Ferskil tusken ferzjes fan "Fatsoen"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
36 bytes grutter ,  1 jier lyn
bs
L (hjir ek mar by)
(bs)
 
[[File:OdijkMeligheid.jpg|right|thumb|200px|In [[trottoir]]tegel yn [[Odijk]], mei in [[humor]]istyske moanning om 'e [[hûn]] net op 'e stoepe [[kjitte|skite]] te litten.]]
'''Fatsoen''' of '''fatsoenlikens''', of it hawwen fan fatsoen, is in [[minsklik]]e [[eigenskip]] dy't omskreaun wurde kin as it foldwaan oan 'e jildende [[noarmen en wearden]]. It omfiemet in grut tal [[maatskippij|sosjale]] konvinsjes, dy't as ûnderdiel fan 'e [[opfieding]] troch [[âldelju]] oan harren [[bern (persoan)|bern]] bybrocht wurde. In begryp dat wol wat wei hat fan fatsoen is [[moraal]]. De moreaal wurdt lykwols ornaris sjoen as eat mei in heger doel. Fatsoen oan 'e oare kant, hat benammen te krijen mei it deistich [[hâlden en dragen]] fan 'e [[minske]]n. It [[tsjinstelde (taalkunde)|tsjinstelde]] fan fatsoen is '''ûnfatsoen'''.
 
Wat krekt fatsoenlik is, fariëarret sterk neigeraden de [[kultuer]] dêr't men diel fan útmakket. Sa binne yn 'e measte [[lân|lannen]] [[wet]]ten fan krêft tsjin foarmen fan hâlden en dragen dy't ûnfatsoenlik wêze soene, lykas om beskate [[minsklik lichem|lichem]]sdielen yn [[iepenbiere romte|it iepenbier]] [[bleatens|ûntbleate]] sjen te litten. Wat dat oangiet, binne de ferskillen tusken lannen en kultueren ûnbidige grut. Yn guon kultueren moatte [[manlju]] en/of [[froulju]] bygelyks altyd suver it hiele lichem bedutsen hâlde, wylst yn oare kultueren beide [[sekse]]n ûnder beskate omstannichheden (lykas oan it [[strân]]) frijwol neaken omrinne meie. Ek binnen ien lân kin it fatsoensbegryp lykwols sterk útinoar rinne, ôfhinklik fan 'e [[maatskiplik]]e, [[etnysk]]e en [[religieuze]] eftergrûn fan 'e persoan yn kwestje, of fan it krekte [[geografy]]ske [[plak]] dêr't men jin befynt. [[Klean]] dy't op it [[strân]] akseptabel binne, sille oer it algemien yn in [[winkel|doarpswinkel]] net as fatsoenlik jilde.
 
It begryp fatsoen hat yn [[Nederlân]] foar in soad, fral jonge, minsken in negative byklank krigen, om't it gauris lyksteld wurdt oan [[bekrompenheid]] en in brekme oan [[tolerânsje]] foar oare foarmen fan [[hâlden en dragen]] oer. De negative lading wurdt ek wol ornearre te krijen te hawwen mei in selsoplein oplein gefoel fan ûnfrijheid dat mei it begryp fatsoen ferbûn is, mei't men net mear alles dwaan kin wat men dwaan wolle soe as men jin oan 'e jildende fatsoensregels hâlde soe.
 
Foar in soad oare minsken is it idee dat eltsenien mar dwaan mei en kin wêr't hy of sy sin oan hat, yn Nederlân fierstente fier trochsketten. Fatsoen is ek it rekken hâlden mei oare minsken en net it lieden in folslein [[egoïsme|egoïstysk]] [[libben]]. Dizze tsjinstelling komt faak oan it ljocht by kontroverses oer [[lûdsoerlêst]] fan [[muzykfestival]]s, lykas [[Psy-Fi]] yn [[De Griene Stjer (rekreaasjegebiet)|De Griene Stjer]] by [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Festivalgongers fine dat alles kinne moat sadat sy safolle mooglik [[wille]] hawwe kinne, wylst omwenjenden fine dat de feestfierders har gewoan oan 'e jildende fatsoensnoarmen hâlde moatte, sadat harren [[nachtrêst]] net (folslein) fersteurd wurdt.
 
De [[Nederlân]]ske [[premier]] [[Jan Peter Balkenende]] besocht yn [[april]] [[2005]] it fatsoensbegryp ûnder de [[jongerein]] nij libben yn te blazen mei de [[slogan]] ''Fatsoen Moet Je Doen!'' Dat hat lykwols net ta it troch him winske resultaat laat, hoewol't it wol soarge dat der wer mear diskusje oer it ûnderwerp fatsoen ûnststie.
14.302

bewurkings

Navigaasjemenu