Batsjêba: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2: Rigel 2:
| namme = Batsjêba
| namme = Batsjêba
| ôfbylding = Willem_Drost_-_Batsheba_met_de_brief_van_koning_David.jpg
| ôfbylding = Willem_Drost_-_Batsheba_met_de_brief_van_koning_David.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingstekst = Batsjêba mei de brief fan kening David<br>[[Willem Drost]] (1633–1659)
| ôfbyldingsbreedte =
| ôfbyldingsbreedte =
| nasjonaliteit = [[Keninkryk Israel|Israelitysk]]
| nasjonaliteit = [[Keninkryk Israel|Israelitysk]]

De ferzje fan 30 sep 2020 om 18.17

Batsjêba
aadlik persoan en/of hearsker
Batsjêba mei de brief fan kening David Willem Drost (1633–1659)
Batsjêba mei de brief fan kening David
Willem Drost (1633–1659)
nasjonaliteit Israelitysk
bertedatum 11e iuw f.Kr.
berteplak ûnbekend
stjerdatum 10e iuw f.Kr.
stjerplak Jeruzalim
dynasty Hûs fan David (troch har houlik)
etnisiteit Joadsk
keninginne-gemalinne fan Israel
amtsperioade 100? – 970 f.Kr.

Batsjêba (Hebriuwsk: בַּת שֶׁ֫בַע‎, Baṯšēḇaʿ, útspr.: [bat'ʃɛ:vaʔ], likernôch: "batsjêva"; letterlike betsjutting: "dochter fan 'e eed"; fl. ±1000 f.Kr.) wie yn it Alde Testamint fan 'e Bibel de frou fan Oería de Hetyt en letter fan David, de kening fan Israel. Hja is it bekendst fan it bibelske ferhaal wêryn't David oerhoer mei har bedreau. Doe't se neitiid swier fan him bliek te wêzen, liet er har man Oería út 'e wei romje en naam er har ta frou. Batsjêba waard letter de mem fan Salomo, David syn erfgenamt en opfolger.

Libben

Batsjêba wie de dochter fan Eliam, ien fan 'e tritich krigers fan David, dy't neamd wurde yn 2 Samuël 23:34 en 1 Kroniken 3:5 (dêr't er foar Ammiël trochgiet). Eliam wie de soan fan Achitofel, ien fan David syn meast foaroansteande riedslju, dy't út Gilo kaam, in stêd yn Juda, en Batsjêba wie dêrmei dus in frou út David syn eigen stamme. Hja wie troud mei Oería de Hetyt, in oprjocht man dy't yn it Israelityske leger tsjinne.

Yn 2 Samuël 11:2-5 wurdt ferteld hoe't kening David ris tsjin 'e jûntiid op it dak fan syn paleis yn Jeruzalim omkuiere, dêr't er wei útsjen koe oer de stêd. Dy jûns seach er Batsjêba, dy't op har eigen gerjochtichheid yn 'e bûtenloft oan it baaien wie. Hy begearde har daliks en stjoerde boaden út om har by him te bringen. Neffens it ferhaal hied er doe geslachtsferkear mei har wylst se noch yn 'e reinigingstsjinst wie nei't se de regels hân hie. Neitiid die bliken dat Batsjêba swier rekke wie en dat nijs liet se oan 'e kening oerbringe.

Batsjêba sa't David har sjoen hawwe soe, skildere troch Jean-Léon Gérôme.

Doe siet David der al nuver foar, want Batsjêba har man Oería wie mei it leger yn it fjild en naam diel oan it belis fan Rabba, de haadstêd fan Ammon (it hjoeddeiske Amman, yn Jordaanje). De kening besocht syn skanddie geheim te hâlden troch Oería as boadskipper werom te roppen nei Jeruzalim, yn 'e hope dat er mei syn frou sliepe soe, sadat it lykje soe as wie it bern sines. De plichtsgetrouwe Oería wegere lykwols om yn syn eigen bêd te sliepen salang't syn maten by Rabba noch striid leveren, en joech him ynstee by de yngong fan it paleis op 'e grûn del.

Nei't al syn bedutsen oantrúnjen om Oería it bêd fan Batsjêba yn te loadsen om 'e nocht west hie, stjoerde David de man werom nei it front. Hy joech him in boadskip mei foar de legeroerste, Joäb, de omkesizzer fan 'e kening, wêryn't er befel joech om Oería foaroan yn 'e striid te pleatsen op it plak dêr't it fûlst fochten waard. Under de striid moast Joäb dan syn troepen ynienen weromlûke, sadat Oería troch de fijân besingele en deade wurde soe. Joäb die sa't syn omke him sein hie en nei de dea fan Oería naam David dy syn widdo Batsjêba ta frou.

In hoartsje letter kaam de profeet Natan by de kening (2 Samuël 12) en fertelde him in likenis. Der wie ris in ryk man dy't grutte keppels skiep en kij hie, mar o sa deun wie. Syn buorman wie strjitearm, mar hie ien laam dat er behannele as wie it syn bern: it libbe by him yn 'e hûs, iet en dronk fan syn tafel en sliepte by him op bêd. Doe't de rike man besite krige, begrutte it him om in laam út syn eigen keppel te slachtsjen en ta te meitsjen, dat hy naam it laam fan 'e earme man en slachte dat en sette dat syn besite as feestmiel foar. Doe't er dat ferhaal hearde, waard David sa poerrazen, dat er sei: "De man dy't soks útheefd hat, dy hat de dea fertsjinne." Dêrop sei Natan tsjin him: "Jo binne dy man."

De kening bychte daliks syn kweadoggerij op, en dêrop stelde Natan him gerêst dat hysels fanwegen syn berou net foar dizze kwestje hoegde te stjerren. It bern fan David en Batsjêba rekke lykwols koart nei de berte slim siik en kaam nei sân dagen àl te ferstjerren nettsjinsteande al David syn bidden en smeekjen om 'e poppe te sparjen. De kening akseptearre dat doe as straf foar syn sûnden.

Natan hie fierders in foarsizzing dien dat David syn froulju ôfnommen wurde soene en dat "syn neiste" harren op ljochtskyndei foar it oansjen fan it hiele folk besliepe soe. Dat kaam jierren letter út doe't David syn leaflingssoan Absalom in steatsgreep die en yn it iepenbier omgong hie mei tsien fan David syn bysliepen (2 Samuël 16:20-23). Yn it rabbinale joadendom wurdt dat beskôge as in tsienfâldige godlike ferjilding foar it feit dat David oerhoer dien hie mei de frou fan in oare man.

David ferliedt Batsjêba.

Doe't David op jierren rekke wie, bewissige Batsjêba dat har soan Salomo David opfolgje soe as kening oer Israel, ynstee fan syn âldste oerlibjende soan Adonia (1 Keningen 1:11-31). Doe't Salomo yn of omtrint 970 f.Kr. nei it ferstjerren fan David op 'e troan kaam, waard Batsjêba keninginne-mem.

Ynfloed op oare bibelboeken

Guon kommentators op 'e Bibel wolle hawwe dat Batsjêba in diel fan Spreuken 31 skreaun hat, sa't suggerearre wurdt as men derfan útgiet (sa't guon saakkundigen dogge) dat "Lemûel, kening fan Massa" deselde as Salomo is. De measte moderne bibelwittenskippers en teologen hawwe it der lykwols op dat fierwei it grutste part fan 'e Spreuken, sanet it hiele bibelboek, fier nei de tiid fan Salomo gearstald is.

It ferhaal fan 'e oerhoer fan David en Batsjêba foarmet de oanlieding en de kontekst ta de boetfeardige Psalm 51, mei as titel Belidenis fan 'e Sûnde en ek wol bekend ûnder de earste regel "Wês my genedich, o God".

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Bibliography, op dizze side.