Wynpark Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
sa is't better
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Windpark Fryslan kaart.jpg|thumb|It plak fan Wynpark Fryslân]]
[[Ofbyld:Windpark Fryslan kaart.jpg|thumb|It plak fan Wynpark Fryslân]]
'''Wynpark Fryslân''' is in [[wynmûnepark]] dat boud wurdt yn yn it [[Fryslân|Fryske]] part fan de [[Iselmar]]. De bou fan it wynpark waard begjin 2019 mei útein set en sil yn 2021 klear wêze.
'''Wynpark Fryslân''' is in [[wynmûnepark]] dat boud wurdt yn yn it [[Fryslân|Fryske]] part fan de [[Iselmar]]. De bou fan it wynpark waard begjin 2019 mei útein set en sil yn 2021 klear wêze. De totale boukosten wurde rûsd op 850 miljoen [[euro]].


== Lizzing ==
== Lizzing ==
Rigel 8: Rigel 8:
It park sil bestean út 89 [[wynturbine]]s mei in fermogen fan 4,3 megawatt (MW) it stik. De wynturbines hawwe in ashichte fan 109 meter, in tiphichte fan 174 meter en de [[diameter]] fan de rotorblêden is 130 meter. It totale produksjefermogen komt dêrmei op 382 MW, genôch om 400.000 húshâldings fan [[elektrisiteit]] te foarsjen. De stroom fan it wynpark komt oan lân by it transformatorstasjon op de Breesândyk. Dêrwei wurde kabels nei Boalsert oanlein, dêr't it oansletten wurdt op it Fryske heechspanningsnet fan [[TenneT]].
It park sil bestean út 89 [[wynturbine]]s mei in fermogen fan 4,3 megawatt (MW) it stik. De wynturbines hawwe in ashichte fan 109 meter, in tiphichte fan 174 meter en de [[diameter]] fan de rotorblêden is 130 meter. It totale produksjefermogen komt dêrmei op 382 MW, genôch om 400.000 húshâldings fan [[elektrisiteit]] te foarsjen. De stroom fan it wynpark komt oan lân by it transformatorstasjon op de Breesândyk. Dêrwei wurde kabels nei Boalsert oanlein, dêr't it oansletten wurdt op it Fryske heechspanningsnet fan [[TenneT]].


De bouopdracht waard gund oan in kombinaasje fan baggelbedriuw [[Van Oord]] en [[Siemens Gamesa Renewable Energy]] (SGRE). Van Oord soarget foar it ûntwerp, de fabricage en de installatie van de fundaties en de kabels van het windpark en levert ook het materieel voor de installatie van de turbines. SGRE is verantwoordelijk voor het ontwerp, de fabraazje, it yn it wurk bringen fan de turbines en it tuskenstasjon op lân.
De bouopdracht waard gund oan in kombinaasje fan baggelbedriuw [[Van Oord]] en [[Siemens Gamesa Renewable Energy]] (SGRE). Van Oord soarget foar it ûntwerp, de fabrikaazje en de ynstallaasje fan de fûneminten en de kabels fan it wynpark en leveret ek it materieel foor de ynstallaasje fan de turbines. SGRE is ferantwurdlik foar it ûntwerp, de fabrikaazje en it yn it wurk bringen fan de turbines en it tuskenstasjon op lân.


Foar de oanlis sil besuden de Ofslútdyk by [[Koarnwertersân]] in wurkeilân fan twa hektare oanlein wurde. Wannear't de bou klear is wurdt dat in natuergebiet.
Foar de oanlis sil besuden de Ofslútdyk by [[Koarnwertersân]] in wurkeilân fan twa hektare oanlein wurde. Wannear't de bou klear is wurdt dat in natuergebiet.

De ferzje fan 18 apr 2021 om 17.53

It plak fan Wynpark Fryslân

Wynpark Fryslân is in wynmûnepark dat boud wurdt yn yn it Fryske part fan de Iselmar. De bou fan it wynpark waard begjin 2019 mei útein set en sil yn 2021 klear wêze. De totale boukosten wurde rûsd op 850 miljoen euro.

Lizzing

It wynpark komt súdlik fan de Ofslútdyk oan de súdeastkant fan Breesândyk yn de gemeente Súdwest-Fryslân te lizzen op in ôfstân fan sa'n sân kilometer fan de Fryske kust. Fan de Ofslútdyk is de koartste ôfstân ta de wynturbines ûngefear 600 meter en op syn meast sa'n 7,7 km. De wynmûnen komme op goed 600 meter fan elkoar te stean.

Technyk

It park sil bestean út 89 wynturbines mei in fermogen fan 4,3 megawatt (MW) it stik. De wynturbines hawwe in ashichte fan 109 meter, in tiphichte fan 174 meter en de diameter fan de rotorblêden is 130 meter. It totale produksjefermogen komt dêrmei op 382 MW, genôch om 400.000 húshâldings fan elektrisiteit te foarsjen. De stroom fan it wynpark komt oan lân by it transformatorstasjon op de Breesândyk. Dêrwei wurde kabels nei Boalsert oanlein, dêr't it oansletten wurdt op it Fryske heechspanningsnet fan TenneT.

De bouopdracht waard gund oan in kombinaasje fan baggelbedriuw Van Oord en Siemens Gamesa Renewable Energy (SGRE). Van Oord soarget foar it ûntwerp, de fabrikaazje en de ynstallaasje fan de fûneminten en de kabels fan it wynpark en leveret ek it materieel foor de ynstallaasje fan de turbines. SGRE is ferantwurdlik foar it ûntwerp, de fabrikaazje en it yn it wurk bringen fan de turbines en it tuskenstasjon op lân.

Foar de oanlis sil besuden de Ofslútdyk by Koarnwertersân in wurkeilân fan twa hektare oanlein wurde. Wannear't de bou klear is wurdt dat in natuergebiet.

Beswieren

Yn july 2018 hat de Ried fan Steat beswieren fan in oantal organisaasjes, ûnder oaren de Iselmarferiening en It Fryske Gea, ûnbegrûne ferklearre. De IJsselmeervereniging siet benammen yn noed oer de fersteuring fan de fûgeltrek en dat fûgels troch de wjukken rekke wurde kinne. It fuortbestean fan beskerme soarten, lykas de wytstirns en blaustirns yn it Iselmargebiet, wurdt dêrtroch bedrige. Neffens de Ried fan Steat binne der lykwols gjin grutte neidielige gefolgen foar de rekreaasjefeart en wurde de natuerlike skaaimerken fan it gebiet net oantaast troch it park.

Webstee

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: