Nicolette Shea: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 18: Rigel 18:


==Libben en karriêre==
==Libben en karriêre==
Shea waard yn [[1986]] [[berne]] yn [[Las Vegas]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Nevada]]. Hja krige bekendheid as [[neakenmodel]] doe't hja yn [[oktober]] [[2011]] de ''Playboy Cyber Girl of the Month'' wie. Neitiid bleau Shea aktyf as neakenmodel en posearre se noch ferskate kearen foar de ''[[Playboy]]'' en foar oare [[neakenblêd]]en. Nei ferrin fan tiid begûn se ek as [[stripper]] te wurkjen, wêrby't se as ''[[feature dancer]]'' foar optredens by [[stripklub]]s yn 'e hiele [[Feriene Steaten]] lâns reizget.
Shea waard yn [[1986]] [[berne]] yn [[Las Vegas]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Nevada]]. Hja krige bekendheid as [[neakenmodel]] doe't hja yn [[oktober]] [[2011]] de ''Playboy Cyber Girl of the Month'' wie. Neitiid bleau Shea aktyf as neakenmodel en posearre se noch ferskate kearen foar de ''[[Playboy (tydskrift)|Playboy]]'' en foar oare [[neakenblêd]]en. Nei ferrin fan tiid begûn se ek as [[stripper]] te wurkjen, wêrby't se as ''[[feature dancer]]'' foar optredens by [[stripklub]]s yn 'e hiele [[Feriene Steaten]] lâns reizget.


Op 'e [[tillefyzje]] wurke Shea mei oan 'e [[tillefyzjesearje|searje]] ''Playboy Plus' Pretty in Pink Vol. 2'', op 'e [[tillefyzjestjoerder|stjoerder]] [[Playboy TV]]. Yn [[2017]] makke se de oerstap nei de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[porno]]yndustry, dêr't se in [[seks]][[sêne]] die yn 'e [[pornofilm|film]] ''Flixxx: Angela and Nicolette Get Wet'', fan 'e [[filmstudio|studio]] [[Digital Playground]]. Letter datselde jiers spile se mei [[pornoakteur]] [[Keiran Lee]] yn 'e film ''Don't Bring Your Sister Around Me'', fan it [[Brazzers Network]].
Op 'e [[tillefyzje]] wurke Shea mei oan 'e [[tillefyzjesearje|searje]] ''Playboy Plus' Pretty in Pink Vol. 2'', op 'e [[tillefyzjestjoerder|stjoerder]] [[Playboy TV]]. Yn [[2017]] makke se de oerstap nei de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[porno]]yndustry, dêr't se in [[seks]][[sêne]] die yn 'e [[pornofilm|film]] ''Flixxx: Angela and Nicolette Get Wet'', fan 'e [[filmstudio|studio]] [[Digital Playground]]. Letter datselde jiers spile se mei [[pornoakteur]] [[Keiran Lee]] yn 'e film ''Don't Bring Your Sister Around Me'', fan it [[Brazzers Network]].

De ferzje fan 15 okt 2020 om 11.10

Nicolette Shea
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicolette Shea
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 novimber 1986
berteplak Las Vegas (Nevada)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
Nicolette Shea op Twitter

Nicolette Shea (Las Vegas, 18 novimber 1986) is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2011 útein mei in wurkpaad as neakenmodel, begûn letter ek te wurkjen as stripper en makke yn 2017 har debút as pornoaktrise.

Libben en karriêre

Shea waard yn 1986 berne yn Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. Hja krige bekendheid as neakenmodel doe't hja yn oktober 2011 de Playboy Cyber Girl of the Month wie. Neitiid bleau Shea aktyf as neakenmodel en posearre se noch ferskate kearen foar de Playboy en foar oare neakenblêden. Nei ferrin fan tiid begûn se ek as stripper te wurkjen, wêrby't se as feature dancer foar optredens by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizget.

Op 'e tillefyzje wurke Shea mei oan 'e searje Playboy Plus' Pretty in Pink Vol. 2, op 'e stjoerder Playboy TV. Yn 2017 makke se de oerstap nei de Amerikaanske pornoyndustry, dêr't se in sekssêne die yn 'e film Flixxx: Angela and Nicolette Get Wet, fan 'e studio Digital Playground. Letter datselde jiers spile se mei pornoakteur Keiran Lee yn 'e film Don't Bring Your Sister Around Me, fan it Brazzers Network.

Lichemsskaaimerken

Nicolette Shea is blank, mei griene eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.81 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en kupmaat 36D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat se ek in nâlpiercing. Shea hat lykwols gjin tatoeaazjes.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: