Flip van Doorn: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 34: Rigel 34:
Tusken 2015 en 2019 levere hy tekstbydragen oan in trijetal wannelgidsen foar wannelorganisaasje "Wandelnet". <ref>[https://www.wandelnet.nl/rondwandelingen www.wandelnet.nl]</ref>
Tusken 2015 en 2019 levere hy tekstbydragen oan in trijetal wannelgidsen foar wannelorganisaasje "Wandelnet". <ref>[https://www.wandelnet.nl/rondwandelingen www.wandelnet.nl]</ref>


Syn wannelgids ''De eerste wandelaar – In de voetsporen van een wandelende dominee'' beskreau de opkomst fan it wanneltoerisme. Van Doorn trede dêrmei yn de fuotspoaren fan syn fiere âldomke [[Jacobus Craandijk (1834-1912)|Jacobus Craandijk]], dy ’t oan de ein fan de 19e ieu syn tsientallen fuotreizen troch Nederlân beskreau. <ref>[https://www.gegarandeerdonregelmatig.nl/wandelgids/een-kloeken-dagmarsch gegareandeerdonregelmatig.nl]</ref> Yn 2018 ferskynde ''Een verzonnen koninkrijk - Het verhaal van onze nationale mythe'' de delslach fan tsientallen reizen dy ’t Flip van Doorn kriskras troch Nederlân makke, op 'e siik nei de ferhalen dy’t te krijen hiene mei in keninkryk Nederlân. <ref>[https://www.scheltema.nl/boek/?authortitle=flip-van-doorn/een-verzonnen-koninkrijk--9789400400245 ''Een verzonnen koninkrijk''], www.scheltema.nl</ref> Yn 2021 waard syn boek ''De Friezen – Een geschiedenis'' troch de resinsinten fan it VPRO-skiednisprogramma OVT keazen ta ‘Boek fan de Moanne’. <ref>[https://www.literairnederland.nl/recensie-flip-van-doorn-de-friezen/ ''Op reis door de geschiedenis van Friesland'', literairnederland.nl]</ref> Yn de foarm fan in persoanlike syktocht giet Van Doorn werom nei syn woartels yn Frysân en de Fryske identiteit. Syn pake moast om syn wurk út Fryslân wei ferhúzje, wylst van Doorn krekt oarsom fan utens kaam en him letter as eigen kar yn Drylst ta wenjen sette. <ref>[https://frieschdagblad.nl/regio/De-persoonlijke-zoektocht-van-schrijver-Flip-van-Doorn-naar-de-Friese-identiteit-26808614.html ''De persoonlijke zoektocht van schrijver Flip van Doorn naar de Friese identiteit''], frieschdagblad.nl</ref> <ref>[https://www.volkskrant.nl/cultuur-media/flip-van-doorn-brengt-een-hartverwarmende-ode-aan-zijn-nieuwe-friese-vaderland~b7e342e2/?referrer=https%3A%2F%2Fwww.google.com%2F ''Flip van Doorn brengt een hartverwarmende ode aan zijn nieuwe Friese vaderland'']</ref>
Syn wannelgids ''De eerste wandelaar – In de voetsporen van een wandelende dominee'' beskreau de opkomst fan it wanneltoerisme. Van Doorn trede dêrmei yn de fuotspoaren fan syn fiere âldomke [[Jacobus Craandijk (1834-1912)|Jacobus Craandijk]], dy ’t oan de ein fan de 19e ieu syn tsientallen fuotreizen troch Nederlân beskreau. <ref>[https://www.gegarandeerdonregelmatig.nl/wandelgids/een-kloeken-dagmarsch gegarandeerdonregelmatig.nl]</ref> Yn 2018 ferskynde ''Een verzonnen koninkrijk - Het verhaal van onze nationale mythe'' de delslach fan tsientallen reizen dy ’t Flip van Doorn kriskras troch Nederlân makke, op 'e siik nei de ferhalen dy’t te krijen hiene mei in keninkryk Nederlân. <ref>[https://www.scheltema.nl/boek/?authortitle=flip-van-doorn/een-verzonnen-koninkrijk--9789400400245 ''Een verzonnen koninkrijk''], www.scheltema.nl</ref> Yn 2021 waard syn boek ''De Friezen – Een geschiedenis'' troch de resinsinten fan it VPRO-skiednisprogramma OVT keazen ta ‘Boek fan de Moanne’. <ref>[https://www.literairnederland.nl/recensie-flip-van-doorn-de-friezen/ ''Op reis door de geschiedenis van Friesland'', literairnederland.nl]</ref> Yn de foarm fan in persoanlike syktocht giet Van Doorn werom nei syn woartels yn Frysân en de Fryske identiteit. Syn pake moast om syn wurk út Fryslân wei ferhúzje, wylst van Doorn krekt oarsom fan utens kaam en him letter as eigen kar yn Drylst ta wenjen sette. <ref>[https://frieschdagblad.nl/regio/De-persoonlijke-zoektocht-van-schrijver-Flip-van-Doorn-naar-de-Friese-identiteit-26808614.html ''De persoonlijke zoektocht van schrijver Flip van Doorn naar de Friese identiteit''], frieschdagblad.nl</ref> <ref>[https://www.volkskrant.nl/cultuur-media/flip-van-doorn-brengt-een-hartverwarmende-ode-aan-zijn-nieuwe-friese-vaderland~b7e342e2/?referrer=https%3A%2F%2Fwww.google.com%2F ''Flip van Doorn brengt een hartverwarmende ode aan zijn nieuwe Friese vaderland'']</ref>


== Bibliografy ==
== Bibliografy ==

De ferzje fan 22 jun 2021 om 07.12

Flip van Doorn
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Flip van Doorn
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 oktober 1967
berteplak Zeist)
wurk
sjenre reisferhalen, non-fiksje
perioade 21e iuw
streaming non-fiksje
jierren aktyf sûnt 2002
offisjele webside
webside Flip van Doorn

Flip van Doorn (Zeist, 30 oktober 1967) is in Nederlânske sjoernalist en skriuwer fan reisferhalen. [1]

Nei syn vwo-oplieiding yn 1986 oan it Comenius College yn Hilfertsom waard Van Doorn reisbegelieder by Sindbad Reizen, in pionierjende reisorganisaasje op wannelmêd. Ek wie hy jierrenlang redakteur fan Z-Magazine, de dakleazekrante fan Amsterdam.

As wanneler en fytser docht Van Doorn ferslach fan ûntdekkings op syn reizen troch de wrâld. Sûnt 2002 leit er him as skriuwer fan reisferhalen ta op Nederlân as toeristyske bestimming. [2] Van Doorn skriuwt foar kranten as it Algemeen Dagblad (Reiswereld) en Trouw. Yn Trouw hat hy om de moanne de rubryk Het Mooiste Nederland oer wannel- en fytstochten. [3] Boppedat skriuwt hy foar De Standaard en foar tydskriften as Plus Magazine, FietsActief, De Kleine Aarde en Toeractief (ANWB).

Wannelje, fytse en reizgje

Yn 2005 ferskynde Nederland – 1000 Plekken die je echt gezien moet hebben. In boek mei fiif kear twahûndert plakken op de Veluwe, Amsterdam, Fryslân, Súd-Limburch en Drinte. De rige 1000 Plekken foarme de start fan in wrâldomfiemjende reisgids fan Patricia Schultz. Yn it twadielige Fietsen Rond de Wereld in Nederland dat hy makke yn de mande mei Piet Hermans komme fytsers op ûnferwachte plakken yn Nederlân. [4] Sa komt de reizger op 'wrâldplakken' dy’t ek yn it bûtelân te finen binne mei nammen fan plakken, doarpen, buorskippen en natoergebieten as Bethlehem, Spitsbergen, de Sahara, De Tafelberg en Zurich.

Tusken 2015 en 2019 levere hy tekstbydragen oan in trijetal wannelgidsen foar wannelorganisaasje "Wandelnet". [5]

Syn wannelgids De eerste wandelaar – In de voetsporen van een wandelende dominee beskreau de opkomst fan it wanneltoerisme. Van Doorn trede dêrmei yn de fuotspoaren fan syn fiere âldomke Jacobus Craandijk, dy ’t oan de ein fan de 19e ieu syn tsientallen fuotreizen troch Nederlân beskreau. [6] Yn 2018 ferskynde Een verzonnen koninkrijk - Het verhaal van onze nationale mythe de delslach fan tsientallen reizen dy ’t Flip van Doorn kriskras troch Nederlân makke, op 'e siik nei de ferhalen dy’t te krijen hiene mei in keninkryk Nederlân. [7] Yn 2021 waard syn boek De Friezen – Een geschiedenis troch de resinsinten fan it VPRO-skiednisprogramma OVT keazen ta ‘Boek fan de Moanne’. [8] Yn de foarm fan in persoanlike syktocht giet Van Doorn werom nei syn woartels yn Frysân en de Fryske identiteit. Syn pake moast om syn wurk út Fryslân wei ferhúzje, wylst van Doorn krekt oarsom fan utens kaam en him letter as eigen kar yn Drylst ta wenjen sette. [9] [10]

Bibliografy

Co-auteur
  • Hoeveel poten heeft een octopus? - Het grote boek van de nutteloze kennis - mei Jonah Kahn; útjouwerij Thomas Rap (2019) (ISBN 9789400404182) [12]
  • Het mooiste Nederland - Langs de fraaiste streken van de lage landen - mei natoersjoernaliste Monica Wesseling; útjouwerij Thomas Rap (2017) (ISBN 9789400405547)
Gidsen
  • "Wandelnet"gidsen:
    • Waterliniepad Wandelen langs Werelderfgoed – tegearre mei Sietske de Vet; Wandelnet (2019) (ISBN 9789492641076)
    • Elfstedenpad - de wandeltocht der wandeltochten, tegearre mei Jolanda Denekamp; Wandelnet (2017) (ISBN 9789492641014)
    • Groot-Frieslandpad, tegearre mei Sietske de Vet; Wandelnet (2016) (ISBN 9789071068966)
  • Een' kloeken dagmarsch, útjouwerij Gegarandeerd Onregelmatig; (2015) (ISBN 9789078641414)
  • Fietsen Rond de Wereld in Nederland, tegearre mei Piet Hermans; útjouwerij Unieboek/Het Spectrum; (2013) Noard: (ISBN 9789089893758), diel 2 Súd: (ISBN 9789000332465)
  • Nederland – 1000 Plekken die je echt gezien moet hebben; (2005) (ISBN 9789089892027)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.hebban.nl
  2. deschrijverscentrale.nl
  3. www.thomasrapp.nl
  4. onlinebibliotheek.nl
  5. www.wandelnet.nl
  6. gegarandeerdonregelmatig.nl
  7. Een verzonnen koninkrijk, www.scheltema.nl
  8. Op reis door de geschiedenis van Friesland, literairnederland.nl
  9. De persoonlijke zoektocht van schrijver Flip van Doorn naar de Friese identiteit, frieschdagblad.nl
  10. Flip van Doorn brengt een hartverwarmende ode aan zijn nieuwe Friese vaderland
  11. Een wolk van een vader, boekxl.nl
  12. Hoeveel poten heeft een octopus? – Flip van Doorn en Jonah Kahn, leeshoekje.nl, 24 maart 2021