Penthouse (tydskrift): ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
(bs)
 
==Skiednis==
De ''Penthouse'' waard troch Guccione yn [[1965]] yn Grut-Brittanje oprjochte om't der yn 'e Feriene Steaten yn dy tiid noch in grutte maatskiplike wjeraksel tsjin sokke útjeften bestie. Yn septimber [[1969]] ferskynde it earste nûmer fan 'e Amerikaanske edysje. De ''Penthouse'' hie altiten in krekt wat eksplisitere ynhâld as de ''[[Playboy (tydskrift)|Playboy]]'', de grutte konkurrint. Sa hiene de beide blêden yn 'e jierren sechstich en de iere jierren santich in soarte fan wedstryd oer wa't fan syn modellen op 'e foto's it measte [[skamhier]] sjen liet. Dat waard yn 'e Amerikaanske media de ''Pubic Wars'' neamd (nei ''pubic hair'', "skamhier"), in wurdspiling op 'e ''Punic Wars'' (de [[Punyske Oarloggen]], út 'e [[Aldheid]], tusken it [[Romeinske Ryk]] en [[Kartago]]). Fierders printe de ''Penthouse'' yn it begjin fan 'e jierren njoggentich saneamde ''pink-shots'' ôf (foto's wêrop't de [[fagina|fagina's]] fan 'e modellen te sjen wiene), wylst dat yn 'e ''Playboy'' doedestiden noch taboe wie.
[[Ofbyld:AN Stormy Daniels 1.jpg|thumb|left|180px|[[Stormy Daniels]], in ''Penthouse Pet of the Month''.]]
 
14.392

bewurkings

Navigaasjemenu