Ruiten Aa: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 aug 2020 om 02.14

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


De Ruiten Aa op in topografyske kaart út 1933 yn de omkriten fan Vlagtwedde en Wedde, dêr't de Ruiten Aa yn it pears en it Veelerdiep yn it blau oanjûn wurdt

.

De Ruiten Aa by Ter Apel

De Ruiten Aa is in lytse rivier yn it easten fan Grinslân yn de regio Westerwâlde. It begjint by Ter Apel en streamt by Sellingen, Vlagtwedde, Smeerling, Ter Wupping del nei Wessinghuizen dêr't er tegearre mei de Mussel-Aa de Westerwâldske Aa foarmet. Dy mûnet by Nieuwe Statenzijl út yn de Doalert.

Namme

De Ruiten Aa waard foar it earst neamd yn 1327 as Ruetna, dat ôflaat is fan it Proto-Germaanske *rûh-itha. Dat betsjut "rûchte, beamkeguod, ûnkrûd", en it Grinslânske roet, ruut, dat "ûnkrûd" betsjut, docht dêr ek oan tinken. Aa betsjut "rinnend wetter".

Skiednis

Eartiids begûn de Ruiten Aa súdliker, yn de omkriten fan it Bargerfean yn Drinte. De boarne waard foarme troch de Zwarte Meer, in feanmar. Dy mar rûn leech nei it graven fan de Verlengde Hoogeveense Vaart. It doarp Zwartemeer ûntstie dêrnei op dat plak. De bopperin hiet de Runde. Der wiene wer plannen om de Runde fannijs op te helpen. Op it plak dêr't it rivierke Grinslân ynrint krijt er de namme Ruiten Aa. Oan de oare kant fan de ryksgrins leit Rütenbrock, dy't nei de Ruiten Aa neamd is.

De delling tige wiid foar in lytse stream. Yn de lêste Iistiid streamde de Iems troch Westerwâlde. Letter hat dy rivier syn rin ferlein. De Ruiten Aa is it oerbliuwsel dêrfan. De Ruiten Aa streamt by Laudermarke de âlde delling fan dy rivier yn nei it noarden ta. Besuden Vlagtwedde spjaltde Ruiten Aa him. It eastlike part dat troch Vlagtwedde rint, hjit Veelerdiep en it westlike part hâldt de namme Ruiten Aa. Tusken Wessinghuizen en Wedde komme beide streamkes wer byïnoar. It Veelerdiep is in oerbliuwsel fan it besykjen yn de fyftjinde iuw en graaf in kanaal tusken de Iems en de Westerwâldske Aa. Dat wie ornearre foar in ferbining fan it Bisdom Múnster nei de stêd Grins om de tol by Emden te ûntrinnen.

By it rivierke del binne noch in soad oerbliuwsels fan it iesdoarpegea. Rûne ikkers op heger sângrûn ôfwiksele mei leger lân yn de delling, dy't oarspronklik greidelân wie. Fan de beamwâlen en de lytse bosken dy't it gea in parkeftich oansjen joegen, is by de ruilferkavelings in soad oprêden. De delling fan de Ruiten Aa foarme wynliken as in rêchbonke fan Westerwâlde, dat yn in grut feangebiet, it Boertanger Fean, wie. Dat gebiet is no alhiel oanmakke.


Zijn betekenis voor de waterafvoer van Westerwolde is door het graven van het Ruiten-Aa-kanaal, het Mussel-Aa-kanaal en B.L. Tijdenskanaal tussen 1911 en 1920 sterk verminderd. Hierbij is ten zuiden van Vlagtwedde de loop van de Ruiten Aa onderbroken en wordt het water van de beek via de Voedingsleiding naar het Ruiten-Aa-kanaal geleid. Tijdens ruilverkavelingen na de Tweede Wereldoorlog is veel geëgaliseerd en is de loop van de Ruiten Aa gekanaliseerd. Dit is onlangs weer teruggedraaid: de beek heeft zijn meanderende loop teruggekregen.

Het landschap rond de Ruiten-Aa maakt deel uit van de ecologische hoofdstructuur van Nederland waardoor veel gronden natuurgebied zijn geworden. Bij het Wollinghuizen (onderdeel van het grotere complex Dal van de Ruiten A van Natuurmonumenten) en bij Sellingen is de beek hermeanderd en is gepoogd het oude reliëf te herstellen. Bij deze reconstructie van de oude loop tussen Weende en Smeerling zijn de ontkoppelde delen van de beek nog niet met elkaar verbonden, maar anno 2005 zijn er plannen om deze verbinding weer te herstellen. De verbinding met voedingskanaal wordt dan gestremd, waarbij er wel de mogelijkheid komt om eventueel overtollig water via dit kanaal af te voeren.

Ten noorden van Smeerling zijn de natuurgebieden in handen van Staatsbosbeheer. Hier liggen ook enige rivierduincomplexen bij een oude loop van de Ruiten Aa.