Fanmail: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
16 bytes grutter ,  1 jier lyn
bs
L (red)
(bs)
 
'''Fanmail''' (fan it [[Ingelsk]]e ''fan mail'', "post fan fans") is [[post (poststik)|post]] dy't in bekend persoan tastjoerd wurdt troch syn of har bewûnderers ([[fans]]). As reäksje stjoere sokke bekendheden soms in [[foto]] of [[poster]] fan harsels dy't se fan in hantekening foarsjoen hawwe, mei dêrby faak in koart [[brief]] wêryn't se har tank útsprekke foar de ynspiraasje dy't de oanmoediging troch har fans harren biedt.
 
Fanmail kin de foarm hawwe fan [[brief|brieven]], [[briefkaart]]en, [[ansichtkaart]]en, sels yninoar nifele keunstwurken, kado's ensfh. Ofhinklik fan 'e wa't de adressearre is, kin soks soms ek fia [[e-mail]] stjoerd wurde. Under de bekendheden dy't har yn 'e ûntfangst fan fanmail ferhûgje meie, binne [[akteur]]s, [[sjonger]]s, [[muzikant]]en, [[sporter]]s, [[sport]]treners, [[keunstner]]s, [[skriuwer]]s en sels [[politikus|politisy]].
14.392

bewurkings

Navigaasjemenu