Roek: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 6: Rigel 6:


== Fersprieding ==
== Fersprieding ==
De roek komt in grutte dielen van Jeropa en Aazje foar. De heechste oantallen hawwe Grut-Brittanje en Wyt-Ruslân. Se binne ek yntroduseare yn Nij-Seelân. Yn it westlike diel fan it fespriedingsgebiet is de roek meast stânfûgel, mear nei it easten is hy foaral in trekfûgel. Ta 1940-1970 waard noch folle op roeken jage, omdat hy skealik foar de lânbou wêze sou.
De roek komt in grutte dielen van Jeropa en Aazje foar. De heechste oantallen hawwe Grut-Brittanje en Wyt-Ruslân. Se binne ek yntroduseare yn Nij-Seelân. Yn it westlike diel fan it fespriedingsgebiet is de roek meast stânfûgel, mear nei it easten is hy foaral in trekfûgel. Oant 1940-1970 waard noch folle op roeken jage, omdat hy skealik foar de lânbou wêze soe.
Yn Nederlân brieden sa’n 50.000 roekpearen (2019), yn Fryslân nei alle gedachten tusken de 6000 en 10.000 pearen. Yn dizze streken is de roek hieltyd minder in trekfûgel.
Yn Nederlân briede sa’n 50.000 roekpearen (2019), yn Fryslân nei alle gedachten tusken de 6000 en 10.000 pearen. Yn dizze streken is de roek hieltyd minder in trekfûgel.


== Libbenswize en fuortplanting ==
== Libbenswize en fuortplanting ==
Rigel 16: Rigel 16:


* ''Corvus frugilegus frugilegus'', Jeropa, M- en SW-Aazje
* ''Corvus frugilegus frugilegus'', Jeropa, M- en SW-Aazje
* ''Corvus frugilegus pastinator'', E-Aazje; mist wite kin en soe ek in aparte soarte wêze kinne.
* ''Corvus frugilegus pastinator'', E-Aazje; mist wite kin en soe ek in apart soarte wêze kinne.


== Keppelings om utens ==
== Keppelings om utens ==

De ferzje fan 22 feb 2021 om 09.55

Roek
Roek (Corvus frugilegus)
Roek (Corvus frugilegus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: Corvoidea
famylje: kriefûgels (Corvidae)
skaai: krieën (Corvus)
soarte: roek (Corvus frugilegus)
Linnaeus, 1758

De roek of ‘rûts’ (wittenskiplike namme: Corvus frugilegus) heart ta de famylje fan de kriefûgels (wittenskiplike namme: Corvidae) en is ien fan de 45 soarten fan it skaai fan de krieën (Corvus).

Foarkommen

De swarte fûgel is sa’n 45 cm grut, in bytsje lytser as de swarte krie, mar dúdlik grutter as de ka. Hy hat in betreklik lytse kop en in ljochtgrize, keale snaffelbasis en kin, oergeand yn in grize, puntige snaffel. It swart fan de mantel hat in pearzige glâns. De geslachten hawwe itselde foarkommen.

Fersprieding

De roek komt in grutte dielen van Jeropa en Aazje foar. De heechste oantallen hawwe Grut-Brittanje en Wyt-Ruslân. Se binne ek yntroduseare yn Nij-Seelân. Yn it westlike diel fan it fespriedingsgebiet is de roek meast stânfûgel, mear nei it easten is hy foaral in trekfûgel. Oant 1940-1970 waard noch folle op roeken jage, omdat hy skealik foar de lânbou wêze soe. Yn Nederlân briede sa’n 50.000 roekpearen (2019), yn Fryslân nei alle gedachten tusken de 6000 en 10.000 pearen. Yn dizze streken is de roek hieltyd minder in trekfûgel.

Libbenswize en fuortplanting

Roeken ite wjirms, slakken en ynsekten likegoed as plantaardich fiedsel, sa as nuten, sieden en fruchten. Se libje en briede yn koloanjes heech yn de beammen. Se foarmje briedpearen foar it libben. De nêsten wurde ier yn maart makke fan twigen en oare materialen, bytiden ek út oare nêsten. De 3 ta 6 griis-griene aaien wurde ein maart, begjin april lein, en wurde 16-19 dagen bebret. De jongen wurde sa’n fjouwer wiken yn it nêst fuorre, earst troch it mantsje, letter troch beide âlden. Nei it úfleanen foarmje de jongen troepen fan jonge fügels, wêrút twa seizoenen letter nije briedpearen fuortkomme.

Taksonomy

De roek komt in twa ûndersoarten foar:

  • Corvus frugilegus frugilegus, Jeropa, M- en SW-Aazje
  • Corvus frugilegus pastinator, E-Aazje; mist wite kin en soe ek in apart soarte wêze kinne.

Keppelings om utens