Eider (fûgel): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L st
L tekst by plaatsje oars
Rigel 7: Rigel 7:
}}
}}
{{Fûgelferspriedingskaartsje|Somateria mollissima dis.png}}
{{Fûgelferspriedingskaartsje|Somateria mollissima dis.png}}
[[File:Somateria mollissima MHNT.ZOO.2010.11.26.1.jpg|thumb| ''Somateria mollissima'']]
[[File:Somateria mollissima MHNT.ZOO.2010.11.26.1.jpg|thumb|Aaien fan de Eider]]
De '''Eider''' (''Somateria mollissima'') is in fûgel út de famylje fan de [[Einfûgels]].
De '''Eider''' (''Somateria mollissima'') is in fûgel út de famylje fan de [[Einfûgels]].



De ferzje fan 4 aug 2020 om 17.36

Berjocht:Soarte

fersprieding Eider (fûgel)
  permanint libbensgebiet   oerwinteringsgebiet   briedgebiet
Aaien fan de Eider

De Eider (Somateria mollissima) is in fûgel út de famylje fan de Einfûgels.

Foarkommen

De Eider is in grutte see-ein fan sa'n 50 oant 71 sm lingte. De ein is goed te werkennen oan syn foarm en de grutte kilige snaffel. De jerke is ek hiel goed te werkennen oan syn swart mei wite fearren en griene nekke. It wyfke is in brune fûgel mar kin troch har foarm en grutte toch wol maklik fan de oare einesoarten ûnderskieden wurde.

Fersprieding

De Eider komt foar oan de noardlike kusten fan Jeropa, Noard-Amearika en it easten fan Sibearje. De fûgels briede yn it arktyske gebiet en guon ek wol súdliker, by't winter geane se faak wat mear nei it suden en foarmje grutte kloften oan de kusten.
Der binne wol aardich wat Eidereinen mei sa'n 1,5 oant 2 miljoen fûgels yn Noard-Amearika en Jeropa, it tal fûgels yn it easten fan Sibearje is net bekend.

Undersoarten

De jerken fan de Jeropeeske, en East- en West-Amerikaanske ûndersoarten kinne werkend wurde oan lytse kleurferskillen yn de fearren en oan de kleur fan de snaffel.

  • S. m. mollissima (Jeropeeske Eider)
  • S. m. faeroeensis (Faroer Eider)
  • S. m. v-nigra (Noard Pasyfyske Eider)
  • S. m. borealis (Noard Atlantyske Eider)
  • S. m. sedentaria (Hudson Bay Eider)
  • S. m. dresseri (Labrador Eider)

Iten

De Eiders dûke it leafst nei moksels, dêrby ite se ek wolris kreeften.

Fuortplanting

Eiders mei einepiken

Eiders briede mei-inoar yn in grutte koloanje. Op Yslân binne bygelyks koloanjes fan sa'n 1.000 pear einen te finen. De briedtiid hinget ôf fan it briedgebiet en it waar mar leit tusken begjin april en ein maaie.
It nêst wurdt troch it wyfke boud oan de seekust, soms brûke se ek wol seefûgelnêsten. It wyfke leit fjouwer oant seis grienige aaien yn it nêst wat mei de dûnsfearren út har boarst beklaaid is. Nei't it wyfke de aaien 25-26 dagen bebret hat komme de aaien út. De jongen wurde troch it wyfke oant let yn de simmer fuorre, wol foar sa'n 65-75 dagen.

Dûns

It nêst fan de Eider is beklaaid mei it ferneamde Eiderdûns wat fan de boarst fan it wyfke plôke wurdt. Dizze sêfte en waarme beklaaiïng is lange tiid sammele foar it opfoljen fan kessens en tekkens, mar dit is yn de lêste jierren foar it grutste part ferfong troch dûns fan nuete guozzen en syntetyske ferfangers. Hoewol echte Eiderdûns kessens en tekkens no seldsum binne, wurdt it eiderdûns noch hieltiten wol sammele. De einen hawwe hjir ek gjin lêst fan want dit kin dien wurde neidat de einepiken it nêst ferlitten hawwe.