Apûlje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L defsort
L st
Rigel 16: Rigel 16:
'''Apûlje''' (Italjaansk: ''Puglia'') is in [[Italjaanske Regio’s|regio]] yn Súdeast-[[Itaalje]], oprjochte yn [[1861]]. Apûlje leit noardwest fan en mei de hakke fan de [[Apennynske Skiereilân|Lears fan Itaalje]], oan de [[Adriatyske See]] ([[Strjitte fan Otranto]]) en de [[Ioanyske See]] (ûnder oare [[Golf fan Tarente]]) op sa'n 80 kilometer fan de kust fan Albany. Apûlje is de meast eastlike regio fan Itaalje. De haadstêd is [[Bary (stêd)|Bary]].
'''Apûlje''' (Italjaansk: ''Puglia'') is in [[Italjaanske Regio’s|regio]] yn Súdeast-[[Itaalje]], oprjochte yn [[1861]]. Apûlje leit noardwest fan en mei de hakke fan de [[Apennynske Skiereilân|Lears fan Itaalje]], oan de [[Adriatyske See]] ([[Strjitte fan Otranto]]) en de [[Ioanyske See]] (ûnder oare [[Golf fan Tarente]]) op sa'n 80 kilometer fan de kust fan Albany. Apûlje is de meast eastlike regio fan Itaalje. De haadstêd is [[Bary (stêd)|Bary]].
Yn it súdlikste diel fan Apûlje, yn de omkriten fan [[Salento (streek)|Salento]] wurdt in protte wyn ferboud werûnder de ferneamde [[Negroamaro]] en Primitivo. Yn Apûlje wurdt fan Itaalje ek de measte [[olyf|oliven]] produsearre.
Yn it súdlikste diel fan Apûlje, yn de omkriten fan [[Salento (streek)|Salento]] wurdt in protte wyn ferboud wêrûnder de ferneamde [[Negroamaro]] en Primitivo. Yn Apûlje wurdt fan Itaalje ek de measte [[olyf|oliven]] produsearre.


== Nijsgjirrichheden ==
== Nijsgjirrichheden ==

De ferzje fan 1 aug 2020 om 00.55

Apûlje
Flagge Wapen
Nog geen vlag
(Details)
Nog geen wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Bary
Oerflakte 19.000
Befolking 4.000.000
Befolkingstichtens 210
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Calvo: 1050
Oantal gemeenten 258
Provinsjes Bary, Barletta-Andria-Trani, Brindisy, Foggia, Lesse, Tarente

Apûlje (Italjaansk: Puglia) is in regio yn Súdeast-Itaalje, oprjochte yn 1861. Apûlje leit noardwest fan en mei de hakke fan de Lears fan Itaalje, oan de Adriatyske See (Strjitte fan Otranto) en de Ioanyske See (ûnder oare Golf fan Tarente) op sa'n 80 kilometer fan de kust fan Albany. Apûlje is de meast eastlike regio fan Itaalje. De haadstêd is Bary.

Yn it súdlikste diel fan Apûlje, yn de omkriten fan Salento wurdt in protte wyn ferboud wêrûnder de ferneamde Negroamaro en Primitivo. Yn Apûlje wurdt fan Itaalje ek de measte oliven produsearre.

Nijsgjirrichheden

It toeristyske sintrum fan de regio leit yn it uterste noarden op it skiereilân Gargano. Hjir lizze de ferneamde badplakken Fieste, Peskisy en Mattinata. De moaiste keunststêd fan de regio is Lese, dat beskôge wurdt as ien fan de wichtichste barokstêden fan de wrâld. Te súdwesten fan Bary leit Alberobello mei syn bysûndere trully. Dizze wite rûne huzen mei harren kegelfoarmige dakken hawwe dit plak in soad bekendheid jûn.

It binnenlân op de grins mei de regio Basilikata, de Murge is woest, keal en tige tin befolke. De kuststripe tusken Barletta en Brindisy is it tichtst befolke diel fan Apûlje en tige yndustrialisearre.

Provinsjes en wichtichste stêden

Provinsje Ofkoarting Haadstêd Wichtichste plakken
Bary BA Bary Molfetta, Monopoly, Altamura
Barletta-Andria-Trany BT Barletta, Andria, Trany Kanosa di Puglia, Biskegly
Brindisy BR Brindisy Ostuny, Fasano
Foggia FG Foggia Manfredonia, Serignola, Lusera
Lesse LE Lesse Gallipoly, Nardò
Tarente TA Tarente Martina Franka, Grottagly

Foto's

De Murge
Castel del Monte
Gargano


Keppeling om utens

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje