Carter Camp: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
16 bytes grutter ,  1 jier lyn
 
Yn [[1973]] wie Camp mei [[Dennis Banks]] en [[Russell Means]] ien fan 'e organisators fan 'e [[Besetting fan Wounded Knee]], wêrby't sa'n twahûndert [[Oglala]]-[[Lakota (folk)|Lakota]] en oare leden fan 'e AIM it plakje [[Wounded Knee (Súd-Dakota)|Wounded Knee]], yn Súd-Dakota, besetten, dêr't yn [[1890]] it alderlêste ferset fan 'e Lakota [[Bloedbad fan Wounded Knee|yn bloed smoard wie]]. Dêrby trochstiene de wapene aktivisten 71 dagen it belis troch de [[FBI]] en de [[United States Marshals Service]]. Mei Means wie Camp by dizze aksje ien fan 'e wurdfierders fan 'e besetters. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden (in [[Sjeroky (folk)|Sjeroky]] út [[Noard-Karolina]] en in Oglala út it [[Pine Ridge Yndianereservaat]]) en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne waarden (wêrfan't ien, in FBI-agint, bliuwend ferlamme rekke).
 
Foar syn oandiel yn 'e besetting fan Wounded Knee waard Camp feroardiele foar [[ûntfiering]], ûnrjochtlike opsluting en mishanneling fan fjouwer ynspekteurs fan 'e [[post (posterij)|post]]tsjinst, en brocht er twa oant trije jier yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] troch. Neffens syn suster Casey Camp Horinkek wie der fan 'e oanklachten tsjin him neat wier, mar sinnige it de Amerikaanske oerheid net om him nei de fernederjende gong fan saken te Wounded Knee gewoan gean te litten. Camp waard yn [[1973]] keazen ta foarsitter fan 'e AIM, mar koarte tiid letter waard er tegearre mei Means út 'e organisaasje setten, fanwegen in kontroversjeel konflikt mei in oare AIM-lieder, [[Clyde Bellecourt]].
 
===Lettere jierren en dea===
14.392

bewurkings

Navigaasjemenu