Ponka (taal): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 79: Rigel 79:
Fan 'e 29 [[konsonant]]en wurde de b, d, h, k, m, n, p, s, t en z op 'e 'gewoane' manear útsprutsen. Oare bekende bylûden binne de ch [ʧ] (tsj fan 'tsjerke'), g [ɡ] (g fan 'goed'), gh [ɣ] (g fan 'bûge'), j [ʤ] (dzj fan 'siedzje'), sh [ʃ] (sj fan 'sjippe'), w [w] (w fan 'skowe'), x [x] (ch fan 'berch') en zh [ʒ] (zj fan 'bagaazje'). De [[apostrof]] (’) stiet foar de [[glottisslach]] [ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje".
Fan 'e 29 [[konsonant]]en wurde de b, d, h, k, m, n, p, s, t en z op 'e 'gewoane' manear útsprutsen. Oare bekende bylûden binne de ch [ʧ] (tsj fan 'tsjerke'), g [ɡ] (g fan 'goed'), gh [ɣ] (g fan 'bûge'), j [ʤ] (dzj fan 'siedzje'), sh [ʃ] (sj fan 'sjippe'), w [w] (w fan 'skowe'), x [x] (ch fan 'berch') en zh [ʒ] (zj fan 'bagaazje'). De [[apostrof]] (’) stiet foar de [[glottisslach]] [ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje".


Fierders hat it Ponka 4 [[aspiraasje|aspirearre]] konsonanten (chʰ, kʰ, pʰ en tʰ), wêrby't de basisklank (tsj, resp. k, p en t) folge wurdt troch in licht h-ke, sa't bekend is fan 'e [[Grinslânsk]]e útspraak fan ''Marthinithoren''. Ek binne der 5 konsonanten mei in fêste glottisslach derefteroan: p’, s’, sh’, t’ en x’.
Fierders hat it Ponka 4 [[aspiraasje (taalkunde)|aspirearre]] konsonanten (chʰ, kʰ, pʰ en tʰ), wêrby't de basisklank (tsj, resp. k, p en t) folge wurdt troch in licht h-ke, sa't bekend is fan 'e [[Grinslânsk]]e útspraak fan ''Marthinithoren''. Ek binne der 5 konsonanten mei in fêste glottisslach derefteroan: p’, s’, sh’, t’ en x’.


De th, ta einbeslút, stiet foar de klank [ɫᶞ], in tige 'dûnkere' l (sa't dy bgl. yn it [[Frysk]] foarkomt yn 'loch'), folge troch in lichte [[stimhawwende th]] [ð], lykas yn it [[Ingelsk]]e wurd ''this''. Dizze klank komt bygelyks foar yn Ní Btháska [nĩ 'bɫᶞaska], wat letterlik "plat wetter" betsjut, de Ponka-namme foar de [[rivier]] de [[Platte (rivier)|Platte]]. Dy oantsjutting komt feitliks de namme fan 'e steat [[Nebraska]] út fuort.
De th, ta einbeslút, stiet foar de klank [ɫᶞ], in tige 'dûnkere' l (sa't dy bgl. yn it [[Frysk]] foarkomt yn 'loch'), folge troch in lichte [[stimhawwende th]] [ð], lykas yn it [[Ingelsk]]e wurd ''this''. Dizze klank komt bygelyks foar yn Ní Btháska [nĩ 'bɫᶞaska], wat letterlik "plat wetter" betsjut, de Ponka-namme foar de [[rivier]] de [[Platte (rivier)|Platte]]. Dy oantsjutting komt feitliks de namme fan 'e steat [[Nebraska]] út fuort.

De hjoeddeiske ferzje sûnt 29 okt 2020 om 21.48

Ponka
algemien
oare namme(n) Ponca
eigen namme Páⁿka iyé
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers (útstoarn)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
  ● Westsûaansk
    ● Mississippydelling-Sûaansk
      ● Degihaansk
        ● Omaha-Ponka
          ● Ponka
taalkoades
ISO 639-3 oma (mei it Omaha)

It Ponka (Ingelsk: Ponca; Ponka: Páⁿka iyé) is de taal fan 'e Ponka, in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It is in Sûaanske taal dy't ta de taalkloft fan 'e Degihaanske talen heart, en tige nau besibbe is oan it Omaha. It Ponka hat tsjintwurdich gjin memmetaalsprekkers mear.

Taalbesibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ponka heart ta de Westsûaanske taalgroep fan 'e grutte Sûaanske taalfamylje. Dêrbinnen wurdt it ta de Degihaanske talen rekkene, dy't in ûnderdiel foarmje fan 'e groep fan 'e Mississippydelling-Sûaanske talen. It Ponka is tige nau besibbe oan it Omaha, in sibskip dy't him û.m. uteret yn it feit dat de beide talen goed ûnderling fersteanber binne. De measte taalkundigen sjogge it Omaha-Ponka dêrom as ien taal en it Ponka en it Omaha as dialekten fan dy taal. De Omaha- en Ponka-Yndianen fersette har tsjin dy opfetting, en beskôgje harren eigen respektivelike spraken wol deeglik as selsstannige talen.

Taalgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ponka waard foarhinne sprutsen op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Nebraska, yn 'e neite fan Niobrara. Letter waard it ek sprutsen yn noardlik Oklahoma, yn 'e krite om it hjoeddeiske Ponca City en White Eagle, dêr't de Ponka-Yndianen yn 1877 hinne deportearre waarden.

Tal sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ponka is no in útstoarne taal mei't der gjin memmetaalsprekkers mear binne. Wol binne der noch in hantsjefol leden fan 'e âlderein dy't it op net-floeiende wize sprekke kinne.

Skrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it Ponka wurdt in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet brûkt. Dat omfiemet mar leafst 36 letters, hoewol't de f, l, q, r, v en y net foarkomme.

A a Aⁿ aⁿ B b Ch ch Chʰ chʰ D d E e G g
Gh gh H h I i Iⁿ iⁿ J j K k Kʰ kʰ M m
N n O o P p P’ p’ Pʰ pʰ S s S’ s’ Sh sh
Sh’ sh’ T t T’ t’ Tʰ tʰ Th th U u W w X x
X’ x’ Z z Zh zh ’ ’

Fonology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ponka beskikt oer 5 gewoane fokalen: a [a] (fan 'mar'), e [e] (fan 'leed'), i [i] (fan 'wyt'), o [o] (fan 'bok') en u [u] (fan 'tûk'). Dêropta binne der 2 nasale fokalen: aⁿ [õ] (lykas yn it Frânske wurd on), en de iⁿ [ĩ] (fan 'hyns').

Fan 'e 29 konsonanten wurde de b, d, h, k, m, n, p, s, t en z op 'e 'gewoane' manear útsprutsen. Oare bekende bylûden binne de ch [ʧ] (tsj fan 'tsjerke'), g [ɡ] (g fan 'goed'), gh [ɣ] (g fan 'bûge'), j [ʤ] (dzj fan 'siedzje'), sh [ʃ] (sj fan 'sjippe'), w [w] (w fan 'skowe'), x [x] (ch fan 'berch') en zh [ʒ] (zj fan 'bagaazje'). De apostrof (’) stiet foar de glottisslach [ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje".

Fierders hat it Ponka 4 aspirearre konsonanten (chʰ, kʰ, pʰ en tʰ), wêrby't de basisklank (tsj, resp. k, p en t) folge wurdt troch in licht h-ke, sa't bekend is fan 'e Grinslânske útspraak fan Marthinithoren. Ek binne der 5 konsonanten mei in fêste glottisslach derefteroan: p’, s’, sh’, t’ en x’.

De th, ta einbeslút, stiet foar de klank [ɫᶞ], in tige 'dûnkere' l (sa't dy bgl. yn it Frysk foarkomt yn 'loch'), folge troch in lichte stimhawwende th [ð], lykas yn it Ingelske wurd this. Dizze klank komt bygelyks foar yn Ní Btháska [nĩ 'bɫᶞaska], wat letterlik "plat wetter" betsjut, de Ponka-namme foar de rivier de Platte. Dy oantsjutting komt feitliks de namme fan 'e steat Nebraska út fuort.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.