Oarekant Goed en Kwea: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 37: Rigel 37:


==Fryske oersetting==
==Fryske oersetting==
De Fryske oersetting fan ''Jenseits von Gut und Böse'' ferskynde yn [[2003]] ûnder de titel ''Oarekant Goed en Kwea'' by [[Utjouwerij Bornmeer]] op [[De Gordyk]]. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan [[Eric Hoekstra]], dy't earder ek Nietzsche syn ''[[Also Sprach Zarathustra]]'' oersette. Yn [[2007]] waard ''Oarekant Goed en Kwea'' werútjûn troch [[Elektroanyske Letteren Fryslân]] te [[Ljouwert]].
De Fryske oersetting fan ''Jenseits von Gut und Böse'' ferskynde yn [[2003]] ûnder de titel ''Oarekant Goed en Kwea'' by [[Utjouwerij Bornmeer]] op [[De Gordyk]]. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan [[Eric Hoekstra]], dy't earder ek Nietzsche syn ''[[Also Sprach Zarathustra]]'' oersette. Yn [[2007]] waard ''Oarekant Goed en Kwea'' werútjûn troch [[Elektroanyske Letteren Fryslân]] te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].


==Keppelings om utens==
==Keppelings om utens==

De hjoeddeiske ferzje sûnt 11 aug 2020 om 13.05

Oarekant Goed en Kwea
De Fryske oersetting, yn 2003 útjûn troch Utjouwerij Bornmeer.
De Fryske oersetting, yn 2003
útjûn troch Utjouwerij Bornmeer.
algemiene gegevens
oarspr. titel Jenseits von Gut und Böse
auteur Friedrich Nietzsche
taal Dútsk
foarm non-fiksje
sjenre filosofy
1e publikaasje 1886
oarspr. útjwr. C.G. Naumann
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Oarekant Goed en Kwea
publikaasje 2003, De Gordyk
útjouwer Utjouwerij Bornmeer
oersetter Eric Hoekstra
ISBN oers. 978-9 05 61 50 785

Oarekant Goed en Kwea, yn it oarspronklike Dútsk: Jenseits von Gut und Böse, is in filosofysk wurk fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Dútske filosoof, skriuwer, dichter, komponist en kultuerkritikus Friedrich Nietzsche (1844-1900), mei as ûndertitel Foarspul fan in Filosofy fan 'e Takomst (Vorspiel einer Philosophie der Zukunft).

Yn dit boek jout Nietzsche sljochtwei en sûnder omballingen syn wrâldfisy en syn tinkbylden oangeande de moraal en de seedlikens wer, wêrby't er fuortbreidet op 'e ideeën dy't er yn syn eardere roman Dat Sei Zarathustra al op 't aljemint brocht hie. Koartsein komt syn betooch derop del dat goed en kwea mar ferskillende uterings fan deselde ympuls binne, wat makket dat der yn prinsipe gjin ûnderskie tusken bestiet, sadat it hiele stelsel fan noarmen en wearden, sa't dat yn 'e Westerske kultuer bestiet, nearne op grûne en neat wurdich is. Jenseits von Gut und Böse waard foar it earst útjûn yn 1886. De Fryske oersetting fan Eric Hoekstra waard útjûn yn 2003.

Friedrich Nietzsche.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Jenseits von Gut und Böse leit Nietzsche de tekoartkommings bleat fan it slach folk dat ornaris "filosofen" neamd wurdt en beneamt er de kwaliteiten fan dejingen dy't er oantsjut as "de nije filosofen": ferbyldingskrêft, selsfertrouwen, gefaarlikens, orizjinaliteit en it "skeppen fan noarmen en wearden". Dêrnei bestriidt er guon fan 'e krúsjaalste foarûnderstellings fan 'e âlde filosofyske tradysje, lykas selsbewustwêzen, kennis, wierheid en frije wil, dy't er fuortset as optinksels fan it morele bewustwêzen.

Yn it plak dêrfan wiist er it begear nei macht oan as de útlis foar alle gedrachspatroanen; sa'n opfetting past krekt yn syn útsjoch op it libben, dat hy beskôget as it goede en it kwea foarby. Hy ûntkent op dy manear dat der in universele moraliteit bestiet foar de minske as soart. Hy giet djip yn op godstsjinst en de morele aspekten fan 'e bân tusken master en slaaf, wylst er algemien oanfurde minsklike opfettings op 'e nij besjocht. Dêrby beskôget er sels oerhearsking fan 'e iene minske troch de oare, taeigening fan 'e besittings fan 'e iene troch de oare of it tabringen fan skea, yn hokfoar foarm ek, oan 'e swakkeren yn 'e maatskippij net as universeel ferkeard.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Jenseits von Gut und Böse ferskynde yn 2003 ûnder de titel Oarekant Goed en Kwea by Utjouwerij Bornmeer op De Gordyk. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Eric Hoekstra, dy't earder ek Nietzsche syn Also Sprach Zarathustra oersette. Yn 2007 waard Oarekant Goed en Kwea werútjûn troch Elektroanyske Letteren Fryslân te Ljouwert.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nietzsche, Friedrich, Oarekant Goed en Kwea (fert. Eric Hoekstra), De Gordyk, 2003 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 50 785 (werútjefte Ljouwert, 2007 by ELF).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.