Hidaard: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 31: Rigel 31:


== Strjitten ==
== Strjitten ==
Buorren, Doniadyk, [[De Kliuw]], Tjebbingadyk, [[Trijehuzen (Idaard)|Trijehuzen]].
Buorren, Doniadyk, [[De Kliuw]], Tjebbingadyk, [[Trijehuzen (Hidaard)|Trijehuzen]].


== Sjoch ek ==
== Sjoch ek ==

De ferzje fan 1 nov 2020 om 23.38

Hidaard
Flagge fan Hidaard Wapen fan Hidaard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hidaard
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2004) 110
Webstee Oer Hidaard

Hidaard is in doarp yn it suden fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp hat likernôch 110 ynwenners (2004). De namme komt fan de eigennamme Hida mei de útgong -wert. By it doarp hearre ek de buorskippen De Kliuw, Hidaardersyl en Trijehuzen.

Lizzing

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Hidaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 kaam Hidaard bij de nije gemeente Littenseradiel, nei noch in gemeentlike weryndieling kaam i yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân. It terpdoarp leit yn de âldste polder fan Nederlân, It Eilân fan Easterein. Súdwestlik fan Hidaard leit de kearslûs yn de Slachte oer de Hidaarder Feart, in útwetteringsslûs út de 10e iuw fan de Eastereinder Polder en letter foar in diel fan Hinnaarderadiel en Barradiel. Hidaard leit oan de Marnerûte foar kano's en hat ek in oanlissteiger.

Gebouwen

By it doarp leit de fjouwersprong mei eartiids ferneamde hotel De Kliuw. It kafee is no ta wenhûs ferboud en is no in plak om te oernachtsjen Bêd en Brochje.

Oan de Slachtedyk leit yn de flier fan de herfoarme tsjerke in sark út de 16e iuw fan de lêste abt fan it eardere Kleaster Blomkamp. It oargel is fan 1935, boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.

Mienskip

De feriening foar Doarpsbelang is oprjochte op 9 febrewaris 1925. Yn augustus is der meast in doarpsfeest. Biljertferiening de Hiddastjitters spilet yn doarpshûs it Hiddahûs. De keatsferiening Hidaerd bestiet sûnt 1976.

Befolking

Strjitten

Buorren, Doniadyk, De Kliuw, Tjebbingadyk, Trijehuzen.

Sjoch ek

Keppeling om utens