Esmée van Eeghen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 8: Rigel 8:
Har broer Dave gie yn it ferset en ek Esmée rekke dêrby belutsen troch har freon Henk Kluvers. Beide wienen faak yn Ljouwert om ûnderdûkplakken foar Amsterdamske studinten dy't de loyaliteitsferklearring wegeren te tekenjen, te regeljen. De oerfal op it Arbeidsburo op it [[Saailân]] yn Ljouwert op 25 july 1943 die har besluten om yn Fryslân te bliuwen.
Har broer Dave gie yn it ferset en ek Esmée rekke dêrby belutsen troch har freon Henk Kluvers. Beide wienen faak yn Ljouwert om ûnderdûkplakken foar Amsterdamske studinten dy't de loyaliteitsferklearring wegeren te tekenjen, te regeljen. De oerfal op it Arbeidsburo op it [[Saailân]] yn Ljouwert op 25 july 1943 die har besluten om yn Fryslân te bliuwen.


De regionale [[Lanlike Knokploegen|Knokploech]] (KP)-lieder [[Krijn van der Helm]] sette Elly of Sjoerdsje, sa't hja yn it ferset hjitte, yn't earstoan yn as koerierster, mar dwaandewei die hja hieltyd gefaarliker wurk, sa as it bringen fan Joadske ûnderdûkers en alliëerde piloaten nei ûnderdûkadressen. Esmée rekke net gau fan it sintrum sa't it like. [[Piet Oberman]], dy't yn de simmer fan 1944 Krijn van der Helm opfolge as KP-lieder yn Fryslân ferklearre nei de oarloch:
De regionale [[Lanlike Knokploegen|Knokploech]] (KP)-lieder [[Krijn van der Helm]] sette Elly of Sjoerdsje, sa't hja yn it ferset hjitte, yn 't earstoan yn as koerierster, mar dwaandewei die hja hieltyd gefaarliker wurk, sa as it bringen fan Joadske ûnderdûkers en alliëerde piloaten nei ûnderdûkadressen. Esmée rekke net gau fan it sintrum sa't it like. [[Piet Oberman]], dy't yn de simmer fan 1944 Krijn van der Helm opfolge as KP-lieder yn Fryslân ferklearre nei de oarloch:
'Esmée wie tige goed op de hichte fan alles dat de fersetsbeweging yn Fryslân oanbelange en hja hie kunde oan in protte liedingjaande yllegale persoanen yn oare provinsjes mei wa't hja as haadkoerierster kontakt hie. Hja wie by ferskate wichtige petearen op it haadkertier fan de KP, doetiids fêstige yn it hûs fan de hear Harm Kingma, direkteur fan in timmerfabryk yn Ljouwert, en syn wiif Annie. Hielendal allinnich rêde hja mei ûnder oaren wapentransporten nei Limburch en Amsterdam.'
'Esmée wie tige goed op de hichte fan alles dat de fersetsbeweging yn Fryslân oanbelange en hja hie kunde oan in protte liedingjaande yllegale persoanen yn oare provinsjes mei wa't hja as haadkoerierster kontakt hie. Hja wie by ferskate wichtige petearen op it haadkertier fan de KP, doetiids fêstige yn it hûs fan de hear Harm Kingma, direkteur fan in timmerfabryk yn Ljouwert, en syn wiif Annie. Hielendal allinnich rêde hja mei ûnder oaren wapentransporten nei Limburch en Amsterdam.'



De ferzje fan 11 jul 2020 om 18.50

Esmee van Eeghen
(foto: Kolleksje NIOD; fotograaf ûnbekend)

Esmée Adrienne van Eeghen (Amsterdam, 7 july 1918 - Paddepoel, (gemeente Noarddyk (Grinslân)), 7 septimber 1944) wie in Nederlânske fersetsstriidster yn de Twadde Wrâldkriich. Van Eeghen jildt as kontroversjeel omdat hja in ferhâlding mei in Dútske offisier oangie. Dochs is it in feit dat hja in grutte rol yn it ferset spile hat, benammen yn Fryslân, in rol dy't har lang om let needlottich wurden is fanwegen har ferheftich leafdeslibben.

Jeugd

Esmée wie in dochter fan Reginald van Eeghen, direkteur fan de Amstel-brouwerij, en jonkfrou Minette Adrienne van Lennep, better bekend as Miesje van Lennep. Esmée hie in twa jier jongere broer, Dave. Sy hie in moaie, beskerme jeugd ek nei de skieding fan har âlden doe't hja acht jier wie. Har heit stoar yn 1936 yn San Fransisko; har mem troude opnij mei Alphert baron Schimmelpenninck van der Oye, fan wa't hja in tredde bern krige, Sander.

Ferset

Har broer Dave gie yn it ferset en ek Esmée rekke dêrby belutsen troch har freon Henk Kluvers. Beide wienen faak yn Ljouwert om ûnderdûkplakken foar Amsterdamske studinten dy't de loyaliteitsferklearring wegeren te tekenjen, te regeljen. De oerfal op it Arbeidsburo op it Saailân yn Ljouwert op 25 july 1943 die har besluten om yn Fryslân te bliuwen.

De regionale Knokploech (KP)-lieder Krijn van der Helm sette Elly of Sjoerdsje, sa't hja yn it ferset hjitte, yn 't earstoan yn as koerierster, mar dwaandewei die hja hieltyd gefaarliker wurk, sa as it bringen fan Joadske ûnderdûkers en alliëerde piloaten nei ûnderdûkadressen. Esmée rekke net gau fan it sintrum sa't it like. Piet Oberman, dy't yn de simmer fan 1944 Krijn van der Helm opfolge as KP-lieder yn Fryslân ferklearre nei de oarloch: 'Esmée wie tige goed op de hichte fan alles dat de fersetsbeweging yn Fryslân oanbelange en hja hie kunde oan in protte liedingjaande yllegale persoanen yn oare provinsjes mei wa't hja as haadkoerierster kontakt hie. Hja wie by ferskate wichtige petearen op it haadkertier fan de KP, doetiids fêstige yn it hûs fan de hear Harm Kingma, direkteur fan in timmerfabryk yn Ljouwert, en syn wiif Annie. Hielendal allinnich rêde hja mei ûnder oaren wapentransporten nei Limburch en Amsterdam.'

Swierrichheden

Doe't Esmée, guonts omskriuwe har as nymfomane, ferhâldingen krige mei ferskillende fersetsminsken, ûnder oaren mei Krijn van der Helm, dy't troud wie en heit fan ien bern, ûntstiene swierrichheden. It gong folslein mis doe't Esmée, hjitten troch it ferset, kontakt sykje moast mei de SD (Sicherheitsdienst). Esmée rekke nammentlik fereale op in Dútske offisier, Hans Schmälzlein, Oberzahlmeister by it Verpflegungsamt yn Grins en gie by him yn. Dat strykte net mei har rol yn it ferset.
Krijn van der Helm hat sein dat Esmée fan him kontakt mei Dútske offisieren sykje moast. Dat seit Pieter Wijbenga ek, lid fan de KP yn Ljouwert. Hy en Krijn woenen Esmée ynsette om twa SD’ers nei Makkum te lokjen dêr't se deasketten wurde soene. Troch omstannichheden waard dit neat. Der binne ek oare eardere KP’ers dy't sein hawwe dat Esmée spionearre yn opdracht fan Krijn. Guonts sizze dat hja sa ynformaasje oer har broer Dave besocht te krijen, dy't oppakt wie doe't er mei in fiskersboat út IJmuiden wei nei Ingelân besocht te kommen. Dave stoar koart foar de befrijing yn Bergen-Belsen.

Ferrie

Op 15 july 1944 wie der in oarfal fan de Dútsers op haadkertier fan it ferset en hja fûnen in tal wichtige dokuminten. Esmée waard net mear fertroud en kaam foar in feemgerjocht dat har ta de dea feroardielje woe. Krijn van der Helm naam it foar har op, dat it gerjocht joech har de kar: út Ljouwert weigean of deasketten wurde. Undersyk hat letter bliken dien dat hja nimmen ferret, mar dat de ferwûne fersetsman Ben de Vries by in SD-ferhoar trochslein wie.

Esmée gie út Ljouwert wei en dûkte ûnder by har mem. De SD socht har en fertroude har ek net. Esmée har saneamde freondinne An Jaakke hat har ferret, dat hja waard oppakt troch de SD op 8 augustus 1944. De SD besocht har om te draaien, mar dêr is se net op yngien. It is net dudlik wat hja presys tsjin de SD sein hat, mar op de jûn fan 7 septimber 1944 waard sy mei Luitje Kremer, 24 jier en lid fan de KP Noard-Drinte foar in fjoerpeleton set en deasketten. De oare deis waard sy yn it Van Starkenborghkanaal fûn. Esmée leit yn Baarn begroeven.

De byldfoarming

Van Eeghen har grêf yn Baarn

De mienings oer Van Eeghen hawwe lange tiid ferdield west. Hja waard wol as dûbelspionne sjoen, in soarte fan Mata Hari dy't it ferset yn Ljouwert ferret hawwe soe. Ek de dea fan Krijn van der Helm, dy't troch de SD'er Pieter Johan Faber yn Amersfoart deasketten waard is wol oan har taskreaun. Bewiis is der lykwols nea foar fûn. It is wol sa dat de losse manear fan libjen fan Van Eeghen troch de fersetslju yn Ljouwert net altyd goed begrepen wurden is.

De figuer Silvia yn it boek Reis door de nacht fan Anne de Vries is loswei basearre op Esmée van Eeghen; Paul Verhoeven syn heldinne Rachel Stein yn de film Zwartboek ek. De musical Esmée fan komponist Theo Loevendie en librettist Jan Blokker giet oer har affêre mei Hans Schmälzlein en de NCRV bestege omtinken oan Van Eeghen yn de rige Wonderlijke Wege.

Literatuer

  • Loe de Jong, Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog 1939-1945, diel 7: Tweede helft (De Haach 1976).
  • Pieter Wijbenga, Bezettingstijd in Friesland, diel 2: Met de rug tegen de muur (Ljouwert 1978).
  • Ageeth Scherphuis en Anita van Ommeren, De oorlog van Esmée van Eeghen (Amsterdam 1988).
  • Jan Meyers, Het lijk in het Van Starkenborghkanaal, Maatstaf 42 (1994) nr. 11/12, 46-55.
  • Ype Schaaf, Dodelijke dilemma’s in het Friese verzet. Het veemgericht en Esmeé van Eeghen (Frjentsjer 1995).
  • Arnold Karskens, Beest contra beauty, De Pers, 5-12-2011.
  • Jan Meyers, Esmée. Een vrouw in oorlogstijd (Soesterberch 2011).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl:, Esmée van Eeghen
  • Tresoar, Ljouwert

Keppelings om utens