Ferskil tusken ferzjes fan "Tobit (bibelboek)"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
34 bytes grutter ,  11 moannen lyn
bs
(bs)
| ISBN =
| Fryske titel = ''Tobit''
| publikaasje = [[1978]], [[Haarlim]]/[[Bokstel (plak)|Bokstel]]
| útjouwer = [[Nederlands Bijbelgenootschap|NBG]] & [[Katholieke Bijbelstichting|KBS]]
| oersetter = pater [[S. Galama]] ofm
| ISBN oers. = 9 06 12 60 817
}}
'''''Tobit''''', yn it [[Hebriuwsk]]: '''טובי''', '''''Ṭovi''''' ([[Gryksk|helenisearre]] en [[Latyn|latinisearre]] ta ''Tobias''), is in deuterokanonyk of [[apokryf]] boek fan 'e [[Bibel]]. Gjin inkele streaming fan it [[joadendom]] erkent it as [[Kanon fan de Bibel|kanon]]yk, en it heart dus net ta de joadske ''[[Tenach]]''. Wat it [[kristendom]] oanbelanget, wurdt ''Tobit'' troch alle [[protestantisme|protestantske tsjerken]] as apokryf beskôge. Allinne de [[Anglikaanske Tsjerke]] lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it [[Alde Testamint]]. Dat is bgl. it gefal yn 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]], wêryn't it as trêde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.
 
De [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], lykwols, rekkenet ''Tobit'' wol deeglik ta de kanon, sa't yn [[397]] fêstlein is troch it [[Konsylje fan Kartago]], en nochris befêstige yn [[1546]], troch it [[Konsylje fan Trinte]]. Yn roomske bibels makket ''Tobit'' sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it daliks op ''[[Nehemia]]''. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] en [[oriïntaalsk-otterdoksy|oriïntaalsk-otterdokse tsjerken]] (lykas de [[Gryksk-Otterdokse Tsjerke|Gryksk-Otterdokse]], de [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|Russysk-Otterdokse]], de [[Georgysk-Otterdokse Tsjerke|Georgysk-Otterdokse]], de [[Armeensk-Otterdokse Tsjerke|Armeensk-Otterdokse]], de [[Syrysk-Otterdokse Tsjerke|Syrysk-Otterdokse]], de [[Etiopysk-Otterdokse Tsjerke|Etiopysk-Otterdokse]] en de [[Koptyske Tsjerke]]).
14.188

bewurkings

Navigaasjemenu