Blokdruk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 11: Rigel 11:
Foardiel fan it blokdrukproses is de gruttere [[artistike frijheid]] as by oare drukmetoaden. Ofdrukkende blokken dêrfoaroer binne net botte duorsum en wurde troch it brûken gau minder.
Foardiel fan it blokdrukproses is de gruttere [[artistike frijheid]] as by oare drukmetoaden. Ofdrukkende blokken dêrfoaroer binne net botte duorsum en wurde troch it brûken gau minder.


De technyk fûn yn [[Jeropa]] earst yn de foarste helte fan de [[15e iuw]] syn beslach, benammen yn de kultuersintra [[Brugge]], [[Brussel]], [[Haarlim]] en [[Utert]]. De earste losse printen yn blokdruk binne fan 1418 en 1423. De earste blokboeken fan tusken 1430 en 1440. Blokdruk waard algemien foar it printsjen fan printen brûkt, yn de Nederlannen makken de ''Broeders des Gemenen Levens'' lykwols njonken printen ek skreaune teksten. De measte blokdruk is religieus fan aard. Om 1455 hinne waard yn West-Jeropa it drukproses mei losse letters yn gebrûk nommen. De blokdruk waard allinnich noch brûkt foar de werjefte fan ôfbyldings. Oan de ein fan de 15e iuw wie de blokdruk hielendal ferdwûn en ferfongen troch de typografyske druk fan boeken.
De technyk fûn yn [[Jeropa]] earst yn de foarste helte fan de [[15e iuw]] syn beslach, benammen yn de kultuersintra [[Brugge]], [[Brussel]], [[Haarlim]] en [[Utert (stêd)|Utert]]. De earste losse printen yn blokdruk binne fan 1418 en 1423. De earste blokboeken fan tusken 1430 en 1440. Blokdruk waard algemien foar it printsjen fan printen brûkt, yn de Nederlannen makken de ''Broeders des Gemenen Levens'' lykwols njonken printen ek skreaune teksten. De measte blokdruk is religieus fan aard. Om 1455 hinne waard yn West-Jeropa it drukproses mei losse letters yn gebrûk nommen. De blokdruk waard allinnich noch brûkt foar de werjefte fan ôfbyldings. Oan de ein fan de 15e iuw wie de blokdruk hielendal ferdwûn en ferfongen troch de typografyske druk fan boeken.


==Blokdruk (tekstyltechnyk)==
==Blokdruk (tekstyltechnyk)==

De hjoeddeiske ferzje sûnt 19 okt 2020 om 16.15

Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993
Snien houtblok en ôfdruk

Blokdruk is in druktechnyk dy’t út Sina komt. In boek dat op dy wize makke is, wurdt in blokboek neamd. It is tagelyk in metoade op tekstyl te beprintsjen.

Blokdruk (boekdruktechnyk)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Diamantsoetra út 868 is it âldst bekende blokboek út Sina

De praktyk is foar ’t neist sawat twatûzen jier âld. It âldst bekende foarbyld, de Dharani Sutra fan ûnbeflekke suverens en ljocht is fan foar ’t neist om 750 hinne en waard fûn yn in stoepa by Kyongyu yn Korea, dat eartiids de haadstêd fan it keninkryk Silla wie. It âldst datearre foarbyld út Sina, de Diamantsoetra, stamt út 868 (bewarre yn it British Museum. De blokdruk waard yn Sina sterk ûntwikkele ûnder de Tang-dynasty (618-907). Under de Lette Tang-keizer Mingzong (926-933) kaam de technyk yn algemien gebrûk.[1]

Faklju sniene de ôfbylding(s) en de (faak beheinde) tekst yn it houtblok. It blok waard dêrnei mei inket behannele dêr’t in papier op lein waard wat mei de hân oanwreaun waard. Dy hanneling waard mear kearen werhelle. By dy metoade ûntstie in moet yn it papier en de wetterinket krong troch it papier hinne dêr’t it mar iensidich troch te beprintsjen wie (anapistografyske druk). Om dochs dûbelsidige boekblêden te meitsjen waarden de lege siden tsjininoar lime.[2]

Foardiel fan it blokdrukproses is de gruttere artistike frijheid as by oare drukmetoaden. Ofdrukkende blokken dêrfoaroer binne net botte duorsum en wurde troch it brûken gau minder.

De technyk fûn yn Jeropa earst yn de foarste helte fan de 15e iuw syn beslach, benammen yn de kultuersintra Brugge, Brussel, Haarlim en Utert. De earste losse printen yn blokdruk binne fan 1418 en 1423. De earste blokboeken fan tusken 1430 en 1440. Blokdruk waard algemien foar it printsjen fan printen brûkt, yn de Nederlannen makken de Broeders des Gemenen Levens lykwols njonken printen ek skreaune teksten. De measte blokdruk is religieus fan aard. Om 1455 hinne waard yn West-Jeropa it drukproses mei losse letters yn gebrûk nommen. De blokdruk waard allinnich noch brûkt foar de werjefte fan ôfbyldings. Oan de ein fan de 15e iuw wie de blokdruk hielendal ferdwûn en ferfongen troch de typografyske druk fan boeken.

Blokdruk (tekstyltechnyk)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tekstyl is blokdruk it beprintsjen fan katoen of behang mei help fan blokken dêr’t de patroanen yn heechreliëf yn útsnien wiene. Se brûkten meast apel- of parrehout. De blokken waarden mei kleurstof belein wêrnei’t it patroan op de stof drukt waard. Neidat de moderne rotaasjedruk tapast waard bleaune se de blokdruk noch brûken omdat de ûnregelmjittigens suggerearre dat it hânwurk wie. Sa makken se ymmitaasje batik en ikat.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopedia of Library and Information Science. Fan Allen Kent, Harold Lancour. 1977, CRC Press.
  2. KB Biblia pauperum