Fisfliet: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
→‎Oar: red.
Rigel 22: Rigel 22:


== Oar ==
== Oar ==
In bekende ynwenner fan Fiskfliet wie [[Eise Eisinga]], dy't út Fryslân flechte nei in rebûlje y Frjentsjer dêr't hy by belutsen wie. Nei in jier waard hy lykwols útlevere en nei in jier feroardiele ta ferbanning út Fryslân, wêrnei hy nei Fisfliet werom kearde. Hjir moete hy syn twadde frou, foardat er yn [[1795]] tebekgie nei Frjentsjer. Yn it doarp is in strjitte nei him ferneamd.
In bekende ynwenner fan Fiskfliet wie [[Eise Eisinga]], dy't út Fryslân flechte nei in rebûlje yn Frjentsjer dêr't er by belutsen wie. Nei in jier waard er lykwols útlevere en nei in jier feroardiele ta ferbanning út Fryslân, wêrnei't er nei Fisfliet werom kearde. Dêr moete hy syn twadde frou, foardat er yn [[1795]] tebekgie nei Frjentsjer. Yn it doarp is in strjitte nei him ferneamd.


==Keppelings om utens==
==Keppelings om utens==

De ferzje fan 4 aug 2020 om 18.03

Lizzing Fisfliet yn de gemeente Zuidhorn
Herfoarme tsjerke
Grifformearde tsjerke
Hilmahústermole
It eardere stasjon Fisfliet

Fisfliet[1] (Nederlânsk en offisjeel: Visvliet) is in doarp yn de gemeente Súdhorn, provinsje Grinslân (Nederlân). It doarp hat 367 ynwenners (1 jannewaris 2008).

Skiednis

Fisfliet leit oan de Grinslanner kant fan it rivierke de Lauwers. Oan de eastkant fan it doarp rint it Fiskfliterdjip, ek wol Besheersdjip neamd. De Lauwers is sûnt de Slach oan de Boarn yn 734 (doe't Karel Martel de Fryske hartoch Poppo fersloech) bekend as in grinsrivier; earst tusken de Frankyske en Fryske gebieten en letter tusken Grinslân en Fryslân.

It doarp Fisfliet waard earne yn de 13e iuw stifte fan de muontsen fan it kleaster yn it hjoeddeiske Gerkeskleaster; hja foltôgen yn 1249 in dyk fan Scharnehuizen nei Fyskflyt, dy't in tûke fan de Lauwerssee ôfsleat. De Lauwerssee hie him yn de foarlizzende twa iuwen sterk útwreide. Der waard by Fisfliet in ûntwetteringsslûs boud.[2]

Yn 1370 stiften de muontsen dêr in tsjerke ta eare fan de hillige Gangulfus. Yn 1387 moast dizze tsjerke ûntromme wurde nei in oerstreaming. Yn 1427 waard in nije Sint-Gangulfustsjerke boud op itselde plak. De tsjerke is yn 1973 folslein restaurearre.

Fisfliet hat lang in seehaven en drok hannelsplak west, mar ferlear dy posysje troch tichtslykjen fan de slinke dêr't it oan lei. De kleastergrûn fan Fisfliet kaaam nei de byldestoarm en it ferjeien fan de Spanjerts yn 1581 yn de Slach by Fisfliet (yn de Tachtichjierrige Kriich) oan de provinsje Fryslân om't it grinsgebiet wie. Lykwols wurdt it karspel Fisfliet al yn 1637 oan Grins ferkocht út reden fan jildkrapte fan it provinsjebestjoer. Oant 1795 wie der in dûanepost, anneks tolhûs, by it doarp, dêr't guod foar Fryslân op fergunnings kontrolearre waard en dêr't tol bard waard.[3]

Fan 1811 ôf hearde Fisfliet ta de gemeente Grijpskerk, dat yn 1990 oan de gemeente Zuidhorn kaam. Yn 1842 kaam er in weiferbining mei Grijpskerk.

Gebouwen

Krekt besuden it doarp stiet de Hilmahústermole, in poldermole út 1868. It hege wite N.S.-stasjonsgebou (út 1891) is yn 1983 sloopt en waard ferfongen troch in ienfâldich wachthûske. It stasjon Fisfliet - oan it spoar Grins-Ljouwert - waard yn 1991 opheft.[4]

Oar

In bekende ynwenner fan Fiskfliet wie Eise Eisinga, dy't út Fryslân flechte nei in rebûlje yn Frjentsjer dêr't er by belutsen wie. Nei in jier waard er lykwols útlevere en nei in jier feroardiele ta ferbanning út Fryslân, wêrnei't er nei Fisfliet werom kearde. Dêr moete hy syn twadde frou, foardat er yn 1795 tebekgie nei Frjentsjer. Yn it doarp is in strjitte nei him ferneamd.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.
  2. [1]; De geografie van de ‘Lex Frisionum’: 2. Laubach;Archief IJpelaan; 9 maaie 2004; sjoen 22 juny 2007
  3. De hervormde kerk van Visvliet; sjoen 22 juny 2007, J. Riezebos
  4. Webstee gemeente Zuidhorn