Ferskil tusken ferzjes fan "Vaudeville"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
24 bytes grutter ,  11 moannen lyn
bs
(nije side)
 
(bs)
 
[[File:The_Sandow_Trocadero_Vaudevilles,_performing_arts_poster,_1894.jpg|right|thumb|200px|In promoasjeposter foar in ''vaudeville''-show út [[1894]].]]
'''''Vaudeville''''' ([[Ingelsk]]e [[útspr.]]: ['vɔ:d(ə)vɪl], likernôch: "<u>vâd</u>-vil" of "<u>vâ</u>-duh-vil") is in [[teäter (keunstfoarm)|teäter]]sjenre besteande út [[fariëtee]], [[muzyk]] en [[komeedzje]], dat oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] yn 'e [[Feriene Steaten]] ûntstie. It ûntliende syn [[namme]] oan in [[Frankryk|Frânsk]] [[toaniel]]sjenre dat oan 'e ein fan 'e [[achttjinde iuw]] fuortkaam út it [[ymprovisaasjetoaniel]]. Dat wie in [[komeedzje]] sûnder [[psychology]]ske of [[noarmen en wearden|morele]] bedoelings, dus wat tsjintwurdich in [[klucht]] neamd wurde soe. By de ''vaudeville'' wiene de [[tekst]]en fan 'e [[akteur]]s lykwols op [[rym (poëzij)|rym]] set en waard it toaniel ôfwiksele troch [[muzyk]] en [[dûns]].
 
Wêr't de (fan oarsprong [[Frânsk]]talige) oantsjutting ''vaudeville'' weikomt, is ûnbekend. Der wurdt wol sein dat it in [[ferbastering]] is fan ''voix de ville'', wat "[[stim]] fan 'e [[stêd]]" betsjut. In oare mooglikheid is dat it in ferbastering is fan ''vaudevire''. Yn 'e [[fyftjinde iuw]] ûntstie yn 'e [[Normanje|Normandyske]] stêd [[Vire (plak)|Vire]] in [[tradysje]] fan [[satirysk]]e [[drinken|drinklieten]] dy't yn hiel [[Frankryk]] populêr waarden. Se stiene bekend as de ''chansons de Vau de Vire'' ("lieten út 'e Vire-delling"). Dêrútwei groeide ''vaudevire'' út ta in algemiene oantsjutting foar satiryske lieten.
 
Yn 'e [[Feriene Steaten]] en ek [[Kanada]] waard ''vaudeville'' koart nei [[1880]] populêr, mar yn in foarm dy't radikaal ferskilde fan it Frânske orizjineel. Feitliks hie it mear wei fan 'e [[foarstelling]]sfoarstellings dy't opfierd waarden yn 'e [[muzykhal]]len fan it [[Fiktoriaanske Tiidrek|Fiktoriaanske]] [[Ingelân]]. It wie in [[fariëtee]] dat opboud wie út in rige folslein op harsels steande [[optreden]]soptredens dy't mei-inoar in [[jûn]]foljend programma foarmen. De optredens waarden fersoarge troch [[folksmuzyk|folkssjongers]] en [[opera (muzyk)|opera]]sjongers, [[klassike muzyk|klassike musisy]] en [[folkmuzyk|folksmuzikanten]], [[komiken]], [[dompteur]]s mei trainde [[bisten]], [[gûchelder]]s, [[búksprekker]]s, [[krêftsport]]ers, [[manlik]]e en [[froulik]]e [[imitator]]s, [[akrobaat (persoan)|akrobaten]], [[jongleur]]s, [[minstreel]]s, [[akteur]]s dy't [[ienakter]]s of [[sêne]]s út langere [[toanielstik]]ken opfierden, [[foardrachtskeunstners]] en bekende persoanen dy't serieuze [[lêzing]]slêzings joegen. Ek waarden der wol [[koarte film]]s fertoand. ''Vaudeville'' bea dus in miks fan 'plat' folksfermaak en 'heechsteande' optredens.
 
De Amerikaanske foarm fan ''vaudeville'' ûntjoech him út in grut tal ynfloeden, wêrûnder [[saloon]]konserten, [[minstreelshow]]s, [[rariteitekabinet]]ten, goedkeape folks[[museä]] en de Amerikaanske foarm fan ''[[burlesque]]''. It [[publyk]] bestie foar it meastepart út sljochtwei folk, lykas [[arbeider]]s. Hoewol't it wol 'it hert fan 'e Amerikaanske showbusiness' neamd waard, hie ''vaudeville'' fanwegen it folk dat derop ôf kaam dochs wat in ordinêr karakter. Nettsjinsteande dat wie it fan 'e [[1880-er jierren|1880-er]] oant [[1930-er jierren]] de populêrste teäterfoarm yn [[Noard-Amearika]]. Neitiid rekke it yn it neigean en tsjintwurdich komt er eins net mear foar. ''Vaudeville'' fungearre as kweekfiver foar [[talint]], en in grut tal ferneamde komiken, lykas [[Charlie Chaplin]], [[Buster Keaton]], [[Mae West]], de [[Marx Brothers]], [[The Three Stooges]], [[W.C. Fields]] en [[George Burns]], kamen derút fuort. It kin beskôge wurde as in foarrinner fan it hjoeddeiske [[kabaret]] en de tsjintwurdige [[stand-upcomedy]].
14.188

bewurkings

Navigaasjemenu