Zandberg (Grinslân-Drinte): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L [[]] better
Rigel 26: Rigel 26:
[[Ofbyld:Map - NL - Borger-Odoorn - Wijk 16 Valthermond - Buurt 01 Zandberg.svg|thumb|left|Lokaasje Drintske part fan Zandberg yn de gemeente Borger-Odoorn]]
[[Ofbyld:Map - NL - Borger-Odoorn - Wijk 16 Valthermond - Buurt 01 Zandberg.svg|thumb|left|Lokaasje Drintske part fan Zandberg yn de gemeente Borger-Odoorn]]
[[Ofbyld:Map - NL - Vlagtwedde - Wijk 04 Ter Apel - Buurt 04 Jipsingboermussel en Zandberg.svg|thumb|left|Lokaasje fan it Grinslânske part fan Zandberg yn de eardere gemeente Vlagtwedde]]
[[Ofbyld:Map - NL - Vlagtwedde - Wijk 04 Ter Apel - Buurt 04 Jipsingboermussel en Zandberg.svg|thumb|left|Lokaasje fan it Grinslânske part fan Zandberg yn de eardere gemeente Vlagtwedde]]
'''Zandberg''' ([[Grinslânsk]]: ''Zanbaarge'', [[Drintsk]]: ''Saandbarg'') is in [[doarp]] dat foar in part yn de gemeente [[Borger-Odoorn]] yn [[Drinte]] en foar in part yn de gemeenten [[Stedskanaal]] en [[Westerwâlde (gemeente)|Westerwâlde]] yn [[Grinslân]] leit. De doarpskearn mei tsjerke en skoalle leit yn Drinte, wylst it in [[buorskip]] oan de Grinslânske kant is ûnder de doarpen [[Ter Apelkanaal]] en [[Musselkanaal]]. It plak hat likernôch 300 ynwenners, dêr't der 60 fan in Drinte wenje, 40 ûnder Musselkanaal en 200 ûnder Ter Apelkanaal yn Grinslân.
'''Zandberg''' ([[Grinslânsk]]: ''Zanbaarge'', [[Drintsk]]: ''Saandbarg'') is in [[doarp]] dat foar in part yn de gemeente [[Borger-Odoorn]] yn [[Drinte]] en foar in part yn de gemeenten [[Stedskanaal (gemeente)|Stedskanaal]] en [[Westerwâlde (gemeente)|Westerwâlde]] yn [[Grinslân]] leit. De doarpskearn mei tsjerke en skoalle leit yn Drinte, wylst it in [[buorskip]] oan de Grinslânske kant is ûnder de doarpen [[Ter Apelkanaal]] en [[Musselkanaal]]. It plak hat likernôch 300 ynwenners, dêr't der 60 fan in Drinte wenje, 40 ûnder Musselkanaal en 200 ûnder Ter Apelkanaal yn Grinslân.


== Namme ==
== Namme ==

De ferzje fan 6 aug 2020 om 06.36

Zandberg
Sint-Joazeftsjerke yn Zandberg
Sint-Joazeftsjerke yn Zandberg
Polityk
Provinsje Grinslân
Drinte
Gemeente Westerwâlde
Borger-Odoorn
Stedskanaal
Sifers
Ynwennertal 300
Oar
Postkoade 9564
Koördinaten 52° 55' NB, 7° 1' EL
Lokaasje Drintske part fan Zandberg yn de gemeente Borger-Odoorn
Lokaasje fan it Grinslânske part fan Zandberg yn de eardere gemeente Vlagtwedde

Zandberg (Grinslânsk: Zanbaarge, Drintsk: Saandbarg) is in doarp dat foar in part yn de gemeente Borger-Odoorn yn Drinte en foar in part yn de gemeenten Stedskanaal en Westerwâlde yn Grinslân leit. De doarpskearn mei tsjerke en skoalle leit yn Drinte, wylst it in buorskip oan de Grinslânske kant is ûnder de doarpen Ter Apelkanaal en Musselkanaal. It plak hat likernôch 300 ynwenners, dêr't der 60 fan in Drinte wenje, 40 ûnder Musselkanaal en 200 ûnder Ter Apelkanaal yn Grinslân.

Namme

De namme komt fan de sânkop, dy't ek wol Schaapsberg (Skieppeberch) neamd wurdt, yn de griene gea by de beek del dy't mei de stream op Valtherdiep hjit en by de stream del hjit er Mussel-Aa. Dy heuvel waard brûkt om skiep te weidzjen. Mooglik hawwe der lytse hutten stien foar de hoeders fan it fee.

Skiednis

It gebiet lei op de grins fan de marken Onstwedde en Valthe en waard troch beide bestriden. De Semsliny besliste yn it foardiel fan Valthe. It doarp ûntstie yn de iere njoggentjinde iuw as in feankoloanje. De earste bewenners wiene katolike boekweetboeren dy't justjes oer de grins by it Dútske Rütenbrock weikamen en it doarp waard in katolyk eilân yn it foar it measte part protestantske gebiet. Yn 1843 krige it doarp in eigen tsjerke en dy waard oan de Drintske kant boud. De hjoeddeistige Sint-Joazeftsjerke waard yn 1931 boud.

It plak wie fan 1924 oant 1935 it stopplak oan de spoarline STAR (Stedskanaal, Ter Apel, Ryksgrins). It stasjonsgebou fan 1924 bestiet noch hieltyd.

It doarp waard yn 2002 ferneamd om't de Omgong fan Itaalje troch it doarp gie.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: