lykas Giovanni Battista Sammartini, Georg Christoph Wagenseil, Matthias Georg Monn en Johann en Carl Stamitz (heit en soan). De âlde Stamitz is grûnlizzer fan wat men de Mannheimer Skoalle neamt, in tige ynfloedrike groep komponisten fan ynstrumentale muzyk.

Yn 'e klassike periode nimt it sjenre in grutte flucht. Dit is foarearst de fertsjinste fan Joseph Haydn, dy't de earder sa wennich pretensjeuze symfony tiger serjeus nimt. Hy sil der úteinlik 106 komponearje. By Haydn wurdt it ek normaal, dat symfoniën in menuet en in fluch slotdiel hawwe; se krije dus fjouwer dielen. Haydn syn styl fynt in hiel Europa neifolging, ek by Wolfgang Amadeus Mozart, fan wy de lêste trije symfoniën as grutte masterwurken jilde.

De natuerlike opfolger fan Haydn is Ludwig van Beethoven. Foar him is de symfony, njonken it striikkwartet en de pianosonate, it sjenre der't hy de measte kreative oandacht oan jout. Hy skriuwt 'mar' njoggen komplete symfoniën (al begjint er oan tsientallen), mar hast eltse symfony dy't er komponearret is in nije muzikale revolúsje.

Nei Beethoven komt de symfony, op eltse fal yn Dútsklân, in bytsje yn ferfal. Komponisten lykas Felix Mendelssohn en Robert Schumann skriuwe al symfoniën, mar dy wurde hjoed net mêr as masterwurken beskôge en binne ek net sa wichtich in hun totale wurk. Wichtiger foar de ûntwikling fan 'e symfony is de Fransoos Hector Berlioz, dy't yn syn Symphonie phantastique it sjenre definityf de romantyk in bringt en út syn formiele bannen befrijt. We meie ek Joachim Raff net ferjitte, in neifolger fan Mendelssohn fan wy it wurk in syn tiid in soad spyld wurdt.

Pas yn de twadde healte fan de iew slagget it komponisten, ûnder it skaad fan Beethoven út te kommen. Johannes Brahms, dy't pas op 43-jierige âldens syn earste symfony skriuwt, hantearret in sterk klassisistyske styl. Dat kin men net sizze fan Anton Bruckner, ek al in letbloeier, dy't mei syn njoggen riipe symfonyen de ynfloed van ûnder mear Wagner in plak jout. Ek yn Ruslân komt it sjenre op, sawol bij Pjotr Iljitsj Tsjaikovski as by it Machtige Heapke (Nikolaj Rymski-Korsakov, Alexander Borodin).

Yn de letromantyk is Gustav Mahler de grutte master fan de symfony. Hy lit de âlde, út de klassike tiid oerbleaune foarmen gans los. Faak freget hy in enorm orkest fan hûnderden musisi en net komselden ek sjongers. It gebrûk fan sjongers yn de feitelik ynstrumentale symfony wie al earder insidentiel troch Beethoven dien yn syn njoggende symfony.

Nei de Earste Wrâldoarloch komt it neoklassisisme yn 'e mode. In soad komponisten nimme de achttjinde iuw as foarbyld en kombinearje in moderne klank mei kleare strukturen, beskieden proporsjes en lytsere orkesten. As foarbyld kinne de symfonyen tsjinje fan Igor Stravinsky, Sergej Prokofjev, Paul Hindemith, Albert Roussel en Anton Webern.

Nei de Twadde Wrâldoarloch wurdt it in oar ferhaal. Foar de avant-garde fan dy jierren, dy't sa radikaal meeglik mei it ferline brekke wol, is de symfony fiers te beleine. De wurken dy't hja foar orkest skriuwe neame se meast net 'symfony'. Wol leveret dy tiid noch de Turangalîla-symfonie fan Olivier Messiaen op, en de Sinfonia fan Luciano Berio, dy't net sa ikonoklastysk is. In de Sovjet-Uny, dêr't de steat de avant-garde ferbean is, skriuwe masters lykas Dmitri Sjostakovitsj al noch symfonyen.

Mei it oanbrikken fan it postmodernisme en neotradisjioneale komposysjemetoden is de symfony ek yn it westen wêromkeard. It neamen weard binne ûnder mear de wurken fan de Amerikaan Philip Glass en de Pool Krzysztof Penderecki.