Fiktoariawetterfallen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L st
Rigel 32: Rigel 32:
[[Kategory:Wetterfal yn Sambia]]
[[Kategory:Wetterfal yn Sambia]]
[[Kategory:Wetterfal yn Simbabwe]]
[[Kategory:Wetterfal yn Simbabwe]]
[[Kategory:Wrâlderfgoed]]
[[Kategory:Wrâlderfgoed yn Afrika]]
[[Kategory:Wrâlderfgoed yn Sambia]]
[[Kategory:Wrâlderfgoed yn Simbabwe]]

De ferzje fan 5 sep 2020 om 22.21

Fiktoariawetterfallen
Fiktoariawetterfallen
Fiktoaria Wetterfallen
Fiktoaria Wetterfallen

De Fiktoariawetterfallen (Ingelsk: Victoria Falls) binne de breedste wetterfallen fan Afrika, se foarmje in wettergerdyn fan 1708 meter breed en 100 meter heech en hawwe in maksimale falhichte fan 128 meter.

Se lizze yn de rivier de Sambezy, op de grins tusken Sambia en Simbabwe.

De earste blanke dy't de wetterfallen sjoen hat en byuorkundich makke hat is de Skotske misjonaris en ûntdekkingsreizger David Livingstone op 17 novimber 1855. "Gjin inkel oar útsjoch yn Ingelân kin de skientme hjirfan oertreffe" en "sokke leaflike bylden moatte de ingelen mei bewûndering besjoen hawwe by harren flechten" skreau hy letter.

Nammejouwing

Ofbyld:LivingstoneStatue.JPG
Stânbyld fan Dr. Livingstone oan de Zambiaanske side fan de wetterfallen

Dr. Livingstone wykte by de nammejouwing fan dizze wetterfallen, foar de earste en ienige kear yn synlibben, ôf fan syn gewoante om de pleatslike namme te behâlden. Hy neamde dizze wetterfallen nei de destiidske keninginne fan it Feriene Keninkryk, keninginne Fiktoaria.[1]

De lokale befolking neamt dizze wetterfallen tsjintwurdich de Mosi-oa-Tunya (Letterlik oersetten: de reek dy't dondert).[2]

Bûten de ynlânske Afrikanen wienen grif de Arabieren de earste bûtensteanders dy't dizze wetterfallen besochten. Neffens Livingstone, de earste Europeaan dy't dizze wetterfalllen seach, wiene de wetterfallen by de lokale befolking bekend as Mo ku sa tunya musi, "dêr wêr't allegeduerigen reek opstiicht".

Livingstone bewearde dat de oarspronklike âlde ynlânske neamme foar de wetterfallen shungwe of shongwhe wêze soe (dit betsjut yn de Tonga-taal De dampende reek - yn it Ingelsk The smoke fumes). Dat it is mooglik dat de namme Musi-oa-Tunya troch Arabyske ûntdekkers jûn waard en oarspronklik musa-i-nunya wie, wat yn it Arabysk de ein fan de wrâld betsjut.

Yn 1989 waarden de wetterfallen troch UNESCO ta Wrâlderfgoed ferklearre.

Toerisme

De Fiktoariawetterfallen en de ûnderstroomske rin fan de Zambezi hawwe grutte oanlûkingskrêft op toeristen, û.o. om te raften en te kanofarren. Hjirfan profitearret it yn Sambia lizzende Livingstone. Eartiids wie Victoria Falls Town yn Simbabwe it middelpunt fan it toerisme rond de Fiktoariawatervallen, maar door o.a. het veel duurder worden van het visum en het regearingsbelied yn Simbabwe en is de oanlûkingskrêft fan dizze stêd hurd werom rûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.wdl.org/en/item/550
  2. http://www.wdl.org/en/item/550