Ferskil tusken ferzjes fan "Gizeling (misdriuw)"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
bs
(bs)
 
[[File:Hostage exercise.jpeg|right|thumb|200px|In training wêrby't de [[plysje]] oefenet yn it befrijen fan gizelders.]]
In '''gizeling''' is in [[misdriuw]] wêrby't in [[krimineel]] of in groep kriminelen ien of mear [[persoan]]en yllegaal [[finzen]] hâlde mei as doel om 'e stelde easken oan oare partijen ôf te twingen. It [[slachtoffer]] fan in gizeling hjit in '''gizelder''', wylst de dieder in '''gizelnimmer''' is. As misdriuw giet gizeling faak mank mei [[bedriging (misdriuw)|bedriging]] mei [[geweld]], en mei [[ûntfiering]]: it meinimmen fan 'e gizelder(s) fan it iene plak nei it oare. Ek komt gizeling faak foar yn it ramt fan [[terrorisme]]. Gizeling as misdriuw moat ûnderskaat wurde fan [[Gizeling|ferskate oare, legale soarten fan gizeling]].
__TOC__
==Motiven foar gizeling==
De bedoeling fan 'e dieders fan gizelings is om oare partijen, lykas [[famyljeleden]] of de [[wurkjouwer]] fan 'e gizelder, mar faak ek de [[plysje]] of de [[oerheid]], te twingen om oan 'e troch de dieders stelde easken te foldwaan. It faak ymplisite idee dêrefter, dat yn guon gefallen lykwols ek tige eksplisyt útsprutsen wurdt, is dat de gizelnimmer de gizelder(s) [[minsklik lichem|fysyk]] [[geweld]] oandwaan sil of soms sels [[fermoardzje]] sil as him syn sin net jûn wurdt. Oan it eigentlike gebrûk fan geweld giet yn sokke saken ornaris in [[ultimatum]] foarôf, dat op in beskate [[tiid]] ôfrint.
 
Men kin ferskate soarten gizelings ûnderskiede:
*By [[politike]] gizelings wurde minsken yn gizeling nommen om in polityk doel ôf te twingen. Sokke gizelings binne in foarm fan [[terrorisme]].
 
Nettsjinsteande it [[motyf]] jildt gizeling as in tige riskante aksje: de gizelnimmer komt oer it algemien yn in útsichtleaze sitewaasje telâne, wylst er mei syn gizelders troch de plysje belegere wurdt. Wit er al te ûntkommen, dan wurdt alles op alles set om him dêrnei sa gau mooglik op te spoaren. Benammen as de gizelders mei de [[dea]] bedrige wurde, sil de plysje net tebekskrilje om 'e gizelnimmer sels te deadzjen, bygelyks troch de ynset fan [[slûpskutter]]s. It is sels twifelich oft it doel fan 'e gizelnimmer ek mar yn 'e fierste fierte ôftwongen wurde kin, benammen as it om in polityk doel giet, want de measte oerheden wegerje om mei terroristen te [[ûnderhanneljen]], út eangst dat soks liede sil ta mear gizelingsaksjes yn 'e [[takomst]]. Sels as de easken fan 'e gizelnimmer ynwillige wurde, is der neat dat de plysje of de oerheid behinderet om letter dochs noch de diene ûnthjitten wer yn te lûken.
 
==Foarbylden==
14.153

bewurkings

Navigaasjemenu