It Huneskip: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Side makke mei " {{Byld | ôfbylding = It_Húne_Skip.jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | jier = 1990 | keunstner = Marja van E..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 feb 2021 om 16.07


It Huneskip
keunstwurk
bysûnderheden
jier 1990
keunstner Marja van Elsberg en Ireen Draaijers
materiaal waarfêst stiel, swerfstien, hurdstien
plak De Jouwer
lokaasje Helmhout, wyk Skipsleat;

It Huneskip is in keunstwurk yn it plantsoen oan it Helmhout yn de wyk Skipsleat op De Jouwer.

It objekt waard makke troch de keunstneressen Elsberg en Draaijers. Yn de wenwyk Skipsleat ferwize de strjitnammen nei de skipfeart. It keunstwurk hat de foarm fan in 13de iuwske Hanzekogge en stiet oan de râne fan in fiver. De ferwurke swerfstiennen leine hjir en dêr yn De Jouwer.

It mânske seil is makke fan waarfêst stiel. De trijehoekige foarm slút oan by de foarm fan it plein.

De tsjokke betontegels fan de pleinfluorring om it keunstwurk hinne ha de kleuren wyt, read en swart.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: