Sahara: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L oare betsj
L st
 
Rigel 22: Rigel 22:


== Klimaat, lânskip en geology ==
== Klimaat, lânskip en geology ==
De Sahara is tige skrok en der falt trochstrings minder as 100 milimeter [[rein (delslach)|rein]] yn't jier. Mar in lyts part, amper 20% fan de woastyn, bestiet út karakteristike sândunen. It grutste part bstiet út rotseftige gebieten. Op guon plakken yn de woastyn komt drinkwetter nei it oerflak, dizze plakken wurde [[oaze]]s neamd.
De Sahara is tige skrok en der falt trochstrings minder as 100 milimeter [[rein (delslach)|rein]] yn 't jier. Mar in lyts part, amper 20% fan de woastyn, bestiet út karakteristike sândunen. It grutste part bstiet út rotseftige gebieten. Op guon plakken yn de woastyn komt drinkwetter nei it oerflak, dizze plakken wurde [[oaze]]s neamd.


Yn it midden fan de woastyn leit de [[Tsjaadmar]], de grutste swietwettermar fan de Sahara.
Yn it midden fan de woastyn leit de [[Tsjaadmar]], de grutste swietwettermar fan de Sahara.

De hjoeddeiske ferzje sûnt 10 jul 2020 om 03.27

De Sahara leit yn Noard-Afrika
Dizze side giet oer de woastyn yn Noard-Afrika. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sahara (betsjuttingsside).

De Sahara is de grutste woastyn op ierde. It beslacht in grut part fan Noard-Afrika en strekt him út fan it westen oan de Atlantyske kust oant de Reade See yn Egypte. Aan de noardside wurdt it begrinzge troch de Middellânske See en it Atlasberchtme. De súdlike grins wurdt foarme troch de Sahel, in gebiet dat in bytsje begroeid is.

De namme Sahara komt fan it Arabyske wurd sahra, dat woastyn betsjut.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oerflak fan de Sahara is om-ende-by 9 miljoen km² grut en beslacht alhiel of foar in part:

Yn it suden fan de Sahara leit in stripe lân, de Sahel neamd, dat in oergongsgebiet foarmet.

Klimaat, lânskip en geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sahara is tige skrok en der falt trochstrings minder as 100 milimeter rein yn 't jier. Mar in lyts part, amper 20% fan de woastyn, bestiet út karakteristike sândunen. It grutste part bstiet út rotseftige gebieten. Op guon plakken yn de woastyn komt drinkwetter nei it oerflak, dizze plakken wurde oazes neamd.

Yn it midden fan de woastyn leit de Tsjaadmar, de grutste swietwettermar fan de Sahara.

Klimaat skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sahara is hjoeddedei in grutte woastyn, mar dat hat net altyd sa west. Yn it Pleistoseen en it Holoseen bestie it gebiet noch foar it grutste part út Savanne, en koenen der in protte plantesoarten waakse. Yn dizze tiidrekken wie it foar de minske goed toevjen en libbe doe as samler en jager. Nei alle gedachten hawwe oaljefanten, bavianen, kateftigen ensfh. der noch libbe oant en mei it neolitikum, en oant en mei in miljoen jier tebek waaksten der noch planten dy't wy tsjintwurdich allinnich yn wiete, fochtige gebieten of sels yn de tropen fine.

Yn de Sahara wurde resten werom fûn fan ferskate minsklike rassen, bygelyks de Homo habilis en de Homo australiphithecus, fermoedlik libben sy goed fiif miljoen jier lyn.

Mei it kommen en gean fan de iistiden feroare it klimaat, benammen de delslach en dêrmei betiden ek de begroeiïng. Stadichoan krige de Sahara it uterlik dat tsjintwurdich oantroffen wurdt yn de Frânske Provence, en noch letter waard it gebiet sa as wy it tsjintwurdige kinne, in skrokke, sânige of rotsige flakte mei amperoan begroeiïng.