Brân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
FirePhotography.jpg ferfange troch Fire_inside_an_abandoned_convent_in_Massueville,_Quebec,_Canada.jpg (troch CommonsDelinker om't: [[:c:
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 4: Rigel 4:


==Oarsaken==
==Oarsaken==
Brannen kinne ûntstean troch in [[ûngemak]], lykas [[koartsluting]], troch in natuerlike oarsaak, lykas in [[wjerljocht]]ynslach, mar ek troch boaze opset: [[brânstifting]]. Dat wurdt soms by fersin of troch [[neilittichheid]] dien (bgl. troch in brânende [[sigaret]] falle te litten of fuort te smiten), en it komt ek foar dat it in (út 'e hân rûne) kweajongesstreek is. Guon lju hawwe lykwols in [[sykte|syklike]] fassinaasje foar fjoer, dy't har oanset om allegeduerigen brân te stiftsjen; sokken wurde [[pyromaan|pyromanen]] neamd.
Brannen kinne ûntstean troch in ûngemak, lykas [[koartsluting]], troch in natuerlike oarsaak, lykas in [[wjerljocht]]ynslach, mar ek troch boaze opset: [[brânstifting]]. Dat wurdt soms by fersin of troch [[neilittichheid]] dien (bgl. troch in brânende [[sigaret]] falle te litten of fuort te smiten), en it komt ek foar dat it in (út 'e hân rûne) kweajongesstreek is. Guon lju hawwe lykwols in [[sykte|syklike]] fassinaasje foar fjoer, dy't har oanset om allegeduerigen brân te stiftsjen; sokken wurde [[pyromaan|pyromanen]] neamd.


Foar fjoer, en dus ek brân, moat sprake wêze fan trije faktoaren: brânber materiaal, [[soerstof]] en in foldwaande hege [[ûntbrâningstemperatuer]]. Dy trije dingen mei-inoar wurde wol de [[brântrijehoek]] of de brânsirkel neamd. As de mingferhâlding meirekkene wurdt, sprekt men wol fan de [[brânfjouwerhoek]], en as der in [[katalysator]] yn it spul is, hat men it oer in [[brânfiifhoek]]. In katalysator is in middel dat ferbrâning mooglik makket of hurder gean lit, mar dat sels net ferbrânt. In foarbyld is it brâne litten fan in [[sûker]]klûntsje troch der sigarettejiske op lizzen: sûker brânt net sûnder sigarettejiske, mar de sigarettejiske (dy't ommers al ferbrând is) wurdt net ferbrûkt en wurket dus as in katalysator.
Foar fjoer, en dus ek brân, moat sprake wêze fan trije faktoaren: brânber materiaal, [[soerstof]] en in foldwaande hege [[ûntbrâningstemperatuer]]. Dy trije dingen mei-inoar wurde wol de [[brântrijehoek]] of de brânsirkel neamd. As de mingferhâlding meirekkene wurdt, sprekt men wol fan de [[brânfjouwerhoek]], en as der in [[katalysator]] yn it spul is, hat men it oer in [[brânfiifhoek]]. In katalysator is in middel dat ferbrâning mooglik makket of hurder gean lit, mar dat sels net ferbrânt. In foarbyld is it brâne litten fan in [[sûker]]klûntsje troch der sigarettejiske op lizzen: sûker brânt net sûnder sigarettejiske, mar de sigarettejiske (dy't ommers al ferbrând is) wurdt net ferbrûkt en wurket dus as in katalysator.
Rigel 12: Rigel 12:


==Ferwûnings en dea==
==Ferwûnings en dea==
By brân fallen net inkeld [[ferwûne]]n en/of [[dea]]den troch ferbrâning of it oprinnen fan [[brânwûne]]n, mar ek troch it ynstoarten fan [[gebou]]wen dy't troch brân ferswakke binne, en troch [[reekynhalaasje]]. Sterker noch, de grutste bedriging fan in brân foar in minske of bist wurdt net sasear foarme troch de flammen sels, mar troch de [[reek]] en de hjitte (reek)[[gasfoarming|gassen]]. De [[koalmonokside]] yn 'e reek lit minsken en bisten [[stikken|stikke]] en de reek sels foarmet in ûntrochsichtich 'gerdyn', dêr't men [[desoriïntaasje|desoriïntearre]] fan reitsje kin, sels yn jins eigen [[hûs]], sadat men de útgong (of [[needútgong]]) net (mear) fine kin. De hege [[temperatuer]] kin binnen in pear [[sekonde|tellen]] de [[longblaaske]]s ferbrâne en sa de [[longen]] alhiel útskeakelje. Dêrtroch kin it [[lichem]] net mear fan [[soerstof]] foarsjoen wurde en wurdt de dea ûntsjinkearber.
By brân fallen net inkeld [[ferwûne]]n en/of [[dea]]den troch ferbrâning of it oprinnen fan [[brânwûne]]n, mar ek troch it ynstoarten fan [[gebou]]wen dy't troch brân ferswakke binne, en troch [[reekynhalaasje]]. Sterker noch, de grutste bedriging fan in brân foar in minske of bist wurdt net sasear foarme troch de flammen sels, mar troch de [[reek]] en de hjitte (reek)[[gasfoarming|gassen]]. De [[koalmonokside]] yn 'e reek lit minsken en bisten [[stikken|stikke]] en de reek sels foarmet in ûntrochsichtich 'gerdyn', dêr't men [[desoriïntaasje|desoriïntearre]] fan reitsje kin, sels yn jins eigen [[hûs]], sadat men de útgong (of [[needútgong]]) net (mear) fine kin. De hege [[temperatuer]] kin binnen in pear [[sekonde|tellen]] de [[longblaaske]]s ferbrâne en sa de [[longen]] alhiel útskeakelje. Dêrtroch kin it [[minsklik lichem|lichem]] net mear fan [[soerstof]] foarsjoen wurde en wurdt de dea ûntsjinkearber.


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=

De hjoeddeiske ferzje sûnt 18 okt 2020 om 08.29

In gebou stiet yn 'e brân.
Dizze side giet oer brân yn 'e sin fan fertarring troch fjoer. Foar oare betsjuttings, sjoch: brân (betsjuttingsside).

In brân (mt.: brannen) is in fertarring troch fjoer dy't him, as er net aktyf bestriden wurdt, ûnbeheind útwreidet, grutte materiële skea oanrjochtsje kin, en by minske en bist ta ferwûnings of sels ta de dea liede kin. Der binne ferskate soarten brannen, lykas in stedsbrân, wêrby't in grut diel fan in stêd yn flammen opgiet, en in natoerbrân, in natuerlik foarkommende grutte brân yn wyldernisgebieten, lykas in boskbrân, dúnbrân of feanbrân. Brânbestriding is it wurkmêd fan 'e brânwacht, mar elkenien kin wat dwaan oan brânfeiligens en brânprevinsje, wêrmei't men war docht om it útbrekken fan brân foar te kommen.

Oarsaken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brannen kinne ûntstean troch in ûngemak, lykas koartsluting, troch in natuerlike oarsaak, lykas in wjerljochtynslach, mar ek troch boaze opset: brânstifting. Dat wurdt soms by fersin of troch neilittichheid dien (bgl. troch in brânende sigaret falle te litten of fuort te smiten), en it komt ek foar dat it in (út 'e hân rûne) kweajongesstreek is. Guon lju hawwe lykwols in syklike fassinaasje foar fjoer, dy't har oanset om allegeduerigen brân te stiftsjen; sokken wurde pyromanen neamd.

Foar fjoer, en dus ek brân, moat sprake wêze fan trije faktoaren: brânber materiaal, soerstof en in foldwaande hege ûntbrâningstemperatuer. Dy trije dingen mei-inoar wurde wol de brântrijehoek of de brânsirkel neamd. As de mingferhâlding meirekkene wurdt, sprekt men wol fan de brânfjouwerhoek, en as der in katalysator yn it spul is, hat men it oer in brânfiifhoek. In katalysator is in middel dat ferbrâning mooglik makket of hurder gean lit, mar dat sels net ferbrânt. In foarbyld is it brâne litten fan in sûkerklûntsje troch der sigarettejiske op lizzen: sûker brânt net sûnder sigarettejiske, mar de sigarettejiske (dy't ommers al ferbrând is) wurdt net ferbrûkt en wurket dus as in katalysator.

In boskbrân.

By de measte brannen fynt in tige flugge oksidaasje plak, oftewol in reäksje fan in gemyske stof (yn 'e praktyk frijwol altyd mear as ien) mei soerstof. Dy soerstof kin ek ýn ien fan 'e oangeande stoffen al oanwêzich wêze, lykas yn organyske perokside. Koalwetterstoffen binne oer it algemien de meast foarkommende by brân belutsen stoffen, om't dy yn in hiel protte produkten oanwêzich binne. Koalwetterstoffen wurde karakterisearre troch de oanwêzichheid fan koalstof en wetterstof yn it molekúl. Dy beide stoffen oksidearje sûnder in soad muoite mei soerstof.

Ferwûnings en dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By brân fallen net inkeld ferwûnen en/of deaden troch ferbrâning of it oprinnen fan brânwûnen, mar ek troch it ynstoarten fan gebouwen dy't troch brân ferswakke binne, en troch reekynhalaasje. Sterker noch, de grutste bedriging fan in brân foar in minske of bist wurdt net sasear foarme troch de flammen sels, mar troch de reek en de hjitte (reek)gassen. De koalmonokside yn 'e reek lit minsken en bisten stikke en de reek sels foarmet in ûntrochsichtich 'gerdyn', dêr't men desoriïntearre fan reitsje kin, sels yn jins eigen hûs, sadat men de útgong (of needútgong) net (mear) fine kin. De hege temperatuer kin binnen in pear tellen de longblaaskes ferbrâne en sa de longen alhiel útskeakelje. Dêrtroch kin it lichem net mear fan soerstof foarsjoen wurde en wurdt de dea ûntsjinkearber.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.