Himelfeart fan Jezus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} thumb|''Christi Himmelfahrt'' troch [[Gebhard Fugel, út 1893]] De '''himelfeart fan Jezus''..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 14 sep 2020 om 03.25

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Christi Himmelfahrt troch Gebhard Fugel, út 1893

De himelfeart fan Jezus is in foarfal yn it Kristlike leauwe dat Jezus fysyk fan de ierde nei de himel opfear, dêr't alve fan syn dissipels by oanwêzich wiene. Neffens it Nije Testamint barde de himelfeart fjirtich dagen nei Jezus syn opstanning. Neffens de kristlike tradysje, dy't ek neamd waarden yn de wichtichste kristlike leauwensbelidenissen, waard Jezus nei syn dea oan it krús troch God ferhearlike, ferriisd út de dea wei en opnaam yn de himel dêr't er oan de rjochter hân fan God sit.

Foar syn opfarren segene Jezus syn learlingen en joech harren de opdracht it blide boadskip oer gâns de wrâld te ferkundigjen. Dat late ta it ûntstean fan it Kristendom. Himelfeartsdei wurdt op de fjirtichste dei, altyd op in tongersdei, nei Peaske fierd. De Eastersk-otterdokse tradysje brûkt in oare kalender, wol op ta in moanne letter as de westerske tradysje. In soad Protestantske tsjerken binne ôfstapt fan dy feest, wylst de Anglikaanske tsjerke it noch hieltyd wol fierd.

Neffens de Islaam waard Jezus nea krusige en ferriisde er dus ek net, en neffens de Koraan, wie er troch God opnaam yn de himel.

Foarfal neffens it Nije Testamint

It Evangeelje fan Lukas en it boek Hannelingen fan de Apostels, dy't troch deselde skriuwer skreaun waarden, jouwe de oarspronklike ferzje fan de himelfeart. Lukas 24 ferhellet hoe't Jezus de alve dissipels nei Betanië, in lyts doarp op de Oliveberch, bringt. Dêr hiet er harren yn [[Jeruzalim te bliuwen oant it kommen fan de Hillige Geast. It Evangeelje fan Mattéus einiget yn Mattéus 28 hommels mei de Grutte Opdracht en der wurdt neat oer de himelfeart neamd. It Evangeelje fan Markus neamt yn Markus 16:19 de himelfeart yn it koart, mar de measte teologen binne it deroer iens dat it haadstik Markus 16 letter oan de orizjinele ferzje taheake waard.

It barren yn Hannelingen 1 fynt fjirtich dagen nei de Opstanning plak en beskriuwt in miel dy't Jezus mei syn dissipels hie, dêr't er harren hiet te wachtsjen op it kommen fan de Hillige Geast. Doe fear Jezus foar harren op nei de himel en in wolk naam him wei út harren eachweid. Doe ynienen stiene der twa manlju yn wite klean by harren en seine dat "er weromkomme soe op deselde manier as jimme Him nei de himel tagean sjoen hawwe". It Evangeelje fan Lukas en it boek Hannelingen beskriuwe itselde foarfal, mar brûke ferskillende tiden. It Evangeelje fan Lukas neamt dat it foarfal op deselde dei as de Opstanning bart, en Hannelingen neamt dat it foarfal fjirtich dagen letter bart.

It Evangeelje fan Jehannes hat trije ferwizings nei de himelfeart yn Jezus syn eigen wurden: "Net ien is omheech gien nei de himel behalven Hy dy't út 'e himel delkommen is, de Minskesoan" (Jehannes 3:13); "En as jimme (de dissipels) dan de Minskesoan ris opfarren sjogge nei it plak dêr't Er earder wie?" (Jehannes 6:62); en oan Marije Magdalena nei de opstanning "Hâld My net beet, want Ik bin noch net opfearn nei Myn Heit..." (Jehannes 20:17).

Ferskate Brieven yn it Nije Testamint (Romeinen 8:34, Kolossers 3:1, Filippiërs 2:9-11, Timoteüs 3:16 en 1 Petrus 3:21-22) ferwize nei de himelfeart.

Belang foar it Kristendom

Yn de kristlike teology binne de dea, de opstanning en de ferhearliking fan Jezus fan krúsjaal belang en dy foarmje it fûnemint foar it kristlike leauwen. De earste folgers fan Jezus leauden dat Jezus as earste fan de deaden opstie, ferhearlike waard en opnaam waard yn de himel, dêr't er oan de rjochter hân fan God sit. Psalmen 110:1 spile in wichtige rol yn de ynterpretaasje fan Jezus syn dea en syn ferskinings nei de opstanning: "Dit wie de Godsspraak fan 'e Heare oan myn hear: Gean sitten oan myn rjochterhân, oant Ik fan dyn fijannen dy in fuotbank meitsje". Dat makke de dea en opstanning fan Jezus foar syn folgers logysk.

Eftergrûn

Himelfeartsferhalen kamen yn de tiid fan Jezus gauris foar. It joech de godlikens oan foar in wichtich persoan sa as bygelyks de Romeinske keizer en wie, yn it Joadendom, in teken fan godlik goedkarren. Ek waarden yn Gryksk-Romeinske, ier-Joadske en ier-kristlike skriftlike boarnen nei garismatyske persoanen en persoanen mei profetyske en iepenbierjende jeften ferwiisd dat dy himelske erfarings hiene en dat dy kosmyske en godlike geheimen hiene.

Ferneamde persoanen yn it Joadendom dy't nei de himel opfearn wiene, wiene: Enoch (yn Genesis), de fyfde iuwske sage Ezra, Barûch, it selskip fan de profeet Jeremia, Levy, de foarfaar fan de preesters, de profeet Elia, Mozes en de bern fan Job.

Bûten it Joadendom wiene ek himelfeartsferhalen, sa as bygelyks de Romeinske keizer Augustus, dy't foar de eagen fan de senators opfear; Romulus, de stifter fan Rome, ferfear lykas Jezus efter in wolk nei de himel; de Grykske held Herkules en noch stikmannich mear.