Dirk Hakze: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Side makke mei "{{Keunstner | ôfbylding = De_verbinding.jpg | ôfbyldingstekst = De Ferbining (De Jouwer) 2001 | ôfbyldingsbreedte = | echte namme = | nasjon..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 feb 2021 om 16.05

Dirk Hakze
keunstner
De Ferbining (De Jouwer) 2001
De Ferbining (De Jouwer) 2001
persoanlike bysûnderheden
berne 1957
berteplak Snits
wurkpaad
wurksum as skilder, byldhouwer
jierren aktyf sûnt 1970
offisjele webside
http://www.dirkhakze.com/

Dirk Hakze (Snits, 1957) is in Fryske skilder en byldhouwer.[1]

Libben en wurk

Hakze studearre yn 1986 cum laude ôf oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Hy gie fierder mei syn oplieding oan de 'Hogeschool voor de Kunsten' yn Utert (1986-1987). Hy makke ûnder mear muorreskilderings en metalen skulptueren. Dirk Hakze hat skilderperformances jûn op ferslate strânen ûnder it biedwurd The colors of music. Dêrby makke hy skilderijen op klassike muzyk.

Hakze is inisjator fan it lân-keunstproject The Colorfield Performance, wêrby’t yndividuele wurken fan ferskate keunsters mei inoar in grut keunstwurk foarmje. De earste edysjes wiene op it Oerol Festival op Skylge (1992) en op Skiermûntseach (2000). Yn 2018 organisearre hy de tredde edysje fan it project yn Sleat yn it ramt fan LF 2018, dêr't 400 skilders oan meidiene. [2]

Wurk (karút)

  • 1990 pylder, Worp Tjaardastrjitte, Snits
  • 1993 morreskildering drukkerij oan de Lorentzstrjitte, Snits
  • 1994 morreskildering sintraal magazyn Nieuwe Weme, It Hearrenfean
  • 1996 morreskildering eardere bûterfabryk, Lúnbert
  • 1996 morreskildering trafohúske, Groenlo
  • 2001 de Ferbining, De Jouwer
  • 2010 Joadsk monumint, Boargemaster de Hooppark, Snits
  • muorreskilderings Swetteskoalle, Snits

Fotogalery

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Biografyske gegevens by it RKD -Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis]
  2. The Colorfield Performance, Sloten CH2018 - YouTube The Colorfield Performance, Sleat CH2018