Miedlân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Wide green landscape in Spring.jpg|thumb|Miedlân yn de maitiid]]

'''Miedlân''' of '''miede''' is leechlizzend healân. As ôflieding fan it wurd, wurdt tocht oan ''mad'', de oerflakte dy't yn in heale dei te haaien is, lyksteld oan in heale [[hektare]]. In miede wie minder gaadlik foar it weidzjen. Eartiids waarden der om sokke stikken lân hinne ek wol in wâl fan [[plaggen]] oanlein. Op de [[Waadeilannen]] tsjinne sa'n wâl ek wol as [[seewarring]].

De ferzje fan 2 aug 2020 om 23.03

Miedlân yn de maitiid

Miedlân of miede is leechlizzend healân. As ôflieding fan it wurd, wurdt tocht oan mad, de oerflakte dy't yn in heale dei te haaien is, lyksteld oan in heale hektare. In miede wie minder gaadlik foar it weidzjen. Eartiids waarden der om sokke stikken lân hinne ek wol in wâl fan plaggen oanlein. Op de Waadeilannen tsjinne sa'n wâl ek wol as seewarring.

Miedegea

Tekenjend foar leech healân yn de Fryske lannen is de miedeferkaveling, ek wol blok-streekferkaveling neamd, dêr't de oanmakke streken lân oarspronklik ta ferskiljende eigeners út de tichteby lizzende doarpen hearden. Dêrby ûntstie ornaris in ljedderfoarmich patroan, dy't ferbûnen wie mei miedleanen of healeanen. Dat type gea ûntstie yn de Midsiuwen troch it ferpartsjen en ferkaveljen fanleech lizzend lân dat earder yn mienskiplik gebrûk wie. In soad gebieten mei in miedeferkaveling lizze yn it efterlân fan de hege ouwerwâlen by de kust fan de Waadsee del. Der ûntstie bytiden ek in uterdyks gebiet mei miedeferkaveling, lykas it streekdoarp]egea by Roodeschool en Eastein, dat út de sechtjinde iuw komt.

Nammen

Plaknammen

Hast eltse lânboumienskip hie ien of mear mieden. Troch it ferbetterjen fan it ôfwetterjen en diken koene dêr ek doarpen of buorskippen ûntstean, lykas:

De Miedleane by Koarnwert is in reed dat nei it lân yn de Polder Koarnwert rint

Famyljenamme

  • Miedema

Sjoch ek