Ferskil tusken ferzjes fan "Kroaning"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
gjin bewurkingsgearfetting
(nije side)
 
L
 
In '''kroaning''' is in [[seremoanje]] mei ornaris in mingd [[religy|religieus]] en [[sekularisaasje|sekulier]] karakter, wêrmei't in [[regear]]jend [[monarch]] en/of dy syn/har [[gemalinne|gema(a)l(inne)]] as sadanich ynhuldige wurdt. De namme 'kroaning' ferwiist nei it [[ritueel]] fan it pleatsen fan 'e [[kroan]], in [[symboal]] fan [[gesach|macht]] en [[wet]]likens, op 'e [[holle]] fan dejinge dy't kroane wurdt. Dat wurdt yn 'e regel ferrjochte troch in [[biskop]] of oare [[geastlike]], mei't de macht fan in monarch yn 'e [[kristendom|kristlike]] [[tradysje]] fan [[God (monoteïsme)|God]] hjit te kommen; sa'nent regearret ommers 'by de [[graasje Gods]]'.
 
Behalven de kroan wurde by in kroaning histoarysk ek de oare [[kroanjuwiel]]len en [[regalia]] ritueel oan 'e monarch oerlange. Wat dy krekt binne, ferskilt fan [[lân]] ta lân, mar faak hearre dêrta: de [[skepter]] (in symboal fan [[gesach]]), de [[ryksapel]] (in symboal foar it territoarium fan 'e monarch) en it [[steatsswurd]] (in symboal fan [[regear]]macht). Fierders omfiemet in kroaning faak ek in [[salving]] fan 'e monarch, wêrby't him in dripke [[oalje]] op 'e holle getten wurdt, krekt sa't de [[kening]]en fan it [[bibel]]ske [[keninkryk Israel]] salve waarden. Dêropta fynt der faak in seremoniële klaaiïng fan 'e monarch plak, troch him de [[keningsmantel]] fan [[harmeling]]ebûnt oer de [[skouder]]s te lizzen. Uteinlik folget de rituële plaknimming op 'e [[troan]]. Fierders kin in kroaningsseremoanje ek it ôflizzen fan spesjale [[eed|eden]] of [[ûnthjit]]ten troch de monarch omfetsje en [[gebed]]ens foar de monarch en syn kommende regear troch de oanwêzige [[geastlike|geastlike liedslju]].
 
Hjoed de dei regearje guon monargen sûnder kroane te wêzen. Yn in [[demokrasy|demokratysk]] [[lân]], dêr't in [[skieding fan tsjerke en steat]] bestiet, leit it foar de hân dat in monarch inkeld ynhuldige wurdt, en net kroane. Yn [[Nederlân]], bygelyks, is it sa dat [[Loadewyk Napoleon Bonaparte]], de kening fan it [[Keninkryk Hollân]], en neitiid alle [[Keninkryk fan de Nederlannen|keningen fan 'e Nederlannen]] fan [[Willem I fan de Nederlannen|Willem I]] ôf, nea kroane mar inkeld ynhuldige binne, om't de kening neffens de Nederlânske [[grûnwet]] in [[tsjinner]] fan it folk is. By dy ynhuldiging wurdt de Nederlânske keningskroan sadwaande net op 'e [[holle]] fan 'e monarch pleatst, mar njonken it steatsswurd, de ryksapel en in eksimplaar fan 'e grûnwet op in [[kredenstafel]] lein.
14.189

bewurkings

Navigaasjemenu