De Westereen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 80: Rigel 80:
{{Koördinaten|53_15_19_N_6_2_8_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 15' NB, 6° 2' EL}}
{{Koördinaten|53_15_19_N_6_2_8_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 15' NB, 6° 2' EL}}
}}
}}
{{commonsBalke|Zwaagwesteinde}}
{{commonsBalke|De Westereen}}


{{DEFAULTSORT:Westereen, De}}
{{DEFAULTSORT:Westereen, De}}

De ferzje fan 7 mrt 2021 om 02.11

De Westereen
Flagge fan De Westereen Wapen fan De Westereen
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Westereen
Gemeente Dantumadiel
Ynwennertal (2014) 5087
Webstee Webstee De Westereen
Nije Feart, De Westereen

De Westereen (Standertfrysk: De Westerein; yn it Nederlânsk earder ek wol Zwaagwesteinde) is ien fan de tsien doarpen fan de gemeente Dantumadiel, yn it súdeasten fan de gemeente. It doarp hat 5.087 ynwenners (1 jannewaris 2014).

Untstean

De namme fan it doarp betsjut de westlike ein, fan Kollumersweach. It doarp is ûntstien as de westein fan it dykdoarp Kollumersweach, benammen dat part dat yn Dantumadiel lei. Dit dykdoarp, de dyk fan Feanwâlden nei Kollum bylâns, wie fral in doarp fan lytse keaplju en arbeiders. Yn de rin fan de 20e iuw hat Kollumersweach him fierder eastlik, tichter by Feankleaster ûntwikkele, wylst De Westereen him los dêrfan westliker by de Nije Feart ûntwikkele, en útwreide nei it suden nei it spoar fan Ljouwert nei Grins.

Ein 1700 fêstige him hjir de joad Salomon Levy út it Dútske Hessen.

Op 18 desimber 2007 hat de folsleine Ried fan Dantumadiel by moasje besletten de eigen Fryske taalkleur fan it doarp, troch it staverjen fan de offisjele doarpsnamme yn de GBA as "De Westereen", foar de takomst fêst te lizzen. De Fryske Akademy sil de namme sa ek yn de wurdboeken opnimme, mei de fermelding dat de net-Westereender Friezen de namme ornaris as 'De Westerein' útsprekke.

Fryske Wâlden

Klokkestoel op it begraafplak

De Westereen leit yn De Wâlden mei in soad beamwâlen en pingo's.

Ferbinings

De Westereen leit op de eastigge fan de Nije Feart, in part fan de Swemmer. Dit wetter jout nei it suden ta ferbining mei de Burgumer Mar en it Prinsesse Margrietkanaal en nei it noarden mei Westergeast (Kollumerlân) en it Dokkumer Djip.

De Foarstrjitte ferbynt it doarp nei it easten ta mei Kollumersweach. Nei it westen jout de Boppewei ferbining mei de Sintrale As en fia de Easterein mei Feanwâlden.

Yn it suden hat it doarp sûnt 1902 in halte oan it spoar fan Ljouwert nei Grins. It stasjonsgebou út 1955 wie oant 1998 yn gebrûk en waard yn 2003 ôfbrutsen fanwege âlderdom[1].

Mienskip

Stânbyld De Keapman fan de Westereen
Suze Boschma-Berkhout, 1988

De doarpsferiening hjit De Westereen. De feriening 112 organisearret sûnt 2005 om it jier yn febrewaris in doarpsfeest. It sportpark hjit De Wieken. Oan de Sportleane is swimbad De Frosk. De Westereen hat in indoor fierljephal. Hjir wurdt winterdeis treend. Bern dy't eartiids foar it earst nei skoalle gienen mochten in stik koeke fan de Koekebeam plukke. Dizze Koekebeam stie ferstoppe op de souder fan de skoalle.

Untwikkeling ynwennertal

Berne yn De Westereen

Ferienings

  • AVIOS-SVK - gymnastyk
  • AVIOS - follybal
  • Fuotbalferiening De Westereen
  • tennisferiening
  • Harmonia - korps
  • It Koarkje - fiskjen
  • ANJA - tafeltennis
  • Ids - skeelerjen
  • Hynstefreon en Het Paardenvriendje - hynsteriden

Strjitten

Alle strjitten fan De Westereen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Westereen fan Wikimedia Commons.