Rob de Vries: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 20: Rigel 20:
== Libben en wurk ==
== Libben en wurk ==
De Vries syn akteardebút wie yn 1938 yn it [[toanielstik]] ''De Wrekende God'' fan toanielskriuwer [[Eduard Veterman]].
De Vries syn akteardebút wie yn 1938 yn it [[toanielstik]] ''De Wrekende God'' fan toanielskriuwer [[Eduard Veterman]].

Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] sleat De Vries him oan by it ferset. Hy makke diel út fan de fersetsploech ''Luctor et Emergo'', dy't ferantwurdlik wie foar it ferfalskjen fan zo'n twatûzen persoansbewizen en help bea oan delstoarte alliearde piloaten.
[[Ofbyld:Hans Tiemeyer, Bernhard Droog en Rob de Vries (1962).jpg|thumb|left|F.l.n.r. [[Hans Tiemeijer]], [[Bernhard Droog]] en Rob de Vries (1962)]]
[[Ofbyld:Hans Tiemeyer, Bernhard Droog en Rob de Vries (1962).jpg|thumb|left|F.l.n.r. [[Hans Tiemeijer]], [[Bernhard Droog]] en Rob de Vries (1962)]]



De ferzje fan 6 mai 2021 om 17.55

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Rob de Vries
akteur
Rob de Vries yn de rol fan Jean yn it telefyzjespul "Nacht en Gramschap", 1960 Fotograaf: Lindeboom, Henk /Anefo
Rob de Vries yn de rol fan Jean yn it telefyzjespul "Nacht en Gramschap", 1960
Fotograaf: Lindeboom, Henk /Anefo
persoanlike bysûnderheden
echte namme Abraham de Vries
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1918
stoarn 1969
jierren aktyf 1937–1969

Rob de Vries, wiere namme Abraham de Vries (Amsterdam, 9 juny 1918 – dêre, 9 july 1969), wie in Nederlânske akteur en fersetsstrider.

Libben en wurk

De Vries syn akteardebút wie yn 1938 yn it toanielstik De Wrekende God fan toanielskriuwer Eduard Veterman.

Yn de Twadde Wrâldoarloch sleat De Vries him oan by it ferset. Hy makke diel út fan de fersetsploech Luctor et Emergo, dy't ferantwurdlik wie foar it ferfalskjen fan zo'n twatûzen persoansbewizen en help bea oan delstoarte alliearde piloaten.

F.l.n.r. Hans Tiemeijer, Bernhard Droog en Rob de Vries (1962)

De Vries, dy't der sels fan joadsk komôf wie, slagge it yn 1943 op persoanlike titel om syn freondinne Hannelore Cahn út Kamp Westerbork ûntkomme te litten. Hy fermomme him as treinranzjearder en mei help fan de Drintske masinist ried er mei de posttrein Kamp Westerbork yn. Under lege sekken ferskûle ried syn ferloofde mei nei bûten ta. Nei in pear wike kaam Cahn lykwols frijwillich werom nei Westerbork. Kampkommandant Albert Konrad Gemmeker kaam syn tasizzing nei dat Cahn net op transport set wurde soe as se frijwillich weromkaam nei it kamp. Hja troude letter mei ien fan de leden fan de Joadske oarderdtsjnst.

Nei de oarloch spile De Vries ûnder mear yn de films Een koninkrijk voor een huis, Ciske de Rat, De Laatste Passagier en De Overval en yn de toanielstikken De wereld heeft geen wachtkamer, Billy Bud, Peer Gynt en Het dagboek van Anne Frank. Ek die er mei oan ferskate harkspulen.
Fan 1961 oant syn dea yn 1969 wie De Vries direkteur fan it Nieuw Rotterdams Toneel. Earder wie er direkteur fan de Arnhimske toanielgroep Theater.

De Vries is de heit fan de akteurs Edwin de Vries en Bart de Vries. Hy stoar yn july 1969 yn de âldens fan 51 jier yn it Wilhelmina Gasthûs yn Amsterdam.

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: