Bedriuw: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
10 bytes grutter ,  1 jier lyn
bs
(nije side)
 
(bs)
 
In '''bedriuw''' is in [[organisaasje]] fan [[arbeid (ekonomy)|arbeid]] en [[kapitaal (ekonomy)|kapitaal]]. As it rjochte is op it meitsjen fan [[winst]], wurdt in bedriuw yn 'e regel in '''ûndernimming''' neamd. As in bedriuw taastbere produkten makket, sprekt men ek wol fan in [[fabrikant]] of in produsint. By de [[bedriuwskunde|bedriuwsfiering]] (it runnen fan in bedriuw) binne ferskate persoanen belutsen. Dêrfan spylje de [[eigendom|eigner]], de [[ûndernimmer]], de [[leveransier]], de [[klant]]en en de [[konkurrinsje (ekonomy)|konkurrinten]] by elts bedriuw in rol. Faak is by lytsere bedriuwen de eigner en de ûndernimmer deselde persoan. Gruttere bedriuwen hawwe ek [[wurknimmer]]s, en op noch gruttere skaal komme dêr faak [[oandielhâlder]]s by.
 
Der kin ûnderskie makke wurde tusken [[kommersje|kommersjele]] en net-kommersjele bedriuwen, dy't ek wol profit-, resp. non-profitorganisaasjes neamd wurde. By kommersjele bedriuwen is der sprake fan in ûndernimming, wêrby't risiko's nommen wurde by it stribjen nei in nivo fan winst dat nedich is om it fuortbestean fan it oangeande bedriuw te garandearjen. Om 'e klanten op in sa effisjint mooglike wize te berikken en oan te sprekken, wurdt dêrby sekuer tocht om 'e saneamde 'fjouwer P's': priis, plak, produkt en promoasje. Tsjintwurdich sprekt men trouwens ek wol fan 'e 'trije P's': ''people'' ("minsken"), ''planet'' ("de planeet") en ''profit'' ("winst"). Dêrby wurdt dan yn it ramt fan [[duorsum ûndernimmen]] ek rekken holden mei de mearwearde en/of kosten fan in produkt foar [[minske]], [[maatskippij]] en [[miljeu]]. By net-kommersjele bedriuwen, lykas [[non-profitorganisaasje]]s, [[non-gûvernemintele organisaasjes]] en [[feriening sûnder winsteachmerk|ferienings sûnder winsteachmerk]], is it stribjen nei it meitsjen fan winst net it (earste) doel, mar wurdt ynstee socht nei in nut of it wolwêzen fan (in diel fan) 'e befolking.
14.392

bewurkings

Navigaasjemenu