Jan Lever: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L + sic, sjoch bgl. https://archive.vn/XzO8y
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:J. Lever (1922 -1944).jpg|thumb|Jan Lever]]
[[Ofbyld:J. Lever (1922 -1944).jpg|thumb|Jan Lever]]
'''Jan Lever''' ([[Grins (stêd)|Grins]], [[11 augustus]] [[1922]] - [[Eenum]] ([[Loppersum (gemeente)|gemeente Loppersum]]), [[21 july]] of [[21 augustus]] [[1944]] ) wie boekhâlder by it elektrotechnysk bedriuw fan Willem Santema yn Snits, letter direkteur fan de Snitser radiosintrale. Siet yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] yn it ferset.
'''Jan Lever''' ([[Grins (stêd)|Grins]], [[11 augustus]] [[1922]] - [[Eenum]] ([[Loppersum (gemeente)|gemeente Loppersum]]), [[21 july]] of [[21 augustus]] [[1944]] ) wie boekhâlder by it elektrotechnysk bedriuw fan [[Willem Santema]] yn Snits, letter direkteur fan de Snitser radiosintrale. Hy siet yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] yn it ferset.


== Groep Lever ==
== Groep Lever ==
Jan Lever wurke yn de yllegaliteit ûnder de skûlnamme ''Jan de Boer''. Hy siet yn de [[Groep Lever|fersetsgroep Lever]], dêr't ûnder oare ek syn heit [[Hendrik Jacob Lever]] (Grins, [[16 juny]] 1891 - [[Dachau]], [[8 maart]] 1945), syn broer [[Hendrik Jacob Lever]] (Grins, [[26 desimber]] [[1923]] - [[Vught]], [[18 augustus]] [[1944]]), syn suster Meta Lever en Willem Santema hearden.
Jan Lever wurke yn de yllegaliteit ûnder de skûlnamme ''Jan de Boer''. Hy siet yn de [[Groep Lever|fersetsgroep Lever]], dêr't ûnder oare ek syn heit [[Hendrik Jakob Lever sr.]] (Grins, 16 juny 1891 - [[Dachau (konsintraasjekamp)|Dachau]], 8 maart 1945), syn broer [[Hendrik Jacob Lever jr.]] (Grins, [[26 desimber]] [[1923]] - [[Kamp Vught]], [[18 augustus]] [[1944]]), syn suster Meta Lever en Willem Santema hearden.


De timmerman Willem Stegenga wie al gau belutsen by it wurk fan de groep Lever, lykas Jan de Rapper dy't bedriuwslider wie fan Willem Santema syn saak oan de Oosterdijk. Ien fan de bekendste Snitser fersetslieders wie de resersjeur [[Dick J. Brouwer]], dy't bekend waard ûnder de [[skûlnamme]] 'Bontje'.
De timmerman Willem Stegenga wie al gau belutsen by it wurk fan de groep Lever, lykas Jan de Rapper dy't bedriuwslider wie fan Willem Santema syn saak oan de Oosterdijk. Ien fan de bekendste Snitser fersetslieders wie de resersjeur [[Dick J. Brouwer]], dy't bekend waard ûnder de [[skûlnamme]] 'Bontje'.

De ferzje fan 24 okt 2020 om 18.40

Jan Lever

Jan Lever (Grins, 11 augustus 1922 - Eenum (gemeente Loppersum), 21 july of 21 augustus 1944 ) wie boekhâlder by it elektrotechnysk bedriuw fan Willem Santema yn Snits, letter direkteur fan de Snitser radiosintrale. Hy siet yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset.

Groep Lever

Jan Lever wurke yn de yllegaliteit ûnder de skûlnamme Jan de Boer. Hy siet yn de fersetsgroep Lever, dêr't ûnder oare ek syn heit Hendrik Jakob Lever sr. (Grins, 16 juny 1891 - Dachau, 8 maart 1945), syn broer Hendrik Jacob Lever jr. (Grins, 26 desimber 1923 - Kamp Vught, 18 augustus 1944), syn suster Meta Lever en Willem Santema hearden.

De timmerman Willem Stegenga wie al gau belutsen by it wurk fan de groep Lever, lykas Jan de Rapper dy't bedriuwslider wie fan Willem Santema syn saak oan de Oosterdijk. Ien fan de bekendste Snitser fersetslieders wie de resersjeur Dick J. Brouwer, dy't bekend waard ûnder de skûlnamme 'Bontje'.

De groep Lever ferspriede yllegale blêden - lykas Vrij Nederland en Trouw - en holp joaden oan ûnderdûkadressen. De joaden kamen faak út de grutte stêden yn it westen fan it lân mei beurtskippen nei Fryslân ta. Tydlik bleaune se dan by de famylje Lever oan it Lytssân oant se in fêst adres krigen. De groep Lever soarge ek foar finansjele stipe fan ûnderdûkers.

BBC-nijs

Doe't nei de april-maaiestaking fan 1943 de minsken harren radiotastellen ynleverje moasten, besocht de groep Lever op in oare manier ynformaasje te fersprieden. Op 15 juny ferskynde it earste nûmer fan BBC-nijs, in stinsile yllegaal blêd.

Oerfal oan it Lytssân

Yn de nacht fan 16 op 17 novimber 1943 oerfoel de Sicherheitsdienst (SD) it haadkertier fan de groep Lever. Dat wie it âldershûs oan it Lytssân. Inkele leden koenen noch krekt útnaaie troch oer de dakken te flechtsjen. Heit Hendrik Jacob Lever sr. waard arrestearre, tegearre mei it joadske famke Rosa IJzerman dat by de Levers ûnderdûkt siet. Se kamen net werom út it konsintraasjekamp.

Deasketten yn in fjoergefjocht

Jan Lever ferliet Snits nei de oerfal en gie nei Drachten ta. Omt de besetters him op it spoar wiene, gie hy fierder en sluet him oan by it Grinzer knokploech. Op 21 augustus 1944 wie er mei twa fersetsstriders belutsen by in oerfal op it distribúsjekantoar yn Slochteren. De amtners en de oanwêzige besikers waarden opsluten. Ien fan harren hie lykwols in reservekaai, dêr't er mei ûntsnapte. Dy persoan alarmearre de Dútske ynstânsjes, dy't de trije oerfallers mei harren bút efterhellen op in boerehiem yn Eenum. Dêr ûntstie in fjoergefjocht, dêr't Jan Lever by deade waard. Meistrider Hendrik de Haan kaam ek om. It tredde lid fan de knokploech, Kornelis Roeters, stoar yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen.

Hendrik Jacob Lever jr. foar fjoerpeloton

Broer Hendrik Jacob Lever jr. wie typograaf. Nei de oerfal oan it Lytssân dûkte hy ûnder by feehâlder Pieter Reitsma yn Leons. Op 25 maaie 1944 waard Hendrik by in oerfal op de pleats fan Reitsma oansketten en tegearre mei Reitsma arrestearre. Se stoarnen foar it fjoerpeloton yn Vught op 18 augustus 1944.

Betinkingsmonumint

Op it Algemiene Begraafplak fan Snits stiet in betinkingspmonumint op it grêf fan de famylje Lever. Yn 1945 skreau de Feriening Fryslân 1940-1945 in priisfraach út foar in Fryske tinkstien. It waard in ûntwerp fan de Amsterdamske arjitekt Marinus Duintjer mei it motto En de toortsen branden op de terpen. Op de twa meter hege fjouwerkante pylder mei boppe-pan in slútstik mei in liuw, stie de spreuk fan J. de Vries fan Balk: Fallen yn'e striid tsjin ûnrjocht en slavernij - dat wy yn frede foar rjocht en frijdom weitsje. Op de stien van de famylje Lever steane de nammen fan heit Hendrik Jacob en syn soannen Jan en Hendrik Jacob. Under de nammen stiet de tekst: Ik heb den goeden strijd gestreden, ik heb den loop geëindigd, ik heb het geloof behouden, voorts is mij weggelegd de kroon der rechtvaardigheid. 2 Timotheüs 4, verzen 7 en 8a.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: