Tomke (lêsbefoardering): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
tafoeging
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Kategory
Rigel 12: Rigel 12:
== Keppeling om utens==
== Keppeling om utens==
[http://www.tomke.nl Tomke webside]
[http://www.tomke.nl Tomke webside]

[[Kategory:Frysk]]

De ferzje fan 20 okt 2007 om 09.32

It mantsje Tomke ferskynt ek yn optochten, hjir yn 2007 yn Ingelum.

Tomke is in lêsbefoarderingsprojekt foar pjutten. Yn 1996 ferskynde it earste Tomke-boekje dat yn in oplage fan 3.000 stiks ferspraat waard ûnder pjutteboartersplakken. Yn dat en yn lettere boekjes belibbet Tomke allerhande aventoeren mei syn hûntsje Romke en mei Kornelia, de kangoeroe (pûdehipper). Op 30 septimber 2006 fierde Tomke syn 10de jierdei yn De Harmonie yn Ljouwert.

Hjoed de dei (2007) is om Tomke hinne gâns materiaal te krijen: foarljochtingsfolders, kleurplaten, mouhimden, magneten, fytsflachjes, klompkes en sels meubilêr. Yn 2006 wie de oplage 18.000. De lêste jierren ferskine de boekjes ek yn in Biltske en Stellingwerfske fariant. Boppedat ferskynde by de iepening fan de 'Pontjesbrug' op Curaçao in edysje yn it Papiaments. En ûnderwilens is Tomke ek yn de Noardfryske dialekten gjin ûnbekende mear.

Fierder stjoerd Omrop Fryslân in televyzjesearje mei Tomke yn de haadrol út. Sûnt 2007 is Tomke dêryn as bewegend figuerke te sjen. Tekener fan Tomke is Luuk Klazenga, de ferhaaltsjes wurde meast skreaun troch Auck Peanstra en Riemkje Pitstra. Oan de Tomkeboekjes wurkje wikseljend ek oare yllustratoaren mei.

Om Tomke hinne wurde ek teaterfoarstellings makke. Yn 2007 wie dat 'Tomke siket in pake' mei Rients Gratama dy't de pakerol spile.

Tomke is ûnderwilens sa pupulêr dat er ek op feestweinen ferskynt. Yn 2006 wie der in gondel oan him wijd by de Aldeboarnster Gondelfeart.

Keppeling om utens

Tomke webside