Ferskil tusken ferzjes fan "Kantoar"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
11 bytes lytser ,  11 moannen lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(bs)
Lebel: Al weromset
[[File:Channel_1_Israel_DSC0021.jpg|right|thumb|250px|In typysk modern kantoar.]]
 
In '''kantoar''' (fan it [[Aldfrânsk]]e ''comtoir'', modern [[Frânsk]]: ''comptoir'', "[[toanbank]]") is ornaris in [[fertrek]] of oare romte yn in [[gebou]] dêr't de [[wurknimmer]]s fan in [[organisaasje]] [[administraasje|administratyf]] [[wurk]] dogge dat de doelen fan 'e organisaasje ûnderstipet. Sa'n organisaasje is faak in [[bedriuw]], mar it kin ek in [[stifting]], [[oerheid]]synstânsje of oare ynstelling wêze. Men seit fan lju dy't dêr wurkje dat se "op kantoar sitte". It wurk dat yn sa'n fermidden dien wurdt, rint útinoar fan [[boekhâlding]] oant [[resepsje (bedriuw)|resepsje]]. In kantoar bestiet út ien of mear [[buro (skriuwtafel)|buro's]] mei ien of mear [[burostoel|burostuollen]], wêrby't op it buro almeast teminsten ien [[Kompjûter|kompjûter]] pleatst is. Alle oare [[ynboel]] is eins opsjoneel, mar men sjocht der ek faak û.o. [[argyfkast]]en, oare [[kast]]en en in [[kopiëarmasine]]. In [[bouwurk]] mei allinnich mar of foar it meastepart kantoaren is in [[kantoargebou]]. It komt faak foar dat yn soksoarte gebouwen ferskate bedriuwen of ynstellings fêstige binne. In kantoarromte yn in partikuliere wente wurdt almeast oantsjut as in [[studearkeamer]].
[[File:London_MMB_»095_15_Westferry_Circus.jpg|left|thumb|250px|In saneamde 'kantoartún'.]]
20

bewurkings

Navigaasjemenu