Izaäk (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
st
L (st)
L (st)
[[File:Isaac Cigoli.jpg|thumb|300px|It offerjen fan Izaäk (Isaac Cigoli)]]
'''Izaäk''' ([[Hebrieusk]]: יִצְחָק; betsjutting: hy laket) wie neffens it [[Bibel|bibelboek]] [[Genesis]] de soan fan [[Abraham (aartsfaar)|Abraham]] en [[Sara (aartsmem)|Sara]]. Hy troude mei [[Rebekka]] en de heit fan [[Jakob (aartsfaar)|Jakob]] en [[Ezau]]. Oer Izaäk wurdt minder in de Skrift skreaun as oer Abraham en syn soan Jakob. Hy waard pas berne doe't Abraham al 100 jier en Sara al oer de 90 wie en stoar yn 'e âldens fan 180 jier. Izaäk hie in healbroer: [[Ismael]].
 
Fan de trije aartsfaars libbe Izaäk it langst. En oars as Abraham en Jakob bleau Izaäk altiten yn it lân [[Kanaän (gebiet)|Kanaän]] wenjen. Yn tsjinstelling ta syn heit Abraham en syn soan Jakob hold Izaäk altiten deselde namme.
[[File:James Jacques Joseph Tissot - Rebecca Meets Isaac by the Way - Google Art Project.jpg|thumb|left|250px|Rebekka moetet Izaäk ([[James Tissot]])]]
==== Rebekka ====
Nei de dea fan Sara stjoerd Abraham syn tsjinner, nei alle gedachten deselde man as Eliêzer út Genesis 15:2, nei it lân dêr't Abraham weikaam. Hy krige de opdracht om dêr in frou foar Izaäk te sykjen, om't Abraham leaver net in Kanaänityske frou foar Izaäk hie. By de stêd Haran oankommen, bidde de tsjinner by in wetterput om in teken te jaan hokker frou foar Izaäk ornearre wie. De frou dy't him en syn kamielen te drinken jaan soe, soe dan de frou wêze moatte dy't de Heare oanwiisd hie foar Izaäk. Hy wie noch niet klear mei syn gebed en dêr kaam al in frommiske de stêd út. Hja joech de man te drinken en dêrnei sei se dat se mear wetter helje soe om ek de kamielen te drinken te jaan. Har namme wie Rebekka en it die blieken dat it in pakesizzer wie fan Nachor, de broer fan Abraham. Doe't har heit Bêtuel en har broer Laban begrepen dat de saak "fan de Heare útgyng", joegen hja tastimming om Rebekka mei te nimmen en de frou te wurden fan Izaäk. Nei in lange tocht kaam de karavaan tsjin de jûn oan en Rebekka seach de doe fjirtichjierrige Izaäk al yn it fjild de karavaan yn 'e mjitte kommen. Hja die neffens gebrûk in sluier foar en nei't de tsjinner Izaäk op de hichte stelde, naam Izaäk Rebekka mei de tinte fan Sara yn en naam har dêr. Rebekka waard syn frou en hy krige har leaf. Oars as Abraham en Jakob hie Izaäk mar ien frou en fierder gjin byfrouwen (Genesis 24).
 
==== Jakob en Ezau ====
12.645

bewurkings

Navigaasjemenu