Substraattaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
SieBot (oerlis | bydragen)
Rigel 23: Rigel 23:
[[de:Substrat (Linguistik)]]
[[de:Substrat (Linguistik)]]
[[en:Substratum]]
[[en:Substratum]]
[[es:Substrato]]
[[es:Sustrato (lingüístico)]]
[[fi:Substraatti (kielitiede)]]
[[fi:Substraatti (kielitiede)]]
[[fr:Substrat]]
[[fr:Substrat]]
Rigel 32: Rigel 32:
[[no:Substrat (lingvistikk)]]
[[no:Substrat (lingvistikk)]]
[[pl:Substrat językowy]]
[[pl:Substrat językowy]]
[[ru:Субстрат (лингвистика)]]
[[ru:Языковой субстрат]]
[[uk:Субстрат (лінгвістика)]]
[[uk:Субстрат (лінгвістика)]]

De ferzje fan 19 okt 2007 om 06.01

In substraattaal is in taal dy't yn in beskate krite belies jûn hat foar in oare taal, de superstraattaal. Somtiden wurdt ek wol de koartere term substraat brûkt.

Taalwiksel

By in taalwiksel wurdt in taal yn in beskate krite ferfongen troch in nije taal. De ferfongen taal is dan de substraattaal fan de nije taal. As bûten dy krite noch in foarm fan dy âlde taal praat wurdt, dan is dat in adstraattaal fan de nije taal. Oarsom is de nije taal fan de krite de superstraattaal fan de âlde taal.

Om't it ferfangen meast net folslein is, binne yn in superstraattaal faak resten fan de substraattaal werom te finen. Dizze resten, dy't ôfwike fan de normale regels fan de taal, kinne gewoane wurden wêze mar ek nammen, lykas âlde plaknammen of tradisjonele persoansnammen.

Foarbylden

Foar de Angelsaksyske ynvaasje waard yn Ingelân Keltysk praat. It Ingelsk hat dêr dus in Keltysk substraat.

Ear't de Germanen troch de Limes brieken, waard yn Súd-Dútslân nei alle gedachten in Romaanske taal praat. It Dútsk hat dêr dan in Romaansk substraat. Mar ek dy Romaanske taal hie wer in substraattaal, it Keltysk dat noch earder yn dat gebiet praat waard.

Protofrysk

Ek fan it Frysk wurdt oannaam dat der in substraattaal west hat by de folken dy't Frysk prate of praat hawwe. Oer dizze substraattaal fan it Frysk, oantsjut as it Protofrysk, is noch net folle bekend. Dat sil komme moatte fan rekonstruksje út resten.

By dizze rekonstruksje wurdt yn it earste plak sjoen nei wurdfoarmen dy't oan 'e Germaanske lûdferskowing net meidien hawwe. Sa is de Yndogermaanske p oan it wurdbegjin yn alle Germaanske talen ta f wurden (Latynsk pellis wurdt ta Frysk fel). As der yn it Frysk wurden foarkomme mei p oan it wurdbegjin dy't net fan lettere ûntliening of fan lûdneibauwen ôfkomstich binne, dan sil it dus om substraatwurden gean. Mûglike foarbylden binne: paad en poel.

In mooglik foarbyld fan in âlde plaknamme koe Peazens wêze.