Wite Tsjerkje (Gruttegast): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 47: Rigel 47:


[[Kategory:Gruttegast]]
[[Kategory:Gruttegast]]
[[Kategory:Tsjerkegebou yn Grinslân]]
[[Kategory:Tsjerkegebou yn Westerkertier]]
[[Kategory:Ryksmonumint yn Grinslân]]
[[Kategory:Ryksmonumint yn Westerkertier]]
[[Kategory:Bouwurk út de 17e iuw]]
[[Kategory:Bouwurk út de 17e iuw]]

De ferzje fan 9 nov 2020 om 11.02

Wite Tsjerkje
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Gruttegast
adres Rondweg 21
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18772
offisjele webside
Side fan de gemeente

It Wite Tsjerkje (Witte Kerkje) yn Gruttegast is de eardere herfoarme tsjerke en tsjintwurdich ien fan de tsjerkegebouwen fan de PKN-gemeente Gruttegast-Sebaldebuorren.

De tsjerke is in ienfâldige sealtsjerke, dy't boud waard yn de santjinde iuw. Yn 1829 waard de tsjerke hielendal ferboud en krige doe it hjoeddeiske oansjen. De sydmuorren en eftermuorre hawwe grutte rûnbôgefinsters. Yn de foargevel sitte trije rûne finsters. Op it wytpleistere tsjerkje stiet in 19e-iuwske dakruter, dêr't in klok fan 1983 yn hinget. De âldere klok út 1611 is skuord en kin net mear brûkt wurde.

Yn de jierren 2004-2005 waard de tsjerke restaurearre. Doe binne der nije banken yn set en krige de tsjerke in preekstoel út Appelskea.

De tsjerke wurdt brûkt foar lytsere gearkomsten, lykas fesper-, rou- en troutsjinsten.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: