Bommesmiter: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L opmaak tikje oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 8: Rigel 8:
==Soarten bommesmiters==
==Soarten bommesmiters==
*[[Strategyske bommesmiter]]s binne benammen ûntwurpen om [[strategy]]ske doelen op grutte ôfstân fan 'e thúsbasis oan te fallen, lykas oare [[militêre basis|militêre bases]], [[fabriken]], [[skipswerf|skipswerven]], wichtige [[brêge]]n, ensfh. Foarbylden fan dit type bommesmiters binne de [[Avro Lancaster]], de [[Boeing B-17 Flying Fortress]], de [[Boeing B-29 Superfortress]], de [[Boeing B-52 Stratofortress]], de [[Northrop Grumman B-2 Spirit]], de [[Rockwell B-1 Lancer]], de [[Tûpolev Tû-16]] en de [[Tûpolev Tû-160]].
*[[Strategyske bommesmiter]]s binne benammen ûntwurpen om [[strategy]]ske doelen op grutte ôfstân fan 'e thúsbasis oan te fallen, lykas oare [[militêre basis|militêre bases]], [[fabriken]], [[skipswerf|skipswerven]], wichtige [[brêge]]n, ensfh. Foarbylden fan dit type bommesmiters binne de [[Avro Lancaster]], de [[Boeing B-17 Flying Fortress]], de [[Boeing B-29 Superfortress]], de [[Boeing B-52 Stratofortress]], de [[Northrop Grumman B-2 Spirit]], de [[Rockwell B-1 Lancer]], de [[Tûpolev Tû-16]] en de [[Tûpolev Tû-160]].
*[[Taktyske bommesmiter]]s binne ûntwurpen om foar it ûnderstypjen fan grûntroepen oer in slachfjild te fleanen en [[taktyk|taktyske]] doelen oan te fallen, lykas [[soldaat|troepekonsintraasjes]], [[tank]]s, [[brêge]]n, [[spoarline]]n, ensfh. Tsjin [[skip]]pen kinne net inkeld bommen, mar ek [[lofttorpedo|lofttorpedo's]] ynset wurde, dy't yn it [[oerflaktewetter|wetter]] dropt wurde en dan sels harren wei nei it doel fine. Yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden foar it earst ek [[raket|grûndoelraketten]] ynset, dy't neitiid fierder ûntwikkele waarden ta [[stjoerde raket|stjoerde wapens]]. It giet by taktyske bommesmiters faak om saneamde [[dûkbommesmiter]]s. Foarbylden fan taktyske bommesmiters binne de [[Aichi D3A|Aichi D3A "Val"]], de [[Dassault Mirage 2000]], de [[Fairchild Republic A-10 Thunderbolt]], de [[Fairey Battle]], de [[Heinkel He-111]], de [[Heinkel He-177]], de [[Henschel Hs-129]], de [[Iljûsjin Il-2]], de [[Junkers Ju-87]] (better bekend as de Stuka), de [[Mikojan Goerevitsj MiG-27]], de [[Nakajima B5N|Nakajima B5N "Kate"]], de [[Sûchoi Sû-25]] en de [[Xian JH-7]].
*[[Taktyske bommesmiter]]s binne ûntwurpen om foar it ûnderstypjen fan grûntroepen oer in slachfjild te fleanen en [[taktyk|taktyske]] doelen oan te fallen, lykas [[soldaat|troepekonsintraasjes]], [[tank (wapen)|tank]]s, [[brêge]]n, [[spoarline]]n, ensfh. Tsjin [[skip]]pen kinne net inkeld bommen, mar ek [[lofttorpedo|lofttorpedo's]] ynset wurde, dy't yn it [[oerflaktewetter|wetter]] dropt wurde en dan sels harren wei nei it doel fine. Yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden foar it earst ek [[raket|grûndoelraketten]] ynset, dy't neitiid fierder ûntwikkele waarden ta [[stjoerde raket|stjoerde wapens]]. It giet by taktyske bommesmiters faak om saneamde [[dûkbommesmiter]]s. Foarbylden fan taktyske bommesmiters binne de [[Aichi D3A|Aichi D3A "Val"]], de [[Dassault Mirage 2000]], de [[Fairchild Republic A-10 Thunderbolt]], de [[Fairey Battle]], de [[Heinkel He-111]], de [[Heinkel He-177]], de [[Henschel Hs-129]], de [[Iljûsjin Il-2]], de [[Junkers Ju-87]] (better bekend as de Stuka), de [[Mikojan Goerevitsj MiG-27]], de [[Nakajima B5N|Nakajima B5N "Kate"]], de [[Sûchoi Sû-25]] en de [[Xian JH-7]].
*[[Jachtbommesmiter]]s binne fleanmasines mei in dûbele rol: se kinne tarist wurde foar it bombardearjen fan taktyske doelen, mar ek foar it bestriden fan 'e fleanmasines fan 'e fijân en foar útfieren fan loftgefjochten. Foarbylden fan sokke tastellen binne de [[Dassault Mirage 2000]], de [[F-16 Fighting Falcon]], de [[F/A-18 Hornet]], de [[Hawker Typhoon]] en de [[Panavia Tornado]].
*[[Jachtbommesmiter]]s binne fleanmasines mei in dûbele rol: se kinne tarist wurde foar it bombardearjen fan taktyske doelen, mar ek foar it bestriden fan 'e fleanmasines fan 'e fijân en foar útfieren fan loftgefjochten. Foarbylden fan sokke tastellen binne de [[Dassault Mirage 2000]], de [[F-16 Fighting Falcon]], de [[F/A-18 Hornet]], de [[Hawker Typhoon]] en de [[Panavia Tornado]].



De ferzje fan 29 des 2020 om 19.56

In B-52 fan 'e Amerikaanske Loftmacht fiert yn 'e Fjetnamoarloch in bombardemint fan Noard-Fjetnam út.
Northrop Grumman B-2 Spirit

In bommesmiter is in militêre fleanmasine ornearre foar it oanfallen fan grûndoelen mei bommen, torpedo's of raketten.

Skiednis

It earste bombardemint dat útfierd waard troch in fleanmasine, fûn yn 1911 plak, ûnder de Italjaansk-Turkske Oarloch, doe't in Italjaanske piloat bommen útsmiet boppe Osmaanske stellings yn wat no Lybje is. Yn 'e Earste Wrâldoarloch (1914-1918) waarden loftbombardeminten foar it earst op gruttere skaal ynset. Yn 't earstean waarden bommen dêrby troch piloaten mei de hân út 'e fleanmasine smiten, mar tsjin 'e ein fan 'e oarloch waarden de earste, spesjaal foar it útfieren fan loftbombardeminten ûntwurpen fleanmasines boud. Dat wie it ûntstean fan 'e bommesmiter. (Ek seppelins waarden doedestiden trouwens brûkt foar it útfieren fan loftbombardeminten.) Yn it Ynterbellum ferrûn de ûntwikkeling fan 'e bommesmiter fluch, en tsjin 'e tiid dat yn 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbriek, wie it in klasse fleanmasines wurden dy't him dúdlik ûnderskate fan 'e fluggere en better maneuvrearbere jachtfleanmasine.

Soarten bommesmiters

Strategyske bommesmiters hawwe ornaris wol in beskate foarm fan ôfwargeskut, lykas in boardkanon, mar se binne relatyf grut, en loch en traach, en net ûntwurpen om loftgefjochten mei oare fleanmasines oan te gean. Fral op yndividuele misjes binne se kwetsber foar fijannige jachtfleanmasines. As de oanwêzichheid dêrfan ferwachte wurdt, moatte strategyske bommesmiters dan ek eskortearre wurde troch eigen jachtfleanmasines, dy't de oanfallen fan 'e fijân ôfslaan moatte.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.