Hendrik Jakob Lever sr.: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
[[]] better
Rigel 22: Rigel 22:
'''Hendrik Jakob (Henk) Lever sr.''' ([[Grins (stêd)|Grins]], [[16 juny]] [[1891]] - [[Dachau (konsintraasjekamp)|Dachau]], [[8 maart]] [[1945]]) wie in [[Nederlân]]ske [[Fersetsman|fersetsstrider]] yn de [[Twadde Wrâldoarloch]].
'''Hendrik Jakob (Henk) Lever sr.''' ([[Grins (stêd)|Grins]], [[16 juny]] [[1891]] - [[Dachau (konsintraasjekamp)|Dachau]], [[8 maart]] [[1945]]) wie in [[Nederlân]]ske [[Fersetsman|fersetsstrider]] yn de [[Twadde Wrâldoarloch]].


Lever en de frou krigen trije bern: [[Jan Lever (fersetsstrider)|Jan]], [[Hendrik Jacob Lever jr.|Henk]] en [[Meta Lever|Meta]]. As jonge jonge wurke Lever yn de [[boekhannel]] fan syn heit. Yn 1931 ferfear de hûshâlding mei pake Lever nei [[Snits (stêd)|Snits]], dêr't de heit fan Henk sr. yn 1934 stoar.
Lever en de frou krigen trije bern: [[Jan Lever|Jan]], [[Hendrik Jacob Lever jr.|Henk]] en [[Meta Lever|Meta]]. As jonge jonge wurke Lever yn de [[boekhannel]] fan syn heit. Yn 1931 ferfear de hûshâlding mei pake Lever nei [[Snits (stêd)|Snits]], dêr't de heit fan Henk sr. yn 1934 stoar.


Yn de oarloch fersette it gesin him tsjin de Dútske besetter. Harren hûs oan it [[Lytssân (Snits)|Kleinzand]] wie it haadkertier fan de [[Groep Lever]], dêr't hast alle gesinsleden part fan wiene.
Yn de oarloch fersette it gesin him tsjin de Dútske besetter. Harren hûs oan it [[Lytssân (Snits)|Kleinzand]] wie it haadkertier fan de [[Groep Lever]], dêr't hast alle gesinsleden part fan wiene.

De ferzje fan 24 okt 2020 om 18.33

Hendrik Jakob Lever sr.
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1891
berteplak Grins
stoarn 1945
stjerplak Dachau
wurkpaad
aktyf as Fersetsman
reden
  bekendheid
Groep Lever

Hendrik Jakob (Henk) Lever sr. (Grins, 16 juny 1891 - Dachau, 8 maart 1945) wie in Nederlânske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Lever en de frou krigen trije bern: Jan, Henk en Meta. As jonge jonge wurke Lever yn de boekhannel fan syn heit. Yn 1931 ferfear de hûshâlding mei pake Lever nei Snits, dêr't de heit fan Henk sr. yn 1934 stoar.

Yn de oarloch fersette it gesin him tsjin de Dútske besetter. Harren hûs oan it Kleinzand wie it haadkertier fan de Groep Lever, dêr't hast alle gesinsleden part fan wiene.

Yn 1942 waarden Lever sr. en syn soannen arrestearre troch de besetter. Sy sieten in moanne fêst yn de Euterpestraat yn Amsterdam. Nei harren frijlitting setten se harren striid fuort, ûnder mear troch it dwaan fan oerfallen en it fersprieden fan fersetskranten. Ek soargen se foar ûnderdûkadressen foar Joadske flechtelingen.

Yn de nacht fan 16 op 17 novimber 1943 foel de SD it hûs fan de famylje yn. Lever sr., syn dochter en in ûnderdûkster, Rosa IJzerman, waarden arrestearre. De oaren fan de Groep Lever flechten. Se waarden nei de Blokhûspoarte yn Ljouwert brocht. Dochter Meta kaam nei in pear dagen frij, Lever sr. waard op transport set nei Kamp Vught. Dêrwei waard er nei Dachau transportearre, dêr't er op 8 maart 1945 fan útputting stoar.

Yn oktober 2020 waard in unyk kleurefilmke út 1939 ûntdutsen fan Hendrik Lever. Hy is dêr te sjen as frijwilliger fan de loftwacht fan Snits.

Neitins

Yn Snits is op it Algemien Begraafplak in monumint ta oantins fan de famylje Lever stifte op it grêf fan Jan Lever. Yn de Sudertsjerke en yn harren eardere went oan it Lytssân, no part fan it Frysk Skipfeart Museum, hinget in oantinsplakette. De Famylje Leverstrjitte yn Snits is ek nei de famylje ferneamd.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: