Ter Apelkanaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Side makke mei "{{Universele ynfoboks stêd | namme = Ter Apelkanaal | ôfbylding = Map_NL_-_Vlagtwedde_-_Ter_Apelkanaal.png | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 4 aug 2020 om 05.38

Ter Apelkanaal
Lokaasje Ter Apelkanaal yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Lokaasje Ter Apelkanaal yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 1.015 1 jannewaris 2019
Oar
Postkoade 9563
Koördinaten 52° 55' NB, 7° 2' EL
Ter Apelkanaal

Ter Apelkanaal (Grinslânsk: Troapelknoal) is in streekdoarp yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp leit oan wjerskanten fan it kanaal mei deselde namme, dat in fuortsetting fan it Stedskanaal is. It doarp grinzget oan Ter Apel en Musselkanaal.

Under it doarp falle de buorskippen Jipsingboermussel, Lauderbeetse, Lauderzwarteveen, Sellingerbeetse (foar in lyts part) en Slegge, en allinnich foar de postadressen it Grinslânske part fan it doarp Zandberg.

De buorskip Jipsingboermussel foarmet de noardlike part fan it lintdoarp en Zandberg foarmet it súdlike part en it doarp sels is it middelste part.

Skiednis

Yn 1765 besleat de stêd Grins in kanaal grave te litten fan Bareveld oant Ter Apel, foarby de buorskippen Barnflair en Munnekemoer, dêr't it yn Drinte fierder giet as Stads-Compascuum Kanaal. It kanaal moast it oanmeitsjen fan it heechfean fan it Boertanger Fean befoarderje. It 38 kilometer lange kanaal kaam parallel oan de Semsliny te lizzen. It kanaal kaam ree yn 1856. It kanaal waard brûkt ynearsten foar de turffeart, en letter ek foar it ferfieren fan ierdappels foar de ierdappelyndustry en strie foar striekartonfabriken. Om dy plakken hinne fêstigen harren kafees en winkels, dat wer late ta it foarmjen fan in doarp.

Hjoed-de-dei wurdt it kanaal noch brûkt foar de rekreaasjefeart.

Fan 1924 oant 1935 hat der in stasjon fan de spoarline fan Stedskanaal nei Ter Apel stien. It stasjonsgebou út 1926 waard yn 1968 ôfbrutsen.

Yn 1926 waard der in houten tsjerkje yn it doarp pleatst dat yn Klazienaveen-Noard stien hat. Yn 1992 waard dy tsjerke ôfbrutsen.

Avebe

Avebe hat in grut fabrykskompleks yn it doarp op it plak dêr't in lytse slach yn it kanaal sit. De ierdappelmoalfabryk waard yn 1904 as M & O (Musselkanaal en Omstreken) oprjochte troch 127 boeren. De fabryksgebouwen waarden yn 1913 boud.

Avebe, dat yn 1919 úteinsette as Aardappelzetmeel Verkoop Bureau (AVB), fuorsterke de ferkeap foar stikmannich selstannige koöperaasjes, wêrûnder M & O. Healwei de tweintichste iuw kamen de fabriken, dy't by Avebe oansletten wiene, mei in nij produkt: setmoalderivaten. Yn 1971 krige dat in nije ympuls doe't de fabriken en it ferkeapburo harren ta ien bedriuw ûntjoegen.

Yn 1964 fusearre de fabryk mei de ierdappelmoalfabriken Westerwolde út Veelerveen en Ter Apel en Omstreken út Ter Apel en waard de namme W.T.M. (Westerwolde, Ter Apel en Musselkanaal en Omstreken). Yn 1971 waard de fabryk dus in part fan it bedriuw Avebe.

Berne yn Ter Apelkanaal

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: