Ferskil tusken ferzjes fan "Kleaster Kamp"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
(Folchoarder tekst feroare, kategory en galerij tafoege.)
 
== Skiednis ==
[[File:Skullcap St. Agatha.jpg|thumb|left|250px|<center>''It relyk fan Sint-Agata yn it folksalter, dat de earste muontsen fan it kleaster meinamen nei Kleaster Kamp''</center>]]
It kleaster waard op 31 jannewaris 1123 op fersyk fan de aarstbiskop fan Keulen troch it Frânske kleaster Morimond stifte. Om't de Sistersjinzers wênst wiene harren kleasters yn deltes of op flakke gebieten te bouwen, wurdt der fanút gien dat harren earste delsetting net fier fan it lettere kleaster stien hat. De earste muontsen namen reliken mei nei it te bouwen kleaster, wêrûnder in stik fan de plasse fan de hillige [[Agata (hillige)|Agata]], dy't noch altiten yn de tsjerke bewarre wurdt. It kleaster makke troch skinkings fuort in grutte bloei troch en al gau stifte it dochterkleasters yn oare dielen fan Dútslân. Om't de omjouwing fan it kleaster lykwols sompich wie, naam de tredde abt Gierard om likernôch 1150 hinne it beslút om it kleaster te ferhûzjen nei in heuvel yn de omkriten fan de earste stifting, de Kamber Berch. Tsjin de ein fan de 13e iuw wie it kleaster riker as nea tefoaren en hie it besittings oant yn Nederlân ([[Utert (stêd)|Utert]], [[Nymwegen|Nijmegen]]). Yn de lette midsiuwen wie it kleaster ien fan de meast wichtige fan de hiele oarder. Yn dy tiid waard de Kamper Bibel skreaun, dy't hjoeddedei yn it besit is fan de '' Stiftung Preußischer Kulturbesitz'' (Stifting Prusysk Kultuerbesit).
[[File:Kamp-Lintfort, Kamper Berg, Immunitätskreuz, 2014-09 CN-01.jpg|thumb|250px|<center>''Immuniteitskrús''</center>]]
In diel fan it koerstuolte, de kânsel en tal bylden en it oargel yn de tsjerke bleaune bewarre. Oare kleastergebouwen waarden by in feiling yn [[Aken]] ferkocht oan seis keaplju. De gebouwen waarden ôfbrutsen of ferboud en in soad keunstskatten lykas de kostbere bibleteek en skilderijen gyngen ferlern. It lân fan it kleaster gyng op de boeren oer, dy't it oant dan ta pachtten fan it kleaster.
[[File:Kamp-Lintfort, kleastertsjerke, oargel.jpg|thumb|left|250px|<center>''Oargel''</center>]]
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] ferhûzen karmeliten nei it kleaster, dy't de sielssoarch yn de stêd op harren namen en as dosinten op de skoallen wurken. It kleaster waard lykwols yn 2002 opheven en op ien nei ferhûzen de muontsen nei Nederlân.
 
== Oargel ==
82.817

bewurkings

Navigaasjemenu